Schrijfster Karen Bies kan zo door naar Macedonië

Foto: Liwwadders
(tekst: Tresoar – onderin Elske Schotanus)
LJOUWERT – Foar it literêre útwikselingsprojekt Other Words/Oare Wurden siket Tresoar nei in Fryske skriuwer dy’t de útdaging oandoart om acht wiken lang yn Masedoanië te wenjen en te wurkjen.
It projekt Other Words/Oare Wurden (http://otherwordsliterature.eu/) is in ynternasjonaal literêr útwikselingsprojekt. Doel is om in netwurk op te bouwen fan skriuwers yn lytse- en minderheidstalen yn Europa. Njonken Fryslân dogge ek Baskelân, Ierlân, Slovenië en Masedoanië mei oan it projekt. Der gie al earder in Fryske skriuwer nei Masedoanië. Ek ferbleaune der al Fryske skriuwers yn San Sebastián (Baskelân), Belmullet (Ierlân) en Maribor (Slovenië) en ferwolkomme Ljouwert al sân bûtenlânske skriuwers.
Hjoed begjint de seleksjeproseduere foar it folgjende ferbliuw: in Fryske auteur mei fan septimber 2018 ôf acht wiken nei Masedoanië om ynspiraasje op te dwaan, te (net)wurkjen en diel te nimmen oan kulturele aktiviteiten. Hy of sy docht dêrfan ferslach yn blogs. Foar dit útdaagjende karwei siket Tresoar in skriuwer of skriuwster mei in goed plan, de nedige ûnderfining yn de literêre wrâld en in sûne doasis moed. it ferbliuw moat resultearje yn in literêr wurk fan maksimaal 5000 wurden, yn it Frysk. Dat wurk wurdt oerset yn fiif talen foar publikaasje op de webside fan Oare Wurden/Other Words en yn in boekwurk.
Oant 24 augustus is er de mooglikheid om in foarstel yn te tsjinjen. De skriuwer (m/f) fan it bêste foarstel reizget heal septimber nei Masedoanië ôf. Foar ûnderdak wurdt soarge, en der is in honorarium en fergoeding fan de ferbliuws- en reiskosten beskikber.
Klik hjir foar in wiidweidige omskriuwing fan de funksje en mear ynformaasje oer it seleksjeproses.
Mear ynformaasje oer Other Words/Oare Wurden is te finen op www.oarewurden.frl.
It projekt Other Words/ Oare Wurden wurdt útfierd troch Tresoar (http://www.tresoar.nl) , yn opdracht fan de provinsje Fryslân. It projekt is ûnderdiel fan it LF2018 (https://www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad) -programma Lân fan Taal (https://lanfantaal.nl) , dat as doel hat doel om Fryslân as publyks- en kennissintrum foar meartaligens te posisjonearjen.
Mochten jo mear ynformaasje ha wolle oer dit projekt, dan kinne jo kontakt opnimme mei Tresoar, projektlieder fan Other Words/Oare Wurden yn Fryslân, fia ûndersteande kontaktgegevens.
Meer berichten
- ‘Lokale financiering is de sterkste vorm van onafhankelijkheid’
- Politieke onrust kost Europa miljarden. Nederland uitzondering
- De onfeilbare mens van de linkse systeemkerk
- Vakantiepark De Kleine Wielen schenkt drie gezinnen een volledig verzorgde vakantieweek
- 50 jaar correspondent in Brussel: Wat ik van Europa opstak
- Even overweeg ik te zeggen dat het niet te koop is omdat ik het eerst zelf wil lezen. Maar ik begin als beginnend boekverkoper al een beetje aan beroepsdeformatie te lijden en verzin een prijs zodat de man het kan kopen.
- 1 op de 8 woningen opnieuw te koop tegen lagere vraagprijs
- Economische zelfmoord door energietransitie?
- Liefhebbers Italië past vakantie aan door sterk stijgende prijzen
- Cultuurexplosie ART Leeuwarden 22 augustus
- Het afgelopen kwartaal kwamen er in het openbaar bestuur 6 duizend banen bij, in de cultuur, recreatie en overige diensten 4 duizend
- Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
- Eatcorner Potmarge: Ja, je mutte wat met de tyd met
- Watertekort? Zorgvuldigheid wordt een alibi om niet te hoeven kiezen
- Max van der Velde: Leeuwarden heeft de boot gemist
- Tienduizenden vierkante meters vergeten stadsruimte bieden kansen voor vergroening
- We drinken minder bier – Brouwers klagen
- Vakkenvuller, horeca- en verkoopmedewerker ook in zomer meest voorkomende jongerenberoepen
- 9 op de 10 volwassenen vinden het leven de moeite waard
- De burgemeester van Leeuwarden heeft een verstandige vrouw
- Anke van den Hurk nieuwe eigenaar The Friezinn in Westhoek
- Speciaalbierkafee It Wapen fan Fryslân Oentsjerk: Als de meute naar rechts gaat, dan gaan wij naar links
- De val van minister Dennis Wiersma: was dit een incidenteel conflict of een structurele sabotage vanuit de ambtenarij?
- Jelle en Tineke Pietersma van snackbar De Centrale: Als iets goed is dan hou ik dat vast
- Gratis street art speurtocht
- GroenLinks/PvdA Leeuwarden wil geen vervuilende reclame zoals gokken, vliegen en fossiele industrieën
- Potmargegebied onder druk – Piet Berndes: ‘Als je dat doet, komt er opstand’
- Wat gebeurde er precies op zaterdagavond 28 januari, de avond die zo feestelijk had moeten verlopen?
- Sociale veiligheid op werkvloer: cursusje is niet genoeg
- Jan de Boer: een vreemde eend aan het Vliet – voedselbank is schandalig
- De BBB-partijtop kan alleen nog toekijken hoe de partij langzaam leegloopt
- Ambtenaar: Je moet een plan groot maken, heeeel groot
- Kin it kolleezje oanjaan op hokker wize yn ús gemeente it Jabikskrûd gemeentlik bestride wurdt?
- Psy-Fi: gemeente Leeuwarden stapelde fout op fout
- Terwijl je varkens- en hondenstaarten al lang niet meer mag couperen, is het verminken van bomen nog altijd toegestaan
- Ik word echt gelukkig van onnutte weetjes, merk ik (nu met beeld)
- Salarisverhoging voor bestuurders Leeuwarden: burgemeester krijgt er ruim 300 euro bij – wethouders krijgen 11.025,76 per maand
- ‘We zijn een gematigd dorp’
- Jitske Kingma: Twintig jaar geleden werd Print on demand nog niet serieus genomen
- Journalistiek die voortdurend probeert te overtuigen, houdt op journalistiek te zijn




