Raad van Friese Beweging: Is alles rond SNN al in kannen en kruiken?
(tekst: Ried fan de Fryske Beweging)
Oan de leden fan Provinsjale Steaten
fan Frysl�n
Ljouwert, 2 desimber 2011
Achte Steateleden,
De Ried fan de Fryske Beweging hat kennis nommen fan it stik �Frysl�n en de Noordlijke samenwerking� dat Deputearre Steaten oan de provinsjale steaten foarlizze foar besprek op 7 desimber. De steaten moatte in kar meitsje foar brede of smelle gearwurking yn noardlik ferb�n en har �tsprekke oer it plak fan de SNN.
Yn de notysje dy�t de DS oan de steateleden takommen litte soene jo in �fwaging ferwachtsje fan de foars en tsjins fan de foarmen fan gearwurking. Dat falt bot �f want it liket hast wol dat DS al in kar makke hat en yn de notysje besykje wol de steateleden te oertsj�gjen dat der foar in brede gearwurking keazen wurde moat. Hoe moat oars in sin lykas dizze begrepen wurde: ‘Voor noordelike samenwerking betekent dit vanuit het besef dat alle partijen per saldo meer te winnen dan te verliezen hebben bij samenwerking’. Sterker noch: de yndruk wurdt j�n as is de brede gearwurking al lang oan �e gong. Hoe kin oars dit sitaat �tlein wurde: �Waar overigens nog een definitief besluit over genomen moet worden�. Of dizze: �Naast de SNN neemt Frysl�n ook nog deel aan andere vormen van samenwerking�. Is alle alles yn kannen en kruken en meie de steaten efter�f de brede gearwurking noch goedkarre?
De Ried wol foarop stelle dat hy net tsjin gearwurking is, mar der moat dan wol foldwaande �fwoegen w�ze wat de foar- en neidielen binne en wat de mearwearde foar Frysl�n is lykas in moasje fan de steaten dat yn 1992 f�stlein hat. D�rom wol de Ried it folgjende opmerke:
1. Der wurdt bot klage dat der sa�n bytsje heechweardige wurkgelegenheid is yn Frysl�n en dat wy hjir d�rom gjin k�ns sjogge om �s eigen jongerein f�st te h�lden en de studinten dy�t op ien fan de Fryske hegeskoallen har oplieding dien ha gjin passende banen biede kinne. De Ried is fan miening dat de noardlike gearwurking �per saldo� ferlies oan heechweardige banen oplevere hat, om yn de terminology fan de notysje te bliuwen. It is bekend dat it festigingsplak fan gearwurkjende organen yn de trije noardlike provinsjes hast automatysk nei Grins komt. D�r komme dan ek de bedoelde heechweardige wurkplakken tel�ne. In njonkenfestiging docht dan noch wat �tfierend wurk mar sil by in folgjende reorganisaasje ek nei Grins ferdwine. Foarbylden binne it Kadaster, it MKB-Noord, VNO-Noord en de Keamer fan Keaphannel. W�rom moat Frysl�n mei Grinsl�n en Drinte ien Keamer fan Keaphannel ha wylst Limboarch en Brab�n eigen kantoaren ha? Ek Justysje driget �t Frysl�n te ferdwinen.
2. It provinsjebestjoer hat der foar keazen om selsstannich te bliuwen en wol perfoarst net ta op in l�nsdielich bestjoer, mar hoe mear der gearwurke wurdt hoe earder dat l�nsdiel der komt. Jo kinne wol in f�ke ynswimme mar net wer der�t. Gearwurking betsjut tagelyk jo eigen bewegingsfrijheid nei oaren ta beheine. Yn de notysje stiet amper wat oer gearwurking binnen de provinsje tusken de provinsje, gemeenten en wetterskippen Frysl�n. Dy mienskiplike tsjinsten d�r�t de notysje it oer hat kinne ek wol yn Frysl�n realisearre wurde. It wol der by de Ried net yn dat mei it leger oan amtners yn de Fryske gemeenten en de provinsje der net foldwaande spesjalismen w�ze kinne soene. Is d�r net in protte winst te heljen yn plak fan jo sa f�st te binen oan twa buorprovinsjes? Dan bliuwt de brede wurkgelegenheid tenminste yn de provinsje. Lizze der ek net belangen foar Frysl�n yn Flevol�n en Noard Holl�n? Tink yn it l�ste gefal oan de kontakten dy�t der al binne oer it Waad en resint oer de Ofsl�tdyk.
3. It docht op syn minst frjemd oan dat jo as provinsjaal bestjoer al desennia lang stribje nei mear autonomy en mear foech oer bygelyks it �nderwiis en dat jo dan mei in brede gearwurking �t josels in stik foech �t hannen jouwe. Ek al sitte jo der sels by mei sokke mienskiplike tsjinsten, jo sille rekken h�lde moatte mei de oare partijen en moatte in stikje autonomy ynleverje. Op side 11 en 12 fan de notysje wurde de opsjes foar gearwurking j�n. De Ried freget him �f wat der dan eins net �nder falle soe. It liket der op dat alles �nder de hoed fan de gearwurking komt. Sels kultuer wurdt der yn neamd. It falt dan neffens de notysje ‘binnen een gemeenschappelijk noordelijk cultuurbelang’. En dus soene de beide oare provinsjes it taal- en kultuerbelied hjir meibepale moatte. Krekt dat mienskiplik kultuerbelang hat der yn de njoggentiger jierren foar soarge dat Frysl�n syn Frysk Orkest en syn eigen konservatoarium kwytrekke (it Hearenakkoard). It stapke nei it l�nsdiel is dan noch mar hiel lyts. Is Frysl�n net m�nsk gen�ch om d�r sels oer te gean?
4. De �nderfining fan de l�ste jierren lit sjen dat it plak fan it Frysk troch de skaalfergrutting, mienskiplike tsjinsten of oare foarmen fan gearwurking yn �e knipe komt. By provinsje oerstiigjende tsjinsten stil der sprake w�ze fan funksjeferlies foar de Fryske taal. De Stenden hegeskoalle is d�r in d�dlike foarbyld fan. Wie yn it ferline de Pabo fan Snits op �tfierend en bestjoerlik nivo folslein twatalich, nei de f�zje mei de skoallen yn Grins en Drinte wie der in stik minder romte foar it Frysk. It is ek opfallend dat der no folle faker klachten by de Ried binnenkomme omdat bellers foar de KfK, de plysje en MKB twongen wurde Holl�nsk te praten foar de tillefoan. It is net om �e nocht dat art 7, d�rt it giet oer de bestjoerlike selsstannigens fan minderheidstaalgebieten, opnommen is yn it H�nf�st. D�rom is yn it BFTK �nder 1.2 ek in folsin setten oer de bestjoerlike ienheid fan de provinsje Frysl�n. Mei de fiergeande brede en mooglik sels f�ste gearwurking �ndergraaft de provinsje sels it rjocht om as selsstannige oerheid bestean bliuwe te kinnen en d�rfoar te pleitsjen op gr�n fan dit artikel �t it H�nf�st.
5. Te lang al lit men him hjir oanprate dat alle heil te ferwachtsjen is fan gearwurking as it giet oer de kontakten mei en de lobby yn Brussel. Oant no ta is �s hjir wiis makke dat as jo wat wolle fan Europa dat soks mei oaren moat. It wurdt tiid dat dy goarre no oer giet. Wa�t de l�den yn Brussel wat kent wit dat it l�n der d�r justjes oars hinne leit. Maurice de Hont hat koartlyn konstatearre op gr�n fan syn �ndersyk dat de �ntwikkelings krekt yn de rjochting fan lytskaligens en benammen fleksebiliteit geane. Oarsaak is fansels mei in reaksje op de fergrutte skalen nei Europees- en wr�ldnivo, foaral op finansjeel en ekonomysk m�d. Gefolch is �.o. dat selsstannige gebieten en st�den binnen de steaten fan Europa, dus ienheden d�r’t noch sprake is fan in sekere kohesy, harren sels fertsjintwurdigje yn Brussel. D�r foar is in grutte skaal yrrelevant. It giet derom dat men fleksibel is en maklik en op koarte termyn saken opsette kin en reagearre kin. D�rom soe in opskaling nei in f�ste gearwurking krekt neidielich wurkje. Wit men hjir wol hoe’t de hazzen rinne yn Brussel? Krekt �t ekonomysk belang moat men wat Brussel oangiet gjin gearwurking oangean mar men moat soargje dat men der sels sit mei minsken dy’t in netwurk ha en krekt witte wa en hoe�t de minsken dy’t der ta dogge benadere wurde moatte .
De SNN wurdt no br�kt �als voertuig voor lobby en verdeling van middelen naar Europa�. It hat der alle skyn fan dat dit middel misbr�kt wurdt foar it foarmjen fan in l�nsdiel troch f�ste en brede gearwurking. It wurdt tiid dat wy yn Frysl�n �s selsbewustens werom krije. Der is kr�ft gen�ch yn de provinsje om de eigen saakjes te regeljen, ek yn Brussel. Werom soene oars tal fan Europeeske gebieten en st�den sels ien of mear eigen lobbyisten yn Brussel sitten ha, ek �t Nederl�n. W�rom ha de trije noardlike provinsjes mei elkoar mar ien lobbyist yn Brussel wylst regio�s lykas Twente en Arnhem/Nijmegen d�r har eigen kantoar ha? En werom hat in st�d as Aalborg d�r syn eigen delegaasje?
De Ried is fan miening dat jo b�st wol wat fertsjinje kinne mei mienskiplike ynkeap fan materiaal. Dat kin wolris jild opsmite. Der sit lykwols in gefaar yn it al te grut meitsjen fan tsjinsten. Skaalgrutte hat syn grinzen as it giet om besunigings. Nei in bepaalde grutte begjinne de kosten wer ta te nimmen. De Ried pleitet der d�rom foar dat per �nderwerp sjoen wurdt mei wa�t gearwurke wurde moat en is der poer op tsjin om stadichoan de f�ke fan it l�nsdiel yn te swimmen.
Heechachtsjend foar de Ried,
Dr. J. van der Bij
(foars. Ried fd Fryske Beweging)
Meer berichten
- Rapport: Rendement hoger onderwijs in Nederland onder de maat
- Het mysterie van de verspeelde onderwijsmiljarden
- Samenwerking bewoners-gemeenten: Wat is dit voor democratie?
- ‘Wetgever moet boetestelsel herzien voordat rechtspraak overbelast raakt’
- Explosieve groei datacenters in Nederland zet stroom, CO₂ en water onder druk
- Opnieuw investeren minder bedrijven in verduurzaming
- Een politieagent die ziet hoe tegen een politieauto wordt geschopt, hoeft niet eerst een sociologische analyse te maken
- Helft Nederlanders verlangt naar eenvoud op vakantie: luxe minder belangrijk
- Weer minder nieuwbouwwoningen verkocht
- Drie decennia eilandleven Schiermonnikoog door Dick Kool
- Volksvertegenwoordigers leggen verantwoording af en mogen stevig worden bevraagd. Maar ergens zijn we de grens gaan overschrijden
- Ik zie het al voor me, iemand die een moestuin om zeep helpt met Round-up
- George Pars Graanhandel Hofleverancier
- Op naar wonen zonder winstoogmerk – SP-wet aangenomen
- Na het vonnis over het Fotomuseum begint de echte bestuursvraag
- Goed nieuws: we zijn Europees kampioen zitten!
- Bijna 22 miljoen zomervakanties in 2025, Frankrijk populairste bestemming
- ‘Consumenten moeten risico’s van goedkope buitenlandse aankopen kennen’
- Online supermarkt Crisp neemt bedrijfslunch-aanbieder De Buurtboer over
- En wat helemaal geweldig zou zijn dat ook de (school)jeugd van pakweg 10 tot 18 jaar van zich doet spreken (Wij zoeken dichters)
- Onderzoek Humanitas: Kwart Nederlanders ontdekt eenzaamheid vaak pas als het te laat is
- Onderzoek: Mannen geven vaker toe om discussies te voorkomen
- Economisch beeld minder negatief in juni – Meer export en consumptie huishoudens, minder investeringen
- Nije skriuwersbeurs foar talintfolle Fryske skriuwers
- Gemeente kiest voor de platte kabel van Flatpower. Waarom?
- Ongekende aanval op de onafhankelijke journalistiek van De Orkaan
- Klein coronanieuws en andere zaken – Raad borrelt bij Jonker Sikke – Liander zet bedrijven Ruiterskwarier van het stroom – Gluren bij de Buren valt bij The Saint in het water – Besluit over ROL had niet genomen mogen worden – Plantenwand legt het loodje – Rapen gaar nu Fries op site dreigt te verdwijnen
- Foort van Oosten gaat genieten en hard zijn best doen na krijgen van groot cadeau
- Proef met afhaalpunten voor kranten op eilanden gestart
- Docent Griekse en Latijnse taal Ninah Tiemersma Alumnus van het Jaar 2026
- Zorgverzekeraars willen dat de opslag op de premie verdwijnt voor mensen die langdurig hun premie niet kunnen betalen
- Gerben Dijkstra lijsttrekker Volt voor grensoverstijgende oplossingen
- Goedkoop trouwen? Dan naar Harlingen
- Inwoners gemeente Leeuwarden positief over Wmo-ondersteuning
- Open brief Landbouwnatuur over stikstof
- Gemeente Leeuwarden staat stoepladen toe onder voorwaarden
- Oppervlakte aardappelen gedaald naar laagste niveau sinds 2012
- Hein Jaap Hilarides en de Biltske Wassenaars
- Verkeerspsycholoog: Wie denkt dat hij kan appen en rijden overschat zijn brein
- Eva Pennings nieuwe kinderburgemeester – Dalène Ndikumana loco-kinderburgemeester




