Liwwadders
  • Cultuur
  • Politiek
  • Economie
  • Ondernemen
  • Doneer!

Opnieuw een weergaloze poëzieavond in De Bres: Kuiper, Hut, Kampen, Velstra, Kleefstra en De Groot

12 november 2014 Cultuur, Hest ut al hoord?

Leeuwarder Poëzie Avond/Ljouwerter Poëzij Jûn

Op 27 novimber is yn De Bres is in spesjale Fryske ôflevering fan de ‘Leeuwarder Poëzie Avond’. Trije dichters joegen de ôfrûne tiid workshops poëzij yn Tresoar. No bringe se eigen wurk en fertelle ek wat oer har ûnderfiningen mei de workshops • Arjan Hut wie twa jier stedsdichter fan Ljouwert. Syn wurk út dy tiid ferskynde yn de bondel 05|06. Letter kaam Tin (2010). Hut besprekt muzyk foar de Moanne en it Friesch Dagblad. Yn syn workshop hat er de ‘taalsintra wer-skikt om der poëzij út te krijen’. • Elmar Kuiper is aktyf as skriuwer fan gedichten en toaniel. Hy is ek byldzjend keunstner, performer en filmmakker en wurket er sa no en dan as ynfalkrêft yn ’e psychiatry. Hy skriuwt yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Lêste bondels Granytglimkes en Hechtzwaluwen. Taal is foar him ark, datst beslypje kinst. ‘Ik jou in workshop, dêr’t ik jimme fan de wurden priuwe litte wol.’ • Elske Kampen woe yn earder jierren mei tekenjen en skilderjen oan de slach. Mar se kaam út by de taal. Foar har debút Fan glês it brekken krige se de Fedde Schurerpriis. Nijste bondel: Man en mem. Dichtsje is foar Kampen oarderje en harmonij skeppe. De fersfoarm twingt har om ta de essinsje te kommen. Der is ek romte foar kursisten om wurk te bringen op dizze jûn.
Der binne ek oaren dy’t optrede. •
Jan Kleefstra publisearre yn it Frysk de bondel Fragminten. Hy jout yn wurden de sintúchlike delslach fan wat lânskip yn him bewurket, yn keale en abstrakte biten en brokken. Hy kombinearret syn foardracht mei minimalistyske lûden. It gehiel foarmet in ferstille sfear dy’t de romte fan it lege lânskip op ’en nij opropt. • Edwin de Groot syn tredde en lêste bondel ferskynde ferline jier, In hazze is in gelokkich bern / Een haas is een gelukkig kind. By syn foardrachten eksperimintearret er mei in multimediale oanpak, benammen it brûken fan byld. Dat makket him sels ek wer fisueler. Sa ûnderhâldt er syn sjen yn it sykjen om wurden. • Keunstner-fotograaf-dichter Minne Velstra (Reduzum, 1962) sjocht himsels as animearman yn de múzen. Hy is skilder, foarmjouwer en dichter. Op dizze Fryske poëzyjûn sil hy him beheine ta gedichten wer’t lân en see yn gearkomme. It räntsje drek dat fan see en län net wêze kin. Om net hielendal allinnich op it podium te stean, nimt hy meastentiids in skilderij mei as dekor en illustraasje fan syn wurk.

• De muzyk wurdt fersoarge troch Grapefruit Moon mei songs fan Tom Waits. Grapefruit Moon hat dizze jûn keazen foar in akoestyske besetting fan sang, piano, kontrabas, saksofoan en drums. De muzyk past yn de sfear fan poëzij en taalkeunst. De lieten wurde mei ynmoed en evenredich fertolke. • Presintaasje lykas altyd yn hannen fan Melvin van Eldik.

De Ljouwerter Poëzij Jûn
‘De Bres’
Schoolstraat 4
Ljouwert/Leeuwarden
Seal iepen 20:00
Start programma 20:30.
Yntree € 5,–

Jiergong 8, ôflevering 33

Doe mee en doneer knop
Vorige bericht

Ruim baan voor de Friese boer (met stamppotbuffet)

Volgende bericht

Bij vergunning Sinterklaasintocht geen oordeel over ‘Zwarte Piet’

 

Meer berichten

  • Na zijn zeiltocht leefde hij met vier vrouwen: Marie-Therèse, Francoise, Iléana en Véronique. Toen dacht ik, ik word ook zeezeiler (let op: Ode an Udo Kier)
  • Friese versie van Tussen Kitsch en Kunst in het WestCord WTC Hotel
  • Er zit geen greintje humor bij deze politici. Allemaal willen ze het land redden
  • Heb je ook nog belang bij een goedkope buggy, vraag ik als hij afrekent. Maar nee
  • Ik verkoop alleen maar mooie boeken vandaag denk ik blij. Hier had eigenlijk wel een gevulde koek bij gepast
  • Expositie Iraanse kunstenares bij Poespas belicht veiligheid van vrouwen
  • De Jonge Honden belicht in Jeugdstorm het lot van ‘kinderen van foute ouders’
  • Wijkbewoners Huizum-west maken film met Wilde Wijk
  • Gouden Griffel voor De wonderverteller van Lida Dijkstra
  • Popstichting De Ooievaar op website Historisch Centrum Leeuwarden
  • 50.000e bezoeker voor Natuurmuseum
  • Mini-expositie De vogels van Heerkens in het Historisch Centrum Leeuwarden
  • Wim van der Veer – Van Hulsen zei: hang us wat spul op, juh!
  • Nasjonaal Boekewikegeskink De krater ek yn it Frysk
  • Realisatie treinstation Leeuwarden Werpsterhoeke stap dichterbij
  • ‘Tsjerkepaad’ en de expositie van Ernesto Lemke in de Dorpskerk Huizum
  • Waarom waarschuwt niemand burgemeester Crone?
  • Concert Musica Amphion – zondag 30 april 2023
  • Nederlandstalig Popkoor Bilgaard
  • Jan de Boer: Links Leeuwarden sloot ogen voor wooncriminaliteit
  • Peter Karstkarel: Het Fries Museum volg ik niet zo. Het is weinig opwindend
  • Het imago van Leeuwarden lijkt niemand iets te kunnen schelen, anders hadden we allang een beter imago gehad
  • Duo Khojayan/Poortinga – ‘Impressionisme in de Muziek’
  • Concert Holland Baroque – Grote of Jacobijner Kerk Leeuwarden
  • ZONDAG 2 JANUARI – Nieuwjaarswinterwandeling
  • kerstconcert Apollo Ensemble – 30 december 2021 – Doopsgezinde Kerk Leeuwarden
  • Kunstacademie Vredeman de Vries laat weer even van zich horen
  • Ben je op zoek naar een koor?
  • Zaterdag 30 oktober – Nacht van de Nacht in en rond HCL
  • Lezing over modezaak P.S. Bakker – Je mag wel bang zijn, maar niet laf!
  • Verzamelaar, handelaar en fotograaf Rob van Beuningen overleden
  • Meindert Schroor over Leeuwarden in de 16e eeuw
  • Museumbezoek in 2020 met 60 procent gedaald. Noodsteun blijft nodig
  • Op de fiets met Bertus Mulder en Evert Kramer
  • Drie ton extra voor programmering Friese culturele activiteiten
  • RAMEAU CONCERT IN LEEUWARDEN – Betoverende barokmuziek!
  • Zeven fotografen exposeren in de Oranjewijk
  • Verruimde openingstijden Westfries Museum
  • Apollo Ensemble met De smaak van Diaghilev in De Harmonie
  • Bearn Bilker vertelt over het leven van Prinses Maria Louise van Hessen-Kassel
Problemen met verhuurder? Woningtoewijzing? Uitkering? Aanvraag minimaregelingen? Bel snel PEL! 058-2671636 op werkdagen van 14.00-17.30 uur. B.g.g. mail verpel@online.nl

Dat vrouwen uit de architectuur verdwijnen is niet...

22 januari 2026

Het was weer een dolle boel tijdens de...

22 januari 2026

Burgemeester Buma, hoe zit het met ondermijning...

22 januari 2026

ABNAmro: Voor 452.000 woningeigenaren moet het...

22 januari 2026

Stadsblad Liwwadders

Veel Leeuwarders ontvangen elke morgen rond koffietijd onze nieuwsbrief. Die wilt u toch ook niet missen? Het laatste nieuws uit Leeuwarden e.o. elke morgen rond elf uur in uw mailbox.

Lunch mee!

Stadsblad Liwwadders

JA, IK WIL een abonnement op het Stadsblad Liwwadders en ontvang de krant graag een jaar lang in de bus.

Meer informatie

Koken met Klaas

Klaas kasma

Service

  • Liwwadders TV
  • Foto-archief
  • Dossiers
  • Regiolinks

Liwwadders.nl

  • Colofon
  • Contact
  • Privacystatement
  • Disclaimer

Sociale Media

TwitterFacebookYouTube
Copyright 2026 | Liwwadders.nl | Alle rechten voorbehouden.
Uw gegevens op Liwwadders
Liwwadders plaatst functionele en analytische cookies.
Door op 'Akkoord' te klikken geeft u daarvoor toestemming. Lees ook onze Privacystatement. Akkoord
Privacy & Cookies Policy

Privacy Overview

This website uses cookies to improve your experience while you navigate through the website. Out of these, the cookies that are categorized as necessary are stored on your browser as they are essential for the working of basic functionalities of the website. We also use third-party cookies that help us analyze and understand how you use this website. These cookies will be stored in your browser only with your consent. You also have the option to opt-out of these cookies. But opting out of some of these cookies may affect your browsing experience.
Necessary
Altijd ingeschakeld
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. This category only includes cookies that ensures basic functionalities and security features of the website. These cookies do not store any personal information.
Non-necessary
Any cookies that may not be particularly necessary for the website to function and is used specifically to collect user personal data via analytics, ads, other embedded contents are termed as non-necessary cookies. It is mandatory to procure user consent prior to running these cookies on your website.
OPSLAAN & ACCEPTEREN