Liwwadders
  • Cultuur
  • Politiek
  • Economie
  • Ondernemen
  • Doneer!
  • Abonneren

Open brief aan gedeputeerde – Wat jo stimulearje is bloei op dea hout

26 oktober 2012 Actueel

(tekst: ingezonden Eeltsje Hettinga)

Provinsje Fryslân Deputearre fan kultuer, Jannewietske de Vries Underwerp: Fryske literatuer  Titel: “Bloei op dea hout en het laatste woord Fries.” Subtitel: “In oanklacht”

Ljouwert, 26 oktober 2012

Bêste deputearre De Vries,

Yn de nije Kultuernota wurdt útsteld om de Obe Postma- en de Fedde Schurerpriis (foar resp. de bêste oersetting en it bêste literêre debút oer de lêste trije jier) sneuvelje te litten. Jo arguminten om beide prizen oan Blauwe Fedde mei te jaan, binne slaggen yn de loft, want net goed fan feiten ûnderboud. Jo sizze de literatuer stimulearje te wollen, mar troch jo letterebelied spanne jo it hynder achter de wein. In Fryske skriuwer fan kwizekwânsje stelt yn dizzen: “Sa wol ik eins net mear fierder. Miskien moat ik it dêrom mar ris yn it Nederlânsk besykje.”

Mei troch it oersetwurk fan minsken as Klaas Bruinsma, Jarich Hoekstra en tal fan oare Obe Postmapriiswinders is it Frysk by de jierren lâns mear oansjen jûn. Tink oan de slagge oersettingen fan it grutte ’Bommel-wurk’ fan Marten Toonder troch Jarich Hoekstra en Harke Bremer of oan de fernimstige Shakespeare- en Tsjechov-oersettingen fan toanielfrou pur sang, Tryntsje van der Zee silger. En wat te tinken fan de yn it Frysk kwêkjende Donald Duck dy’t by tsientûzenen de toanbank oer gie?

In soartgelikens súksesferhaal jildt foar de wilens tritich jier âlde Fedde Schurerpriis. Mei troch dy priis binne tal fan talinten, fan Harmen Wind oant en mei Jaap Krol djipper yn de Fryske literatuer behelle. Elk fan harren hat op syn/har wize de Fryske literatuer nei in heger nivo tild. Pratend oer it gewicht, de útwurking en it effekt fan dy priis kin ûnder mear dit sein wurde: Sûnder ‘de Fedde’, en dêr stek ik myn hân foar yn it fjoer, hie der bgl. nea in blêd as Kistwurk west, it literêre tydskrift fan Elske Schotanus, Eric Hoekstra en ûnderskreaune.

Mar al dy arguminten telle net foar jo, want jo prestearje it, bêste deputearre, om te sizzen dat “dy prizen net genôch wurdearre wurde, in te lytse bekendheid hawwe en in te min effekt op it literêre fjild en de lêzers.” Dat binne dus slaggen yn de loft; wat mear fjildûndersyk en de feiten hienen jo it tsjindiel sjen litte kinnen. Hawar, hat it al net ris faker bliken dien dat jo net alhiel op ’e hichte wiene mei wat der yn it fjild omgiet? Dan haw ik it net allinnich oer it gegeven dat jo okkerdeis net wisten dat jo provinsje yn it ramt fan jo projekt CH2018 meibetelle oan rapporten fan alderhande rjochtse, folksnasjonalistyske snit, mar ék oer gâns simpeler saken lykas jo sizzen by de útrikking fan ‘de Fedde-2012’ dat “de Rely Jorritsmapriis in priis foar debutanten is.”

Privatisearring

Fan ’t jier hawwe jo de ferantwurdlikheid foar de organisaasje fan beide prizen, dy’t de provinsje NB al yn 2011 útrikke moatten hie, nei Tresoar trochskood, mei as foarnimmen om 1) de útfiering fan it letterebelied “safolle mooglik del te lizzen by ien partij” en 2) in opstapke te meitsjen nei de ‘vermarkting’ fan it prizestelsel, omdat jo de literêre prizeboel net ta “de kearndoelen fan de provinsje” rekkenje.

Wat it earste punt oangiet, dêrfan moat steld wurde dat de macht wol hiel sterk by ien ynstitút te lizzen komt, om it mar net te hawwen oer it gefaar fan alderlei foarmen fan ynstitusjonele repressiviteit. Je sille mar yn tsjok waar reitsje mei it ynstitusjonele skaai… Wat it twadde punt oangiet, dêrby traktearje jo de Fryske literatuer op in sigaar út eigen doaze. De pear luzige sinten dy’t jo oerhâlde fan jo likwidaasje fan ‘de Fedde’ en ‘de Obe’ – mei-inoar seis tûzen Euro – hevelje jo oer nei ‘de Gysbert’. Yn de media litte jo dêrnei, hiel triomfantlik, witte dat jo it prizejild foar ‘de Gysbert’ mei 5000 Euro ferheegje nei 10.000 Euro.

By de omfoarming fan de rest fan it prizestelsel tidigje jo derop dat dy tenei bestuivere wurde kinne troch it bedriuwslibben en de útjouwers. Jo litte it dêrby foarkomme as soe de literêre ynfrastruktuer by in minderheidstaal as it Frysk itselde wêze as dy by it Nederlânsk literêre systeem. Dat is besiden de werklikheid. De útjouwers dy’t nóch Fryske boeken yn ’e hannel bringe, bêste deputearre, doare it ‘brede’ boek, de lektuer, noch wol oan, mar skrilje wat langer wat mear tebek foar it útjaan fan it mear literêr rjochte boek. Slimmer, guon skriuwers wurde troch harren útjouwers yn it foar twongen om mei te beteljen oan har eigen útjeften, lit stean dat dy útjouwers dus jild (oer) hawwe foar nije, opsnolke literêre prizen.

Koely fan de kultuer

Dêr’t de Fryske skriuwer bytiden fan earmoed amper de klink fan de doar fine kin, dêr wapperje by it projekt ‘Fryslân-Ljouwert 2018’ de Euro’s mei miljoenen ta de finsters fan it provinsjehûs út. Bûten roai. En dêr’t de Frysktalige literêre skriuwer hâlden en kearen hat om syn/har boeken ûnder de minsken te krijen, dêr sille Tresoar en it Nederlands Letterenfonds aanst mei de glossy brosjuere ‘Books from Fryslân’, in djoer betelle literatueryntendant en in nust hol pratende kommunikaasje- en prosesmanagers nei de Frankfurter Buchmesse om de Fryske literatuer mear kasjet te jaan.

Dat is moai, mar it is de wrâld op syn kop. Of lit ik it oars sizze: Wat jo stimulearje, bêste deputearre, is bloei op dea hout.

By dat lêste moat ek tocht wurde oan in fierhinne útklaaide fakulteit Frysk yn Grins – literatuerûndersyk wurdt dêr amper noch dien – of oan in Fryske Akademy dy’t sûnt 2004 al gjin literatuerhistoarikus mear yn tsjinst hat. En ek al lûke jo yn de nije Kultuernota 2013-2016 mear jild út foar de taal en it ûnderwiis, – pico bello, two thumbs up – de literêre ynfrastruktuer bliuwt ûnder druk stean. De oarsaken derfan iensidich by de provinsje del te lizzen, dat is te maklik, dêrfoar is de ûnderlizzende problematyk ek te kompleks (ûntlêzing, in te lytse merk, in ekonomysk delgeand tij ensfh.), dat besef ik, mar kin it dêr by jo oan de Twiebaksmerk ek in krom minder des Halbe Z., as it om de Keunst sels giet?

It is net allinnich troch it nasjonale kultuerbewâld fan Zijlstra & Ko, mar ek troch de ynrjochting fan in letterebelied as dat fan jo dat de Frysktalige skriuwer sa linkenlytsen redusearre is ta de koely fan de kultuer. Ien fan de meast foaroansteande skriuwers fan it lêste desennium, Aggie van der Meer wurdt mei troch jo belied de tinte fan de Frysktalige literatuer útjage. Van der Meer: “It literêre guod komt hieltiten mear yn ’e knipe. Ik ha it jild fan de Piter Jellespriis [de skriuwster krige dy priis ferline jier foar har roman Oerfeart, e.h.] brûke moatten om de útjeften fan myn twa novellen en myn yn desimber te ferskinen dichtbondel te beteljen. Sa wol ik eins net mear fierder. Miskien moat ik it dêrom mar ris yn it Nederlânsk besykje.”

As dat de bedoeling fan it provinsjaal kultuerbelied is, bêste deputearre, dan sis ik mei in eardere kollega, de dichter, keunsthistoarikus en âld direkteur fan de Princessehof, Hessel Miedema: “Jonges ik ha myn plicht dien foar it Heitelân oer siz mar […] En dit is dan meteen het laatste woord / Fries dat ik heb geschreven ook.”

Eeltsje Hettinga

PS. De yn 2006 yn ’t libben roppen Fedde Schurerpublykspriis kin fansels wol ôfskaft wurde, al wie it mar fanwegen it ûnderlizzende fraudegefoelige ferkiezingssysteem,sa’t dat troch ûnderskate bloggers oantoand is.

cultuur zakelijk

Lunchroom ter overname
 
Doe mee en doneer knop
Vorige bericht

Veel mis met broodje kebab

Volgende bericht

Consumentenbond: Grote prijsverschillen supermarkten

 

Meer berichten

  • Anna Olteanu zoekt een stageplek – Interieurstudio, stoffering en restauratie
  • Blijft gemeente pappen en nathouden rond vliegbasis Leeuwarden? Geert Verf in de aanval over beteugeling rechten burger
  • Monnikenwerk. Monnik voor een avond in de Grote Kerk
  • Anouk Nammensma: hoe doe je meer ervaring op als je niet de kans krijgt om die ervaring verder uit te breiden?
  • Pas als ik ze achterna roep: bedankt voor jullie bezoek, reageren ze.
  • Nieuw vast energiecontract 43% duurder; gezin met zonnepanelen betaalt 90 euro per maand extra
  • Ruim 2 miljoen flitsboetes in 8 maanden – 39 procent meer boetes voor door rood rijden
  • Werkzaamheden Nieuwestad en Ruiterskwartier van start
  • Onderzoek hogescholen over politie: Online aanpakken of doormodderen – Politieagent wacht op leiderschap
  • Prijsstijging bestaande koopwoningen in Friesland het grootst
  • Prijsstijging koopwoningen vlakt in september verder af
  • Bijna kwart meer gebruik Wmo dan in 2017, vooral door 75- tot 85-jarigen
  • Buster Keaton in boekenpassage De Rode Loper
  • Ook de wetenschap moet erkennen: PVV-stemmers zijn met reden boos
  • Minder stadionverboden en drie definitief gestaakte wedstrijden
  • Jazzkwartet The Jazz Operators in de oude Kanselarij
  • De Gjalp bringt sân dichters op it poadium fan twa festivals
  • Waar is het parkeren duur en waar goedkoop?
  • Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
  • 10 Betaalbare studentendiners onder 3 euro in Leeuwarden
  • We drinken weer minder bier – Aantal brouwerijen gedaald
  • Vijf jaar legaal online gokken: wat de nieuwe vergunningsronde spelers oplevert
  • Jongeren die deels opgroeiden in een huishouden met bijstand hebben minder vaak werk
  • Duitse investeringsgolf biedt Nederlandse bedrijven volop kansen
  • Opkoopbescherming: in Groningen tot 430.000 euro, in Leeuwarden tot 260.000 euro
  • Slaap is belangrijk, maar slechts een derde slaapt goed
  • Brigitte van den Berg komt op voor praktisch opgeleiden
  • Blijf af van de bewonersfondsen
  • Een gesprek kost een kwartier. Een advocaat kost geld
  • Expositie Veerkracht in galerie ArtBrut 058 in de Boerhavestraat
  • Tina in Sexbierum wint Prix Europa Iris
  • Maar zo graag wil hij de Friese taal toch ook niet leren dat hij ook nog een Fries boek koopt
  • Forum: Wat is Defensie daadwerkelijk van plan met de nachtvluchten en het proefdraaien van motoren?
  • FNP stelt vragen over gebrekkige bestrating in Blitsaerd Oost
  • Er gebeuren bijna nooit ongelukken, zegt wethouder Stellingwerf over het kruispunt Wirdumerdijk, Zaailand en Nieuweweg
  • Aantal werklozen neemt toe – 408 duizend werklozen in september
  • Het werk verandert, ziet het UWV – Minder mensen, meer machines
  • Lieke Marsman: DPG, you may be rich, maar je bent failliet
  • FNP wil bescherming Hounspolder voorop na uitspraak Raad van State over De Hem (ook PvdD wil dit)
  • Mona Keijzer wil een eigen partij beginnen en ik denk met haar mee (Chris Aalberts)
Problemen met verhuurder? Woningtoewijzing? Uitkering? Aanvraag minimaregelingen? Bel snel PEL! 058-2671636 op werkdagen van 14.00-17.30 uur. B.g.g. mail verpel@online.nl

Anna Olteanu zoekt een stageplek –...

24 oktober 2026
Fly By

Blijft gemeente pappen en nathouden rond...

24 oktober 2026
Grote Kerk Interieur

Monnikenwerk. Monnik voor een avond in de Grote...

24 oktober 2026
Stamtafel

Anouk Nammensma: hoe doe je meer ervaring op als...

23 oktober 2026

Stadsblad Liwwadders

Veel Leeuwarders ontvangen elke morgen rond koffietijd onze nieuwsbrief. Die wilt u toch ook niet missen? Het laatste nieuws uit Leeuwarden e.o. elke morgen rond elf uur in uw mailbox.

Lunch mee!

Stadsblad Liwwadders

JA, IK WIL een abonnement op het Stadsblad Liwwadders en ontvang de krant graag een jaar lang in de bus.

Meer informatie

Koken met Klaas

Klaas kasma

Archief

  • Liwwadders TV
  • Webarchief
  • Stadsblad

Liwwadders.nl

  • Colofon
  • Contact
  • Privacystatement
  • Disclaimer

Sociale Media

TwitterFacebookYouTube
Copyright 2026 | Liwwadders.nl | Alle rechten voorbehouden
Uw gegevens op Liwwadders
Liwwadders plaatst functionele en analytische cookies.
Door op 'Akkoord' te klikken geeft u daarvoor toestemming. Lees ook onze Privacystatement. Akkoord
Privacy & Cookies Policy

Privacy Overview

This website uses cookies to improve your experience while you navigate through the website. Out of these, the cookies that are categorized as necessary are stored on your browser as they are essential for the working of basic functionalities of the website. We also use third-party cookies that help us analyze and understand how you use this website. These cookies will be stored in your browser only with your consent. You also have the option to opt-out of these cookies. But opting out of some of these cookies may affect your browsing experience.
Necessary
Altijd ingeschakeld
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. This category only includes cookies that ensures basic functionalities and security features of the website. These cookies do not store any personal information.
Non-necessary
Any cookies that may not be particularly necessary for the website to function and is used specifically to collect user personal data via analytics, ads, other embedded contents are termed as non-necessary cookies. It is mandatory to procure user consent prior to running these cookies on your website.
OPSLAAN & ACCEPTEREN