Mear minsken op kursus Frysk
(tekst: persbericht)
Suksesfolle start kursusjier Afûk
Mear minsken op kursus Frysk
Goed 400 minsken binne yn it earste fearnsjier fan 2019 úteinset mei in kursus Frysk. Dat binne 150 kursisten mear as yn deselde perioade yn 2018. Yn totaal binne der op dit stuit in goede 30 kursusgroepen op ferskate lokaasjes troch de hiele provinsje aktyf mei in kursus Frysk ferstean, praten of skriuwen.
Al mear as 90 jier fersoarget de Afûk kursussen Frysk op allerhanne nivo’s: foar minsken dy’t it Frysk as memmetaal hawwe, mar ek foar dyjingen foar wa’t it Frysk in hiele nije taal is. Op dit stuit binne der likernôch 250 kursisten dwaande mei in kursus ‘Lear mar Frysk’ (Frysk ferstean en lêzen) en ‘Praat mar Frysk’ (Frysk praten). Goed 150 kursisten dogge mei oan in kursus ‘Skriuw mar Frysk’.
‘Wy binne der fansels hiel bliid mei dat de minsken ús sa goed witte te finen en, moaier noch, dat ús kursussen yn in ferlet foarsjogge’, seit Lineke Kuiper fan de kursusorganisaasje fan de Afûk. ‘En de kursussen wurde net allinne út persoanlike ynteresse folge, mar ek foar it wurk. Fia wurkjouwers is der hieltyd mear fraach nei kursussen foar meiwurkers.’
Kursussen op maat
De Afûk organisearret net allinne algemiene kursussen foar partikulieren, mar biedt ek kursussen op maat oan. ‘Njonken de basisbegjinsels is yn sa’n kursus ek omtinken foar bygelyks spesifike terminology. Yn oerlis mei in organisaasje of bedriuw kinne wy dêr ynfolling oan jaan’, leit Kuiper út. Foar bepaalde beropsgroepen binne en wurde aparte metoades ûntwikkele. Foar amtners is der bygelyks in metoade ‘Frysk yn it offisjele ferkear’ en op dit stuit wurdt de lêste hân lein oan in kursus foar soarchprofessionals.
De Afûk biedt dit kursusjier sa’n fjirtich ferskillende kursussen oan. Foar dejingen dy’t gjin groepskursus folgje kinne of wolle, is der de mooglikheid om fia selsstúdzje Frysk te learen. Sjoch foar mear ynformaasje: http://kursus.afuk.nl of www.afuk.frl
Meer berichten
- Bij wie kun je nog terecht als je in conflict komt met de overheid?
- Ik zie hoe boos u bent en vind het knap dat u zich zo heeft weten te beheersen
- Jos gaat los – Je herkent de signatuur van een krant misschien nog wel beter aan wat er niét in staat
- Stichting Martenastate bestaat dit jaar 60 jaar – Podwalk: een tijdreis door Martenastate
- ‘Lokale financiering is de sterkste vorm van onafhankelijkheid’
- Politieke onrust kost Europa miljarden. Nederland uitzondering
- De onfeilbare mens van de linkse systeemkerk
- Vakantiepark De Kleine Wielen schenkt drie gezinnen een volledig verzorgde vakantieweek
- 50 jaar correspondent in Brussel: Wat ik van Europa opstak
- Even overweeg ik te zeggen dat het niet te koop is omdat ik het eerst zelf wil lezen. Maar ik begin als beginnend boekverkoper al een beetje aan beroepsdeformatie te lijden en verzin een prijs zodat de man het kan kopen.
- 1 op de 8 woningen opnieuw te koop tegen lagere vraagprijs
- Economische zelfmoord door energietransitie?
- Liefhebbers Italië past vakantie aan door sterk stijgende prijzen
- Cultuurexplosie ART Leeuwarden 22 augustus
- Het afgelopen kwartaal kwamen er in het openbaar bestuur 6 duizend banen bij, in de cultuur, recreatie en overige diensten 4 duizend
- Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
- Eatcorner Potmarge: Ja, je mutte wat met de tyd met
- Watertekort? Zorgvuldigheid wordt een alibi om niet te hoeven kiezen
- Max van der Velde: Leeuwarden heeft de boot gemist
- Tienduizenden vierkante meters vergeten stadsruimte bieden kansen voor vergroening
- We drinken minder bier – Brouwers klagen
- Vakkenvuller, horeca- en verkoopmedewerker ook in zomer meest voorkomende jongerenberoepen
- 9 op de 10 volwassenen vinden het leven de moeite waard
- De burgemeester van Leeuwarden heeft een verstandige vrouw
- Anke van den Hurk nieuwe eigenaar The Friezinn in Westhoek
- Speciaalbierkafee It Wapen fan Fryslân Oentsjerk: Als de meute naar rechts gaat, dan gaan wij naar links
- De val van minister Dennis Wiersma: was dit een incidenteel conflict of een structurele sabotage vanuit de ambtenarij?
- Jelle en Tineke Pietersma van snackbar De Centrale: Als iets goed is dan hou ik dat vast
- Gratis street art speurtocht
- GroenLinks/PvdA Leeuwarden wil geen vervuilende reclame zoals gokken, vliegen en fossiele industrieën
- Potmargegebied onder druk – Piet Berndes: ‘Als je dat doet, komt er opstand’
- Wat gebeurde er precies op zaterdagavond 28 januari, de avond die zo feestelijk had moeten verlopen?
- Sociale veiligheid op werkvloer: cursusje is niet genoeg
- Jan de Boer: een vreemde eend aan het Vliet – voedselbank is schandalig
- De BBB-partijtop kan alleen nog toekijken hoe de partij langzaam leegloopt
- Ambtenaar: Je moet een plan groot maken, heeeel groot
- Kin it kolleezje oanjaan op hokker wize yn ús gemeente it Jabikskrûd gemeentlik bestride wurdt?
- Psy-Fi: gemeente Leeuwarden stapelde fout op fout
- Terwijl je varkens- en hondenstaarten al lang niet meer mag couperen, is het verminken van bomen nog altijd toegestaan
- Ik word echt gelukkig van onnutte weetjes, merk ik (nu met beeld)




