Lida Dykstra, dit jier 20 jier skriuwster, jout kursus ‘ferhalen skriuwe foar bern’ by Tresoar
Lida Dykstra, dit jier 20 jier skriuwster, jout kursus ‘ferhalen skriuwe foar bern’ by Tresoar / Lida Dijkstra, dit jaar 20 jaar schrijfster, geeft cursus’ferhalen skriuwe foar bern’ bij Tresoar
Yn 1994 ferskynde Lida Dykstra har debút, de jeugdroman Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid. Sûnt dy tiid hat se yn in ferbjusterjend tempo in grut oeuvre opboud, sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk.
Allinne har list mei Frysk wurk beslacht al 24 titels, fan printeboeken lykas Mûske myn famke, oant jeugdboeken en titels foar folwoeksenen as Ik, Anna en De nije seemearmin.
Har wurk falt op troch it boartlike taalgebrûk, de goede komposysje en belangstelling foar histoaryske ûnderwerpen.
Lida Dykstra wûn ek ferskate kearen in Rely Jorritsmapriis. Ankom 20 septimber kriget se yn Bears de priis foar de fyfde kear útrikt, foar har ferhaal ‘Flinteraikes’. Yn 2004 en 2007 krige se de Simke Kloostermanpriis, de grutte priis foar Fryske berne- en jeugdliteratuer.
Kursussen literêr skriuwen
Lida Dykstra is al fan jongs ôf dwaande mei skriuwen. Troch skriuwkursussen by de SLAH (Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen) en it doetiidske FLMD (no part fan Tresoar) waard se op paad holpen om te skriuwen yn har memmetaal. Benammen troch dosinte en skriuwster Akky van der Veer fielde se har stimulearre, sei se yn in fraachpetear mei Sietse de Vries yn 1994.
Tsjintwurdich jout Lida Dykstra sels kursussen literêr skriuwen. Se fersoarge jierrenlang kursussen foar studinten fan de pabo en joech workshops op skoallen. Ein septimber dit jier start se mei in nije kursus ‘ferhalen skriuwe foar bern’ by Tresoar.
Foar mear ynformaasje sjoch site Lida Dijkstra (http://www.lidadijkstra.nl/) , sirkwy biografyske ynformaasje (http://www.sirkwy.nl/titel/81) en sirkwy kursusynformaasje (http://www.sirkwy.nl/item/294/nieuws-detail).
Sietse de Vries, fraachpetear by debút, LC 09-12-1994 (http://www.archiefleeuwardercourant.nl/vw/article.do?id=LC-19941209-28001)
Meer berichten
- Het leek vandaag wel even of ik in een evangelische boekhandel werk, zeg ik. Je hebt er een vrome kop van gekregen, krijg ik te horen
- Of er hier geschaakt wordt? Nee hoor, zeg ik. Maar ik vind het zo leuk staan, die schaakborden op de tafels
- Na zijn zeiltocht leefde hij met vier vrouwen: Marie-Therèse, Francoise, Iléana en Véronique. Toen dacht ik, ik word ook zeezeiler (let op: Ode an Udo Kier)
- Friese versie van Tussen Kitsch en Kunst in het WestCord WTC Hotel
- Er zit geen greintje humor bij deze politici. Allemaal willen ze het land redden
- Heb je ook nog belang bij een goedkope buggy, vraag ik als hij afrekent. Maar nee
- Ik verkoop alleen maar mooie boeken vandaag denk ik blij. Hier had eigenlijk wel een gevulde koek bij gepast
- Expositie Iraanse kunstenares bij Poespas belicht veiligheid van vrouwen
- De Jonge Honden belicht in Jeugdstorm het lot van ‘kinderen van foute ouders’
- Wijkbewoners Huizum-west maken film met Wilde Wijk
- Gouden Griffel voor De wonderverteller van Lida Dijkstra
- Popstichting De Ooievaar op website Historisch Centrum Leeuwarden
- 50.000e bezoeker voor Natuurmuseum
- Wim van der Veer – Van Hulsen zei: hang us wat spul op, juh!
- Nasjonaal Boekewikegeskink De krater ek yn it Frysk
- ‘Tsjerkepaad’ en de expositie van Ernesto Lemke in de Dorpskerk Huizum
- Concert Musica Amphion – zondag 30 april 2023
- Nederlandstalig Popkoor Bilgaard
- Peter Karstkarel: Het Fries Museum volg ik niet zo. Het is weinig opwindend
- Het imago van Leeuwarden lijkt niemand iets te kunnen schelen, anders hadden we allang een beter imago gehad
- Duo Khojayan/Poortinga – ‘Impressionisme in de Muziek’
- Concert Holland Baroque – Grote of Jacobijner Kerk Leeuwarden
- ZONDAG 2 JANUARI – Nieuwjaarswinterwandeling
- kerstconcert Apollo Ensemble – 30 december 2021 – Doopsgezinde Kerk Leeuwarden
- Kunstacademie Vredeman de Vries laat weer even van zich horen
- Ben je op zoek naar een koor?
- Zaterdag 30 oktober – Nacht van de Nacht in en rond HCL
- Lezing over modezaak P.S. Bakker – Je mag wel bang zijn, maar niet laf!
- Verzamelaar, handelaar en fotograaf Rob van Beuningen overleden
- Meindert Schroor over Leeuwarden in de 16e eeuw
- Museumbezoek in 2020 met 60 procent gedaald. Noodsteun blijft nodig
- Op de fiets met Bertus Mulder en Evert Kramer
- Drie ton extra voor programmering Friese culturele activiteiten
- RAMEAU CONCERT IN LEEUWARDEN – Betoverende barokmuziek!
- Zeven fotografen exposeren in de Oranjewijk
- Verruimde openingstijden Westfries Museum
- Apollo Ensemble met De smaak van Diaghilev in De Harmonie
- Bearn Bilker vertelt over het leven van Prinses Maria Louise van Hessen-Kassel
- Advies: Weerbare cultuursector essentieel voor herstel
- Leeuwarden trapt door op 3 juni






