Der koe kwealik in klok lieden wurde of Anita hong mei oan it tou
(tekst: toespraak FNP-fractievoorzitter Johannes Kramer bij de herdenkingsbijeenkomst voor gedeputeerde Anita Andriesen vanmiddag in de staten)
Foarsitter,
Hjoed betinke wy hjir mei inoar Anita Andriesen. Yn dizze, yn mear as ien opsicht tsjustere tiden. Hoe frjemd moat de famylje wol net fergean dizze dagen? In achtbaan fan emoasjes. Fertriet, weemoed, tankberens en sa no en dan ek wille, hoe nuver as dat dan ek is. Ik wol jim fan �f dit plak kondolearje mei dit slimme ferlies.
As in mem ferstoarn is dan hearre jo gauris de tekst fan Preker. In sterke frou, wa sil har fine?
Gedreven, belutsen en �nfersetlik. De tekst fan it Simmer 2000 liet seit: der baarnt in fjoer in my, in libbenslang ferlet. En dat fjoer baarnde ek hiel sterk yn Anita. Jo hearre en l�ze dat werom yn alle ferhalen, kommentaren en reaksjes.
Der koe yn bestjoerlik Frysl�n kwealik in klok lieden wurde of Anita hong mei oan it tou. En in oar ferhaal wol ha dat wannear�t der earne fjouwer minsken by inoar wiene yn in doarpsh�s dat dan wis dat reade autootsje foar de doar stie. Dit bin anekdoaten fansels, mar yn de kearn typearje se Anita.
Anita hie grutte kwaliteiten. Mar soms leare jo minsken kinnen yn ien gebaar. Ik kaam Anita tsjin yn de ferkiezingskampanje fan 2003 doe�t FNP en PvdA stom tafallich tegearre by it stadion fan it Hearrenfean stiene te folderjen. De measte minsken smieten it folderke nei in koarte blik wer op �e gr�n. T�zen reade en read blauwe folderkes bedarren op �e stiennen. Ik sjoch har d�r noch sa yn de dize en it skiere natriumljocht krom yn �e bocht stean om sels al dy briefkes op te krijen, ek al wiene fierhinne de measte frijwilligers al wer th�s.
En dat w�zen fan Anita bliuwt �s by. Mei fanwegen har sterke belutsenheid by Frysl�n, dy eigenheid, hat sy Frysl�n mei st�l j�n op in �nderskiedende wize. Frysl�n moat him as Frysl�n �ntwikkelje kinne neffens eigen aard, skaal en karakter. L�nskip �n mienskip. D�r leaude hja oan, d�r stie hja foar en d�r stride hja foar.
Hawar, yn har driuw en har ynset koe fansels net eltsenien altyd meikomme. It Bilts Roasy koe ek stikelje. Yn har ambysje hat se �s ek wolris foar it blok set. Guontiiden wiene der ek tsjinstellingen. Ek mei de FNP. Hja hat har ynspant om de FNP yn it kolleezje te krijen, mar hat �s op it alderl�ste momint falle litten. Belutsen dus, mar ek in realpolitiker. Dat hat sear dien. Mar nea yn de persoanlike ferh�ldings. Hja naam nei �s en nei my ta de folle ferantwurdlikheid en lei it �t.
Anita koe oer de politike skiedslinen hinne komme. Oer de linen hinne tusken fraksjes en partijen, mar ek tusken de provinsje en de minsken. De Ljouwerter Krante har ris skreaun dat polityk Frysl�n, as Den Haag der net west wie, it eins oer de measte saken wol iens is. En dat is ek sa. As politisy binne wy der hiel goed en fergrutsje de ferskillen �t, as in skynber net oer te kommen kleau tusken st�npunten. Mar Anita slagge der yn om de tsjerke yn it midden te h�lden. Hja hie begryp foar oare st�npunten. Hja benadere dizze altyd mei goeie wil en besocht w�r mooglik dy oare st�npunten har gerak en d�rmei in plak te jaan yn de foarlizzende �tstellen. Dat sprekt oan. Hja krige minsken mei en yn beweging. En w�r kaam dat mear ta utering by de Streekplan diskusje en har eigen komit� fan oanbefelling. Anita w�n minsken foar har, net om har as persoan en net om har st�npunten, mar mar hoe�t hja as persoan dy st�npunten �tdroech.
Net om �e nocht kopte de Ljouwerter Krante woansdei dat de �mem� fan Frysl�n ferstoarn wie. Ien fan de l�ste kearen dat ik har meimakke wie op in moeting mei Fryske Ynje feteranen. Nei de plechtichheid, siet hja as in echte mem midden tusken de feteranen ek al wiene dy al �ld gen�ch om har heit te w�zen.
Hja kommunisearde net inkeld mei arguminten en �sa sit it�, mar hja kommunisearre eins mei har hiele h�lden en dragen, mei har hiele w�zen spruts hja minsken oan.
Fan achter har buro en yn har reade autootsje. Fan de Fryske greiden oant de fergadertafels yn Brussel. Fan moarns ier oant ta de nacht �t. Mem binne jo ommers 24 oeren deis, 7 dagen wyks.
Friezen hawwe wat mei matriargaal liederskip. Guon wolle hawwe dat de skimige Ingweoanen, de fiere foarfaars fan �s Friezen, in grutte en sterke goadinne kultus hiene. Dat soe noch nei te kommen w�ze yn it boppegemiddelde grutte part tsjerken dy�t yn Midsieuske Frysl�n oan de Hillige Marije tawijd wiene. Hoe�t it ek sit, Anita hie in sterke bining mei Frysl�n en Frysl�n mei Anita.
Fansels, hja wie en bliuwt yn it foarste plak in sosjaal demokrate. Mar dan wol yn de beste Fryske tradysje fan dy partij. Mei in grutte ambysje. In ambysje foar har partij, har kiezers mar ek foar hiele Frysl�n. In fjoer, in passy. Har sterke persoanlikheid is no it swijen oplein troch in wrede en grime sykte. Mar it fjoer fan Anita baarnt troch. Ek yn dizze tsjustere en noedlike tiden. It baarnt troch yn dizze seal en d�rb�ten. It baarnt troch yn har sibben en al dyjingen dy�t har nei wiene. Yn de minsken dy�t hja ynspirearre, by stie en holp.
Anita har krewearjen foar in oar en better Frysl�n giet fierder. In griener, sosjaler, iepener en rommer Frysl�n. Dat wy eins hjir allegearre, fan links oant rjochts, fan kristlik sosjaal, liberaal oant Frysk-nasjonaal, mei inoar neistribje. En Anita gie �s yn dat strjiben foar en hat �s d�rby bliuwend oansprutsen. Mei wurd en died. Mei sizzen en dwaan. Mei inoar en foar elkoar.
Anita bedankt.

Meer berichten
- Anna Olteanu zoekt een stageplek – Interieurstudio, stoffering en restauratie
- Blijft gemeente pappen en nathouden rond vliegbasis Leeuwarden? Geert Verf in de aanval over beteugeling rechten burger
- Monnikenwerk. Monnik voor een avond in de Grote Kerk
- Anouk Nammensma: hoe doe je meer ervaring op als je niet de kans krijgt om die ervaring verder uit te breiden?
- Pas als ik ze achterna roep: bedankt voor jullie bezoek, reageren ze.
- Nieuw vast energiecontract 43% duurder; gezin met zonnepanelen betaalt 90 euro per maand extra
- Ruim 2 miljoen flitsboetes in 8 maanden – 39 procent meer boetes voor door rood rijden
- Werkzaamheden Nieuwestad en Ruiterskwartier van start
- Onderzoek hogescholen over politie: Online aanpakken of doormodderen – Politieagent wacht op leiderschap
- Prijsstijging bestaande koopwoningen in Friesland het grootst
- Prijsstijging koopwoningen vlakt in september verder af
- Bijna kwart meer gebruik Wmo dan in 2017, vooral door 75- tot 85-jarigen
- Buster Keaton in boekenpassage De Rode Loper
- Ook de wetenschap moet erkennen: PVV-stemmers zijn met reden boos
- Minder stadionverboden en drie definitief gestaakte wedstrijden
- Jazzkwartet The Jazz Operators in de oude Kanselarij
- De Gjalp bringt sân dichters op it poadium fan twa festivals
- Waar is het parkeren duur en waar goedkoop?
- Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
- 10 Betaalbare studentendiners onder 3 euro in Leeuwarden
- We drinken weer minder bier – Aantal brouwerijen gedaald
- Vijf jaar legaal online gokken: wat de nieuwe vergunningsronde spelers oplevert
- Jongeren die deels opgroeiden in een huishouden met bijstand hebben minder vaak werk
- Duitse investeringsgolf biedt Nederlandse bedrijven volop kansen
- Opkoopbescherming: in Groningen tot 430.000 euro, in Leeuwarden tot 260.000 euro
- Slaap is belangrijk, maar slechts een derde slaapt goed
- Brigitte van den Berg komt op voor praktisch opgeleiden
- Blijf af van de bewonersfondsen
- Een gesprek kost een kwartier. Een advocaat kost geld
- Expositie Veerkracht in galerie ArtBrut 058 in de Boerhavestraat
- Tina in Sexbierum wint Prix Europa Iris
- Maar zo graag wil hij de Friese taal toch ook niet leren dat hij ook nog een Fries boek koopt
- Forum: Wat is Defensie daadwerkelijk van plan met de nachtvluchten en het proefdraaien van motoren?
- FNP stelt vragen over gebrekkige bestrating in Blitsaerd Oost
- Er gebeuren bijna nooit ongelukken, zegt wethouder Stellingwerf over het kruispunt Wirdumerdijk, Zaailand en Nieuweweg
- Aantal werklozen neemt toe – 408 duizend werklozen in september
- Het werk verandert, ziet het UWV – Minder mensen, meer machines
- Lieke Marsman: DPG, you may be rich, maar je bent failliet
- FNP wil bescherming Hounspolder voorop na uitspraak Raad van State over De Hem (ook PvdD wil dit)
- Mona Keijzer wil een eigen partij beginnen en ik denk met haar mee (Chris Aalberts)



