Bona, Carla de Wal en Sjaak Weiland earste trije Liet-finalisten
(tekst: persbericht)
Bona, Carla de Wal en Sjaak Weiland earste trije Liet-finalisten
Liet 2012 is op freed 9 maart �teinset mei in goed besochte heale finale yn Popsintrum Iduna yn Drachten. Oan dizze foarronde diene 9 formaasjes en solistes mei yn tige �tienrinnende muzykstilen; fan gefoelige ballades mei gitaar- en pianobegelieding oant hardrock en (ektroanyske) pop. Sy waarden beoardiele troch in folslein nije sjuery �nder foarsitterskip fan de Ljouwerter saksofoanspiler Anne Zwaga. Nei wiidweidich beried selektearre de sjuery de folgjende trije formaasjes foar de finale fan Liet 2012:
* Carla de Wal mei it n�mer Kom ris tichterby
Carla wennet yn Amsterdam, mar komt oarspronklik fan Drachten
* Sjaak Weiland mei it n�mer Earste leafde
Sjaak Weiland komt fan Minnertsgea
* Bona mei it n�mer Mosk
Bona is in nije band, de bandleden wenje op ferskillende plakken
De seis net-selektearre dielnimmers moatte noch even �fwachtsje. Nei de twadde heale finale yn Poppoadium Asteriks yn Ljouwert op sneon 17 maart sil de sjuery �t alle 18 dielnimmers nochris fjouwer lieten selektearje foar de finale. D�rnei mei it publyk noch in wildcard �tdiele fia in ynternetstimming op �s website www.liet.nl.
Sjuery en publyk wiene yn Iduna goed te sprekken oer it ent�sjasme fan alle njoggen dielnimmers, mar sjueryfoarsitter Zwaga makke ek in pear krityske opmerkings. Guon bands soene noch wol wat mear oandacht besteegje kinne oan harren poadiumpresintaasje, sa sei er. Alle dielnimmers krije nei ferrin fan tiid in sjueryrapport mei kommintaar op har eigen optreden en tips foar mooglike ferbetteringen.
Liet is it sjongfestival foar it b�ste nije liet yn it Frysk of in Fryske streektaal, sa’t dat live spile wurdt, en wurdt dit jier foar de 21ste kear organisearre. De finale fan Liet is dit jier op 5 maaie op it Ljouwerter Befrijdingsfestival. De winner fan Liet 2012 mei Frysl�n yn desimber fertsjintwurdigje op Liet International yn de Noard-Spaanske st�d Gij�n/Xix�n yn de streek Asturi�. Asturi� is s�nt 2010 partner fan Stichting Liet International en sil dit jier it sjongfestival foar it earst op it Ibearysk skiereil�n organisearje. Yn Frysl�n wurdt Liet 2012 stipe troch de provinsje Frysl�n en Kulturele Haadst�d Ljouwert/Leeuwarden 2018.

Meer berichten
- Anna Olteanu zoekt een stageplek – Interieurstudio, stoffering en restauratie
- Blijft gemeente pappen en nathouden rond vliegbasis Leeuwarden? Geert Verf in de aanval over beteugeling rechten burger
- Monnikenwerk. Monnik voor een avond in de Grote Kerk
- Anouk Nammensma: hoe doe je meer ervaring op als je niet de kans krijgt om die ervaring verder uit te breiden?
- Pas als ik ze achterna roep: bedankt voor jullie bezoek, reageren ze.
- Nieuw vast energiecontract 43% duurder; gezin met zonnepanelen betaalt 90 euro per maand extra
- Ruim 2 miljoen flitsboetes in 8 maanden – 39 procent meer boetes voor door rood rijden
- Werkzaamheden Nieuwestad en Ruiterskwartier van start
- Onderzoek hogescholen over politie: Online aanpakken of doormodderen – Politieagent wacht op leiderschap
- Prijsstijging bestaande koopwoningen in Friesland het grootst
- Prijsstijging koopwoningen vlakt in september verder af
- Bijna kwart meer gebruik Wmo dan in 2017, vooral door 75- tot 85-jarigen
- Buster Keaton in boekenpassage De Rode Loper
- Ook de wetenschap moet erkennen: PVV-stemmers zijn met reden boos
- Minder stadionverboden en drie definitief gestaakte wedstrijden
- Jazzkwartet The Jazz Operators in de oude Kanselarij
- De Gjalp bringt sân dichters op it poadium fan twa festivals
- Waar is het parkeren duur en waar goedkoop?
- Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
- 10 Betaalbare studentendiners onder 3 euro in Leeuwarden
- We drinken weer minder bier – Aantal brouwerijen gedaald
- Vijf jaar legaal online gokken: wat de nieuwe vergunningsronde spelers oplevert
- Jongeren die deels opgroeiden in een huishouden met bijstand hebben minder vaak werk
- Duitse investeringsgolf biedt Nederlandse bedrijven volop kansen
- Opkoopbescherming: in Groningen tot 430.000 euro, in Leeuwarden tot 260.000 euro
- Slaap is belangrijk, maar slechts een derde slaapt goed
- Brigitte van den Berg komt op voor praktisch opgeleiden
- Blijf af van de bewonersfondsen
- Een gesprek kost een kwartier. Een advocaat kost geld
- Expositie Veerkracht in galerie ArtBrut 058 in de Boerhavestraat
- Tina in Sexbierum wint Prix Europa Iris
- Maar zo graag wil hij de Friese taal toch ook niet leren dat hij ook nog een Fries boek koopt
- Forum: Wat is Defensie daadwerkelijk van plan met de nachtvluchten en het proefdraaien van motoren?
- FNP stelt vragen over gebrekkige bestrating in Blitsaerd Oost
- Er gebeuren bijna nooit ongelukken, zegt wethouder Stellingwerf over het kruispunt Wirdumerdijk, Zaailand en Nieuweweg
- Aantal werklozen neemt toe – 408 duizend werklozen in september
- Het werk verandert, ziet het UWV – Minder mensen, meer machines
- Lieke Marsman: DPG, you may be rich, maar je bent failliet
- FNP wil bescherming Hounspolder voorop na uitspraak Raad van State over De Hem (ook PvdD wil dit)
- Mona Keijzer wil een eigen partij beginnen en ik denk met haar mee (Chris Aalberts)



