Eelke Lok – Skutte

© Eelke lok
(Tekst: Eelke Lok)
Lêstendeis wiene we efkes yn it Waddencentrum op de Ofslútdyk by Koarnwertersân. Of nee, dat wie net efkes; je wurde dêr sa triggere dat je dêr wol in pear oeren omhingje kinne. Op tige ferrassende en de meast útienrinnende wizen wurdt dêr it ferline en de takomst fan de Ofslútdyk yn byld brocht. Boppedat sitte der finsters yn it gebou, ik soe dêr ek wol de hiele dei wat sitte kinne en útsjen oer de Iselmar. It kostet net mear as in kop kofje, want it frommiske efter de balie by de yngong sei dat wy, krekt as elk dy’t troch de doar kaam, de gasten wie fan rykswettersteat en de provinsje Fryslân. Hartstikkene moai.
We wienen der dochs, dus we woenen ek efkes yn it kazemattenmuseum sjen, mar it wie moandei en dan wurdt de oarloch net betocht. Ik ha yntusken al lêzen dat it spul dêr ek oer de kop helle is. We moat der mar gau ris wer hinne.
Koarnwertersân fyn ik sowieso in moai plakje. Dêr giene we eartiids freeds altyd hinne en kochten dan de ûndermaatske fisk fan de Urkers. Dy fearen nei hûs en koene dat spul net meinimme, mar sa der noch wat oan fertsjinje.
Koarnwertersân, in tige lytse mienskip. Ik ha noch wolris yn ien fan dy hûskes west, want ik koe ien fan de dêr wenjende slûs- en brêgewachters.
It wie no suver wol moai al dat âlde tinken te fergelykjen mei de nije tiid. De trijemêster dy’t fan Makkum kaam wie noch al wat moderner as de âlde aken en Westlanders dy’t dêr oait ek fearen. Hy kaam nei de brêge ta, aanst moast dy omheech en dan soenen der 300 auto’s efkes stean te wachtsjen. En dan koe it skip de slûs yn.
De slûs. Doe’t we dêr as jonkjes kamen, fûnen we it in grutte slûs. De tiid is lykwols feroare en deputearre Klaas Kielstra hat syn hiele deputearrekarrièrre útlein dat it no in té lytse slûs is. It is in perpetium mobilé. Je meitsje in dyk yn 1932 . Mei in slûs deryn dy’t grut genôch wie om alles wat der hinne farre moat of bout wurd der troch kin. No meitsje se dêr de skippen sa grut dat se net mear troch de slûs kinne. Dwazen, wa bout no in skip dat je by Koarnwertersân earst út elkoar helje moatte en oan de oare kant fan de dyk wer yn elkoar sette moate. Dat doch je toch net. Ja, dat dogge se wol. En dan roppe se dat dy slûs breder moat en stjoere Klaas nei Den Haach om te regeljen dat soks bart.
Under syn earm de rapporten dy’t Fryslân, Noardhollân en godbeter it Oerrisel skreaun ha: dat der 3000 arbeitsplakken by komme sille at de slûs breder wurdt. Folsleine nonsens. Want se sette gewoan de perpetium troch, de nije skipshellingen wurde aanst sa grut dat in nije slûs aanst ek wer te lyts is. Sjoch de farwei nei Drachten, giet presies sa.
In bredere slûs kostet 205 miljoen. CDA-Keamerlid Harry van der Molen ferklapte dat der al wer 40 miljoen oerheidsjild klear leit. Da’s frjemd, want Klaas Kielstra is al trije kear út Brussel túskaam mei in lege ponge. Se bliuwe lykwols o sa entosjast, dy politisi. Se sizze dat se it jild wol byinoar krije sille.
Wylst ik my ôffreegje wêr’t dy noch nedige 40 miljoen noch weikomme moatte. Miskien dat Huawei it betelje sil, dat liket my de lêste opsje. Dan is it lykwols al wer trije iier letter as at soe, want dan pas mei Chinezen wer mei dwaan. Dan is it wurk ek wer safolle djoerder wurden. Dat moat Saoedi Arabië mar jaan, dan kin it nije jacht fan kening Salmin bin Abdoel Aziz al Saoed moai yn Makkum bout wurde, krekt as dat fan Trump eartiids.
Foar trije kear per jier sa’n protserich jacht, moat de slûs fan Koarnwertersân breder makke wurde. Myn geâldehoer jout neat, se dogge it toch wol. Mar juster hearde ik dat fanwege de wynmûnen ien weihelte dêr in heal jier ticht wêze sil. At der in nije slûs komme moat is der oer de Ofslútdyk trije jier lang gjin inkeld ferkear mear mooglik. Sels net rinnende.
Meer berichten
- Herstelwerkzaamheden Stationsweg later uitgevoerd
- NVM: Wonen in een dorp niet automatisch goedkoper dan in de stad
- 6 op 10 jongeren hebben vertrouwen in politiek – Toename politieke belangstelling jongeren
- 42 procent van de zzp’ers heeft minder dan drie maanden zicht op werk of omzet
- Oplossingen, ook financieel, voor PFAS-vervuiling bij vliegbasis Leeuwarden blijven mistig
- Statenfracties willen duidelijkheid over biovergisters SONAC
- Fabio Andreatta: Goutum is vriendelijk als je meedoet en bitterballen eet
- FNP en FvD hebben nog vragen over zonneweide Stiens – Hoe zit het met netcongestie, de bijdrage aan een aardgasvrij Stiens, de financiële haalbaarheid, batterijveiligheid, bluswater, rook- en rampscenario’s en wildroutes?
- Meer bevoegdheden voor AIVD en MIVD betekenen minder bescherming voor burgers
- Gemeente wil terrassen in binnenstad aantrekkelijker maken: nieuwe indeling, meer regels
- Spoorovergang Schrans dicht voor gemotoriseerd verkeer – Doorgang Stationsweg dicht voor doorgaand snelverkeer
- Vier op de tien 15-jarigen lezen onder niveau: leesonderwijs moet uit de technische kramp
- Tiny Mulderprijs 2026 voor Rymke Zijlstra
- Man van Gemeentebelangen Menaldumadeel en Monty Bar Willem Roersma overleden
- Inflatie stijgt naar 3,3 procent
- 56 uitkeringsontvangers op 100 werkenden, al vier jaar stabiel
- Ondernemers Nieuwestad: er wordt weinig tot niets gedaan met onze suggesties
- Cambuur treft nieuwe maatregelen – Uitpubliek is weer welkom
- Omrop heeft hulp nodig en zoekt een inspirerende creatief-strategisch adviseur (update: erg veel flauwe grappen)
- Pittig billboard bij Schiphol: Een lul verdient meer (over loonkloof)
- Jongere generaties meestal rijker dan hun voorgangers
- FNP: afval in stad en dorpen loopt uit de hand
- Met het uitgekauwde begrip mienskip kun je vele kanten op (onderzoek)
- Hilde Tjeerdema (D66) is goednieuwsshow zat – We zijn in therapie
- Eerste openbare expositie Gerrit Benner. De Oersoep
- Verviervoudiging diefstal uit auto in Leeuwarden
- Dit is een tweedehands boekenwinkel en dat boek is net uit. Niemand heeft het nog zo waardeloos gevonden, dat die het meteen na aankoop bij ons gebracht heeft.
- Dan liever de lucht in! 160 jaar uitbreidingsplan Romein
- Minimalistische éénakter Drama mei deade dichters
- Overheid wijst werknemers in Friesland op pensioen bij baanwissel of minder werken
- Woninghuur stijgt gemiddeld met 4,4 procent
- Aanpak criminele families moet op de schop
- Bied jongeren tegengewicht aan online geldwereld
- Nederlands gas behoort tot duurste van Europa – 48 cent van elke euro naar de staat
- Expositie kunst van 24 wijkbewoners uit de Hollanderwijk
- Hond kost in hele leven ongeveer 20.000 euro: ruim driekwart Nederlanders schat dat lager in
- Levensmiddelenclub: suikerbelasting duur en complex, gezondheidswinst onduidelijk
- Jongeren kunnen ideeën indienen voor activiteiten, evenementen of ontmoetingsplekken die zij graag in hun omgeving zien
- Andries Gaastra van Batavus naar Koga Miyata – In Japan had ik de werkwijze en de mentaliteit van de bevolking en de ondernemers bestudeerd
- Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed verleent 255.000 euro aan restauratie Bonifatiustoren




