FNP: Gemeente neemt loket Grou niet serieus

Lyda Veldstra-Lantinga – Artwork: Keimp
(tekst: FNP)
Skriftlike fragen artikel 41, earste kêst, neffens Reglemint fan Oarder foar de gearkomsten fan de gemeenteried fan de gemeente Ljouwert, yntsjinne troch de FNP fraksje Ljouwert op
Tongersdei 19 maaie 2016.
Acht kolleezje fan boargemaster en wethâlders,
Oangeande: Evaluaasje tsjinstferlieningsloket Grou.
Ynlieding:
Sûnt jannewaris 2014, hat Grou in tsjinstferlieningsloket, dit nei oanlieding fan it weryndielingsbeslút, novimber 2013.
Yn it kolleezje program 2014-2018 is fêstlein dat it loket yn elts gefal 4 jier iepen wêze sil en it budget is foar € 100,000,- jierliks fêststeld.
De iepeningstiiden binne: Tiisdei’s /woansdei’s fan 13.30 oant 17.00 oere
Tongersdei’s fan 13.30 oant 19.30 oere
Doel: It ferstrekken fan ienfâldige produkten/tsjinsten en ynformaasje, útreksels GBA, eigen ferklearrings en it opfreegjen fan ( oanfraach formulieren ) loket foar rydbewizen en reisdokuminten.
Ut de evaluaasje blykt dat der earst 51 besikers per dei kamen en no noch 24 besikers per dei, der is sprake fan in daling fan besikers fan 50%.
Der binne klachten oer de beheinde iepeningstiiden, lange wachttiiden en beperkt oanbod fan produkten en tsjinsten……
Grutte foardiel is de romme parkeergelegenheid.
Derom hat de FNP fraksje de folgjende fragen:
Hat it kolleezje ek ûndersyk dien nei de soarten ynwenners, âld, jong, wol as net yn besit fan eigen ferfier?
As blykt út ûndersyk dat de minsken dy’t no gebrûk meitsje fan it loket âlderein binne of ynwenners sûnder eigen ferfier, is it kolleezje dan ek ree om ek dit loket nei 2018 iepen te hâlden.
Is it kolleezje ek fan doel nei oanlieding fan de klachten hjiroer om de iepeningstiiden oan te passen en/of út te wreidzjen mei in moarns iepening ( bygelyks in tiisdei te moarn fan 9.00 – 12.30 oere )
Troch personiel yn te hieren, is der in foardiel ûntstien fan € 35.000,- op jierbasis, is it kolleezje ree om de kommende jier dit budget yn te setten foar rommere iepeningstiiden?
Is it kolleezje ree nei oanlieding fan de klachten hjiroer om it beheinde oanbod ( produkten en tsjinsten ) út te wreidzjen om sa de meiwurkers mear produktyf te meitsjen.
De FNP fraksje fynt dit gjin goed ûndersiik, wij hawwe ús eigen miening oer wat doarpen nedich hawwe. Wij hawwe genôch ûnderfining opdien mei it Europaplein hoe in gemeente sifers útlizze kin.
Resumé:
De boargermaster spruts moaie wurden by ít beslút oangeande de weryndieling.
De gemeente Ljouwert krijt der mei Grou in “ pareltsje “ bij.
Wat bliuwt hjir noch fan oer as de tsjinstferliening útklaaid wurdt?
Graach soe de FNP Fraksje op koarte termyn graach foar 30 maaie o.s. ( omt dit loket ek by de ôfwagings fan de MTR neamd wurdt ) antwurd hawwe wolle op ús stelde fragen,
Ut namme fan de FNP Fraksje Ljouwert
Lyda Veldstra-Lantinga
Meer berichten
- ‘Lokale financiering is de sterkste vorm van onafhankelijkheid’
- Politieke onrust kost Europa miljarden. Nederland uitzondering
- De onfeilbare mens van de linkse systeemkerk
- Vakantiepark De Kleine Wielen schenkt drie gezinnen een volledig verzorgde vakantieweek
- 50 jaar correspondent in Brussel: Wat ik van Europa opstak
- Even overweeg ik te zeggen dat het niet te koop is omdat ik het eerst zelf wil lezen. Maar ik begin als beginnend boekverkoper al een beetje aan beroepsdeformatie te lijden en verzin een prijs zodat de man het kan kopen.
- 1 op de 8 woningen opnieuw te koop tegen lagere vraagprijs
- Economische zelfmoord door energietransitie?
- Liefhebbers Italië past vakantie aan door sterk stijgende prijzen
- Cultuurexplosie ART Leeuwarden 22 augustus
- Het afgelopen kwartaal kwamen er in het openbaar bestuur 6 duizend banen bij, in de cultuur, recreatie en overige diensten 4 duizend
- Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
- Eatcorner Potmarge: Ja, je mutte wat met de tyd met
- Watertekort? Zorgvuldigheid wordt een alibi om niet te hoeven kiezen
- Max van der Velde: Leeuwarden heeft de boot gemist
- Tienduizenden vierkante meters vergeten stadsruimte bieden kansen voor vergroening
- We drinken minder bier – Brouwers klagen
- Vakkenvuller, horeca- en verkoopmedewerker ook in zomer meest voorkomende jongerenberoepen
- 9 op de 10 volwassenen vinden het leven de moeite waard
- De burgemeester van Leeuwarden heeft een verstandige vrouw
- Anke van den Hurk nieuwe eigenaar The Friezinn in Westhoek
- Speciaalbierkafee It Wapen fan Fryslân Oentsjerk: Als de meute naar rechts gaat, dan gaan wij naar links
- De val van minister Dennis Wiersma: was dit een incidenteel conflict of een structurele sabotage vanuit de ambtenarij?
- Jelle en Tineke Pietersma van snackbar De Centrale: Als iets goed is dan hou ik dat vast
- Gratis street art speurtocht
- GroenLinks/PvdA Leeuwarden wil geen vervuilende reclame zoals gokken, vliegen en fossiele industrieën
- Potmargegebied onder druk – Piet Berndes: ‘Als je dat doet, komt er opstand’
- Wat gebeurde er precies op zaterdagavond 28 januari, de avond die zo feestelijk had moeten verlopen?
- Sociale veiligheid op werkvloer: cursusje is niet genoeg
- Jan de Boer: een vreemde eend aan het Vliet – voedselbank is schandalig
- De BBB-partijtop kan alleen nog toekijken hoe de partij langzaam leegloopt
- Ambtenaar: Je moet een plan groot maken, heeeel groot
- Kin it kolleezje oanjaan op hokker wize yn ús gemeente it Jabikskrûd gemeentlik bestride wurdt?
- Psy-Fi: gemeente Leeuwarden stapelde fout op fout
- Terwijl je varkens- en hondenstaarten al lang niet meer mag couperen, is het verminken van bomen nog altijd toegestaan
- Ik word echt gelukkig van onnutte weetjes, merk ik (nu met beeld)
- Salarisverhoging voor bestuurders Leeuwarden: burgemeester krijgt er ruim 300 euro bij – wethouders krijgen 11.025,76 per maand
- ‘We zijn een gematigd dorp’
- Jitske Kingma: Twintig jaar geleden werd Print on demand nog niet serieus genomen
- Journalistiek die voortdurend probeert te overtuigen, houdt op journalistiek te zijn




