Liwwadders
  • Cultuur
  • Politiek
  • Economie
  • Ondernemen
  • Doneer!

Hûndert kopstikken tsjin nije regels foar it Frysk

6 juni 2013 Actueel

(tekst: ingezonden)

Hûndert kopstikken tsjin nije regels foar it Frysk

(LJOUWERT, 6 juny) Mear as hûndert ûndertekeners fan in Oprop oan Provinsjale Steaten fan Fryslân wolle gjin nije staveringswiziging en gjin ferplichtsjende ‘standertwurdlist’ foar it Frysk.

Under oaren de heechleararen Nils Århammar, Philippus Breuker, Henry J. Baron, Germen de Haan, Siemon Reker en Goffe Jensma fine in yn april nommen beslút fan de Steaten wittenskiplik sjoen ûnfoldwaande beargumentearre en net basearre op foldwaande draachflakûndersyk.

De ûndertekeners, bekende nammen út wittenskip, kultuer en ûnderwiis en hast allegear minsken dy’t alle dagen mei it Frysk skriuwen dwaande binne, wolle net dat takomstige produkten fan de Fryske Akademy as in staveringshifker en in Grien Boekje ta stân komme mei wizigingen yn de stavering of seleksje fan standertwurden op basis fan dialektfoarmen. It protest wurdt ek stipe troch de studinteferienings Bernlef, Skanomodu en de Federaasje fan Fryske Studinteferienings.

Neffens de ûndertekeners hawwe de Steaten politike en prosedurele romte genôch om by te stjoeren, ek nei it foarriedich beslút fan 24 april. In definitive regeling moat noch oannommen wurde.

In delegaasje fan de opstellers hat de Oprop en de list mei nammen woansdeitemiddei op it Provinsjehûs oanbean oan deputearre Jannewietske de Vries. De opstellers fan de Oprop binne heechlearaar Fryske Taal en Kultuer Goffe Jensma, de taalkundigen Pieter Breuker, André Looijenga en Henk Wolf en de skriuwers Eeltsje Hettinga, Elske Schotanus en Abe de Vries.

MEAR YNFORMAASJE? Abe de Vries, abedevries@hotmail.com

 

*

Persbericht

HONDERD KOPSTUKKEN TEGEN NIEUWE REGELS VOOR HET FRIES

(LEEUWARDEN, 6 juny) Meer dan honderd ondertekenaars van een Oproep aan Provinciale Staten van Fryslân willen geen nieuwe spellingswijziging en geen verplichtende ‘standaardwoordenlijst’ voor het Fries.

De ondertekenaars, bekende namen uit wetenschap, cultuur en onderwijs en bijna allemaal mensen die dagelijks de Friese taal schrijven, willen niet dat toekomstige producten van de Fryske Akademy zoals een spellingschecker en een Groen Boekje totstandkomen op basis van een spellingswijziging of selectie van standaardwoorden op basis van dialectvormen. Het protest wordt ook gesteund door de studentenverenigingen Bernlef, Skanomodu en de Federatie van Friese Studentenverenigingen.

Volgens de ondertekenaars hebben de Staten politieke en procedurele ruimte genoeg om bij te sturen, ook na het voorlopig besluit van 24 april. Een definitieve regeling moet nog worden aangenomen.

Een delegatie van de opstellers heeft de Oproep en de lijst met namen woensdagmiddag op het Provinciehuis aangeboden aan gedeputeerde Jannewietske de Vries. De opstellers van de Oproep zijn hoogleraar Friese Taal en Kultuur Goffe Jensma, de taalkundigen Pieter Breuker, André Looijenga en Henk Wolf en de schrijvers Eeltsje Hettinga, Elske Schotanus en Abe de Vries.

 

Oprop oan Provinsjale Steaten

Ljouwert, 5 juny 2013

Oan Provinsjale Steaten

Tweebaksmarkt 52,

8911 KZ Ljouwert

Achte Steaten,

Yn dizze ‘Oprop oan Provinsjale Steaten’ wolle wy ús ûngerêstheid útsprekke oer it beslút dat jimme op 24 april l.l. nommen hawwe om alfêst in part fan de stavering fan it Frysk fêst te lizzen, mar tagelyk ek mei staveringsferoaringen akkoart te gean. Tagelyk meitsje wy ús grutte soargen oer in noch folle fierdergeand plan, nammentlik om yn it Frysk sels, yn de wurdfoarmen, te snijen. Us beswieren wurde troch likernôch 100 saakkundigen droegen: wittenskipslju, dosinten, skriuwers, sjoernalisten, útjouwers, studinten en minsken út de kulturele hoeke. Jimme fine har nammen yn Taheakke I. Ek yn de reguliere en sosjale media hawwe in opfallend protte minsken har tsjin jimme plannen keard.

Us brief bestiet út trije parten. Alderearst freegje wy ús ôf oft jimme wol de bedoeling hân hawwe om de Fryske Akademy (tenei: FA) ek de opdracht te jaan om de stavering te feroarjenen om yn it Frysk sels te snijen, om de taal te standerdisearjen. Yn it twadde diel geane wy yn op ús beswieren tsjin de staveringsferoaringen en yn it tredde op de plannen fan de FA (en fan jimme?) om de taal sels te standerdisearjen.

Hjirre neame wy alfêst in algemien beswier dat sawol foar de proseduere as foar de ynhâld jildt. PS hawwe, mei útsluting fan oare partijen, oan de FA in opdracht jûn en dy hat by ús witten op eigen manneboet, sûnder yngeand oerlismei ‘it fjild’, de oan jimme foarleine plannen betocht. Dat is in nuvere gong fan saken, sawol yn wittenskiplik as yn demokratysk opsicht. Der is ek bûten Akademy-rûnten in protte kennis oangeande stavering en standert en de taal is net allinnich it domein fan de FA, mar fan alle Fryskbrûkers. De protesten fan de lêste wiken út alderhanne rûnten tsjin ien en oar litte dat ek sjen.

In twadde algemien beswier hâldt ferbân mei de kosten. Wy kinne dy net oersjen, mar se moatte yn de papieren rinne. It giet, neist (by-)skoalling, om it oanpassen fan bygelyks lesmetoaden, wurdboeken, grammatika’s en websiden (lykas edufrysk fan de Afûk). Neffens ús betinken soe it jild folle better op in werklik taalbefoarderjende wize bestege wurde kinne. Dêrby tinke wy alderearst oan in Nederlânsk-Frysk wurdboek dat like ryk is (oan synonimen en idioom) as it nije Hânwurdboek F/F en dat ek op deselde manier digitaal rieplachte wurde kin.

Oan ‘e ein fan ús oprop sille wy jimme freegje om de stavering net te feroarjen en om net yn it Frysk sels te snijen (troch dialektseleksje). De FA soe de nije opdracht krije moatte om op grûn fan debesteande stavering in Staveringswurdlist op te stellen, neffens opset te fergelykjen mei it Groene Boekje foar it Nederlânsk.

1. De opdracht fan PS oan de FA

Neffens de ‘Konsept-beslutelist PS-gearkomste 24 april 2013’ (sjoch Taheakke II) hat, en wy sitearje jimme sels, ‘de provinsje de Fryske Akademy de opdracht jûn om in standertwurdlist foar it Frysk op te stellen. Dizze standertwurdlist is te fergelykjen mei it Groene Boekje foar it Nederlânsk, of offisjeel de ‘Woordenlijst Nederlandse Taal van de Nederlandse Taalunie’. De standertwurdlist moat in oersjoch jaan fan de offisjele stavering fan it Frysk’.

Dêrmei lizze jimme it doel fan it Groene Boekje korrekt út. Dat jout allinnich foarskriften foar de stavering, mar befettet gjin regels foar it standerdisearjen fan de taal sels, krekt oarsom. De ‘Inleiding’ fan it GB einiget sa:

‘De Woordenlijst spreekt zich alleen uit over de vorm van de woorden en, als het om zelfstandige naamwoorden gaat, over het woordgeslacht. De opname van een woord mag derhalve niet beschouwd worden als een officiële goedkeuring van het woord, en het ontbreken van een woord betekent geen afkeuring.’

Yn har ‘Advys regeloanpassing Fryske stavering’ d.d. 18 jannewaris 2013 komme de trije opstellers lykwols mei in hiel eigen ynterpretaasje fan de standertwurdlist:

De FA konstatearret dat ‘de besteande, troch de Provinsje fêststelde, regeling foar de stavering net folslein en konsistint is’. Dat jout de FA oanlieding om de stavering net allinnich fêst te lizzen yn in standertwurdlist, mar tagelyk ek om dy te feroarjen. Mar de FA giet noch in flinke stap fierder: ‘De FA is bliid mei it inisjatyf fan ‘e Provinsje ta in offisjele Standertwurdlist. De FA is fan betinken dat sa’n ûndûbelsinnige wurdlist de drompel om Frysk te skriuwen leger meitsje sil. Nimmen hoecht him by it Fryskskriuwen mear ôf te freegjen oft wat er skriuwt wol geef Frysk is.’

Wy freegje ús ôf oft PS de FA de opdracht jûn hawwe om de stavering te feroarjen. It opstellen fan in staveringswurdlist kin ommers ek op basis fan de besteande regels. Mei it oanwizen fan ‘geef Frysk’-foarmen, dus mei it fêststellen fan hokker foarmen oft al en hokker net ta de standert hearre, geane de opstellers yn alle gefal, ek letterlik, bûten har boekje. Yn de Akademyplannen giet it (ynearsten?) om it kiezen út dialektfarianten. As foarbyld neamt de FA de kar tusken ‘romte’ en ‘rûmte’. Woenen jimme wier dat de FA jimme opdracht sa rom útleit? It is ek de fraach oft de Provinsje wol it foech hie om it boppeneamde beslút te nimmen, alteast foar safier’t it giet om taalnormearring. It soe yn alle gefal de earste kear wêze dat in Fryske oerheid binende foarskriften oer de taalnoarm jout.Hoe’t it ek wêze mei, ôfsjoen fan de formele kant, der binne safolle ynhâldlike beswieren tsjin it kieze moatten út dialektfarianten, dat wy ús net yntinke kinne dat jimme de FA it Frysk sels standerdisearje litte wolle. Lykas sein, geane wy dêr yn it tredde part fan dit brief op yn.

2. Beswieren tsjin de staveringsferoaringen

Yn de slipstream fan it gearstallen fan in Fryske wurdlist op grûn fan de besteande stavering, hawwe trije meiwurkers fan de FA in tal útstellen ta staveringsferoaring dien. Har staveringsferoaring (dêr’t noch fierder oan wurke wurdt) krige op 24 april l.l. de ynstimming fan Provinsjale Steaten, sûnder dat de FA dêrta in (dúdlike) opdracht krigen hie en sûnder dat dy ynstelling dêrfoar earst oerlis mei it fjild hân hie.

Wat soe der feroarje moatte? It útstel komt yn haadsaak del op: 1) it ‘konsistint’ tapassen fan de regels foar de stavering fan ‘oe’ en ‘û’; 2) it ôfskaffen fan de skriuwwize ‘ieu’; 3) nije regels foar it skriuwen fan guon frjemde wurden. (Sjoch Taheakke IV foar de tekst fan it foarriedige útstel ta staveringsferoaring.)

Wêrom soe de stavering feroare wurde moatte? De âlde regels foar ‘oe’/‘û’ soenen ûndúdlik formuleard en net hiel konsistint wêze, de ‘ieu’ soe oerstallich wêze omdat wy ek ‘-iuw’ hawwe, yn de dûbelfoarm ‘reauntsje’- ‘reontsje’ soe de lêste foarm ferfalle moatte en it staverjen fan frjemde wurden soe ‘in heldere regeling’ fertsjinje.

Der is in protte tsjin sa’n staveringsferoaring yn te lizzen. Wy beheine ús ta fjouwer haadbeswieren.

Yn it foarste plak wie der gjin winsk ta feroaring by de deistige brûkers fan it Frysk; de besteande stavering is net perfekt, mar der is goed mei te wurkjen. En feroaring jout allinnich mar ûnrêst yn it ûnderwiis; dat hat no krekt ferlet fan rêst!

Twad: it omdokterjen mei de stavering jout de gewoane brûker fan it Frysk gjin hâldfêst by it skriuwen, mar ûnwissens. Guon basale wurden oars skriuwe taast it besteande wurdbyld oan en makket it staverjen dêrmei no krekt dreger. Sa betsjutte de nije regels dat tenei hiel gewoane Fryske wurden as ‘droech’, ‘útnoeging’ en ‘ieu’ oars skreaun wurde moatte, nammentlik as resp. ‘drûch’, ‘útnûging’ en ‘iuw’.

Tred: it útstel dat der no leit is sels ek net konsistint. Neist ‘telefyzje’ (mei in f) stiet aanst ‘advys’ (mei in v) en dat is net minder nuver as ‘televyzje’- ‘advys’, de âlde situaasje; de doe-tiid fan tiidwurden krijt ‘oe’, mar it mulwurd wurdt net neamd (dus: ‘ik droech’ en ‘ik haw drûgen’?); en is it Nederlânske wurd ‘toen’ wier wol genôch besibbe oan ‘doe’ om te garandearjen dat wy it net as ‘dû’ skriuwe moatte sille? (Mear foarbyldsjes fan ‘oe’/‘û’ yn Taheakke III.) Ek neffens de útstelde regels bliuwt it staverjen yn details dus in tizeboel. Der is gjin ferbettering, dat wy kinne de stavering dan better by it âlde hâlde.

Fjird: wy twivelje ek oan it teoretysk tinkramt efter it stribjen nei in ‘better learbere stavering’. It liket derop dat der net genôch rekken hâlden is mei de manier wêrop’t minsken in stavering oanleare: dat giet mar foar in part analytysk, foar it meastepart ûntwikkelje wy as taalbrûkers lêzendewei ús wurdbyld. Om dy reden binne skynbere útsûnderingen (bygelyks ‘ieu’ of ‘spoek’) yn de praktyk folslein gjin probleem foar wa’t de taal lêst of skriuwt. Dat in saneamde etymologyske stavering net oan te learen wêze soe, is net wier. It skreaune Frysk sit der fol mei, júst yn de gewoanste wurden (‘hjerst’, ‘kâld’, ‘it’, ‘moatte’, ‘bleaun’). Feroarjen fan de stavering fan in pear deistich brûkte wurden soe dêrom inkeld symboalpolityk wêze.

In nije, bettere staveringshifker soe wol in hiel moai stik ark wêze foar elk dy’t Frysk skriuwt. Mei dy hifker moat der lykwols net in nije stavering ynfierd wurde. De ‘nije’ stavering dy’t útsteld is, is ommers in ûnnedige oplossing foar in net-besteand probleem, smyt sels ek wer in protte nije ynkonsistinsjes op, bringt grif ûnfoarsjoene kosten mei him mei, en is – om koart te kriemen – út noch yn net in ferbettering by it lêzen en it skriuwen fan it Frysk.

3. Beswieren tsjin de standerdisearring fan it Frysk sels

By de standerdisearring fan it Frysk giet it yn it ‘Advys regeloanpassing Fryske stavering’ d.d. 18 jannewaris 2013 fan de FA om yn de skriuwtaal kieze te ‘moatten’ tusken Fryskeigen dialektfarianten. Wy sille no tige yn ’t koart útlizze wêrom’t dy foarm fan standerdisearring (dy’t dan, yn it ferlingde fan de nije regeling fan de stavering, ek wer jilde moatte soe foar it ûnderwiis en it offisjele ferkear) der net komme moat. Wy sille dêrby sjen nei de funksje en de foarm fan it Frysk.

It Frysk is alderearst in sprutsen taal. Dat is in feitlike konstatearring. Neffens eigen sizzen soe in lyts 20 persint it Frysk skriuwe kinne. As it om goed Frysk skriuwen giet, tinke wy dat it by 5-10 persint bliuwt. Neier, al oankundige, ûndersyk fan de FA nei de feitlike behearsking fan it Frysk sil ústslútsel jaan kinne.

Yn it sprutsene Frysk is folop romte foar de ûnderskate Fryske haaddialekten: it Klaaifrysk, it Wâldfrysk en it Súdhoeksk. Salang’t it Frysk dêrneist net algemien skreaun wurdt, bliuwt dat sa. Dêr feroaret in fan boppen opleine taalnoarm, opsteld troch de FA en ferplichte troch de provinsje, neat oan: it berik dêrfan is ienfâldichwei te lyts. De ‘gewoane’ man skriuwt it Frysk net, de minsken dy’t de taalnoarm tapasse moatte soenen (dosinten, wittenskipslju, skriuwers, sjoernalisten, útjouwers, ensafh.), komme massal yn ferset. Ut earder ûndersyk docht, oars as de FA stelt, ek bliken dat der ûnder de minsken dy’t it Frysk skriuwe net folle ferlet is fan dialektseleksje.

Der binne bûten de krekt neamde feiten noch gâns oare redenen om dialektseleksje ôf te wizen. Wy litte it by twa foarm- en fjouwer funksjonele arguminten.

1. De taalkundige ferskillen tusken de Fryske dialekten binne lyts. Se jouwe eins noait oanlieding ta misbegryp. Men moat lang sykje om foarmen dy’t de iene groep brûkt, mar de oare net (fuort) begrypt. Te tinken falt oan ynsidentele foarmen as ‘harke’ – ‘riuwe’, ‘flues’- flij’.

2. Der is taalkundich sjoen gjin ferantwurde kar te meitsjen tusken de ûnderskate dialektfarianten. Elke list sil hieltiten wer grutte willekeur sjen litte (sjoch Taheakke V). De FA soe net oarder en regel skeppe, mar gaos. Dat kin in wittenskiplik ynstitút as de FA him net feroarloovje, en de dochs al kwetsbere Fryske taalmienskip kin dat net drage.

3. Sosjaal sjoen stekke de brûkers fan it iene (haad)dialekt net boppe dy fan it oare út. Dat komt alderearst omdat it Frysk primêr sprektaal is, mar ek troch de oanwêzigens fan it dominante Nederlânsk. Mei oare wurden: der is net in groep dialektbrûkers dy’t op grûn fan (ekonomyske, kulturele of getalsmjittige) oerhearsking har Fryske fariant as skriuwtaal oplizze kin.

4. De besteande teksten yn it Frysk soenen ynienen net mear goed wêze. Dosinten en amtners soenen nij lesmateriaal krije moatte, it wurk fan alle Fryskskriuwers soe net oan de nije noarm foldwaan. En alle wurdboeken, grammatika’s en staveringsmetoaden (dé taalnoarmboarnen) soenen ferâldere wêze.

5. In Standertwurdfoarmelist sil taalbrûkers ferfrjemdzje fan har eigen, ieuwenâlde, goedfryske foarmen. Ynienen krije se fan boppenôf te hearren dat ‘romte’ net ta de standert heart, mar ‘rûmte’ wol, ‘do’ al, ‘dû’ net, en al dy oare taaleigen foarmen. En sa’n diktaat fan hegerhân sil sûnder mis syn útwurking op de sprektaal hawwe. Minsken sille har (noch) ûnwisser oer har eigen Frysk taalgebrûk begjinne te fielen.

6. As lêste neame wy it didaktyske aspekt. By it Frysk skriuwen learen moat tenei e l k e Frysktalige eigen wurden en foarmen ôf- en ûneigen oanleare. Foar alle dúdlikens: it giet om tûzenen gefallen. Sa’n list (better sein: wurdboek) is foar gjin minske oan te learen, net allinnich fanwegen it grutte oantal wurden, mar ek omdat der gjin systeem yn sit. En is it werklik sa lestich foar net-Frysktaligen om yn kontakt te kommen mei dialektyske dûbelfoarmen, sa’t foarstanners fan dialektseleksje hawwe wolle? Us ûnderfining is oars. Guon fan ús hawwe in protte ûnderwiisûnderfining mei net-Frysktaligen. Dy hawwe hûnderten fan har Frysk skriuwen leard en har amper kleien heard. Sterker noch: de measten fûnen it wol nijsgjirrich! It Frysk hat al in kwetsbere posysje yn it ûnderwiis, fan beukerskoalle oant universiteit. Dêrby komt it Frysk as skriuwtaal hielendal oan ‘e krapperein. It ûnderwiis hat, wy wize dêr nochris op, ferlet fan rêst, fan stabiliteit, net fan ûnnedige, sels hiel ferkearde feroaringen!

It Frysk hat in romme, mar yn de hjoeddeiske situaasje goed funksjonearjende skriuwtaalnoarm. Wa’t as skriuwer ferlet fan stipe oangeande de taalnoarm hat, kin yn de besteande wurdboeken en grammatika’s telâne. Wy moatte wiis wêze mei de minsken dy’t it Frysk skriuwe. Meitsje de basis net noch smeller, ferfrjemdzje de Friezen net fan har eigen taal!

De seis opstellers en de likernôch 100 mei-ûndertekeners fan dit brief freegje mei klam Provinsjale Steaten om op grûn fan foargeande arguminten:

1. De stavering net te feroarjen. Dêrmei soe it beslút fan 24 april l.l. ferfalle en soe de FA net fierder hoege te gean mei noch mooglik oare oanpassingen;

2. de FA opdracht te jaan om op grûn fan de besteande stavering in Staveringswurdlist op te stellen, neffens opset en útwurking te fergelykjen mei it Groene Boekje;

3. De FA net in list opstelle te litten fan standertfoarmen, basearre op dialektferskillen (of op basis fan mooglik oare útgongspunten).

Dêrneist soenen de Steaten de FA opdracht jaan kinne om op koarte termyn in (elektroanyske) staveringshifker te meitsjen, ek brûkber foar apple.

En wy soenen ek tige oanstean wolle op in (nij) Nederlânsk-Frysk wurdboek dat like ryk is (oan synonimen en idioom) as it nije Hânwurdboek F/F en dat ek op deselde manier digitaal rieplachte wurde kin.

Mei freonlike groetenis,

dr. Pieter Breuker, Ljouwert, frisist (âld-learare-oplieder en dosint taalfeardigens en sosjolinguistyk Frysk Ynstitút RuG);

Eeltsje Hettinga, Ljouwert, skriuwer, dichter;

prof. dr. Goffe Jensma, Sauwerd, heechlearaar Fryske Taal- en Letterkunde, Ofdieling Fryske Taal en Kultuer, Ryksuniversiteit Grins;

drs. André Looijenga, Grins, redakteur literêr tydskrift Ensafh. en twafâldich winner Grutfrysk Diktee;

Elske Schotanus, It Hearrenfean, skriuwster;

Abe de Vries, Aldebiltsyl, dichter, winner Gysbert Japicxpriis 2005, sjoernalist;

drs. Henk Wolf, Ljouwert, dosint taalkunde en Frysk.

 

Taheakke I

Undertekeners fan de Oprop

Maaike Andringa, dosint klassike talen, Grins

Nils Århammar, heechlearaar Frysk, emeritus, RuG en Flensboarch, Braïst/Bredstedt

Henry J. Baron, Professor of English, emeritus, Calvin College, Grand Rapids (Michigan)

Wim Beckers, komponist, tekstskriuwer, Wytmarsum

Nynke Beetstra, oersetter Frysk, Grou

Wilco Berga, skriuwer, byldzjend keunstner, Harns

Pier Bergsma, âld-direkteur basisskoalle, Hurdegaryp

Bernlef, studinteferiening, Grins

Sytze Bijlsma, âld-direkteur iepenbiere basisskoalle, Driezum

Jetske Bilker, skriuwer, Achlum

Anna Marije Bloem, dosinte Frysk, Bogerman, Snits

Eize de Boer, sjoernalist, Noardburgum

Pier Boorsma, dichter, filosoof, Grins

Sjieuwe Borger, skriuwer, juridysk adviseur, Grins

Wietske Borger, ûndernimmer, Sleat

Sjoerd Bottema, learaar Frysk, skriuwer, Weidum

Philippus Breuker, heechlearaar, resp. bysûnder heechlearaar Fryske Taal- en Letterkunde, emeritus, Boazum

Goasse D. Brouwer, útjouwer, oersetter, lesjouwer Frysk, Ljouwert

Tsead Bruinja, dichter, Amsterdam

Eppie Dam, dichter, skriuwer, oersetter, resinsint, Kollum

Paul van Dijk, berneboekeskriuwer, Warkum

Louw Dijkstra, útjouwer, Dokkum

Liuwkje Everts, dosint Afûk, Hallum

Hille Faber, ûnderwizer, Warkum

Anne Feddema, skriuwer, byldzjend keunstner, Ljouwert

Federaasje fan Fryske Studinteferienings, Grins

Anneke Gerbrandy, skriuwster, Balk

Babs Gezelle Meerburg, frisist, Burdaard

Karel Gildemacher, nammekundige, De Jouwer

Rients Gratama, teaterman, skriuwer, Ljouwert

Pieter de Groot, sjoernalist, Wommels

Germen de Haan, heechlearaar Frysk, RuG, Hilversum

Hans de Haan, direkteur iepenbiere basisskoalle, Holwert

Josse de Haan, skriuwer, Gysbert Japicxpriiswinner 2007, Hendaye

Ruurdtsje de Haan, skriuwster, Burum

Wieke de Haan, skriuwster, Mantgum

Bouke van der Hem, jurist/mediator, skriuwer, Grins

Tsjisse Hettema, dichter, meiwurker Tresoar, Seisbierrum

Ytsje Hettinga, skriuwster, toanielspylster, Koudum

Otto Hiemstra, direkteur CBS De Opdracht, Oerterp

Eabele van Hijum, foarsitter CvB Stichting Nije Gaast, berneboekeskriuwer, Balk

Nanna Haug Hilton, universitêr dosint sosjolingwistyk, ôfdieling Fryske taal en kultuer, RuG, Grins

Klaas van der Hoek, konservator hânskriften en moderne letterkunde, UvA, Amsterdam

Ytsje Hoekstra, dichter, tekstskriuwer, Ljouwert

Hessel Huismans, âld-hûsdokter, Heech

Ferdinand de Jong, skriuwer, Drachten

Folkert de Jong, dosint Stenden Hegeskoalle, Drachten

Hanneke de Jong, bern- en jeugdboekeskriuwster, Frjentsjer

Sietske de Jong, skriuwster, Ljouwert

Simen de Jong, skriuwer, Bussum

Riekje Jongsma-van Dijk, skriuwster, âld-studinte Frysk, RuG, Nieuw Roden

Elske Kampen, dichteres, Gytsjerk

Jitske Kingma, útjouwer, skriuwer, Ljouwert

Grytsje Kingma-Zantema, sjongeres, liettekstskriuwster, Sint Jânsgea

Jurjen van der Kooi, âld-dosint Frysk RuG, âld-meiwurker Fryske Akademy, Bûtenpost

Gea Kooijenga, dosinte Frysk, oersetster, Drachten

Cees Krottje, dosint Ingelsk, Hanzehogeschool, De Like

Elmar Kuiper, skriuwer, byldzjend keunstner, Húns

Henk Looijenga, direkteur cbs De Finne, Aldeboarn, Tersoal

Aggie van der Meer, skriuwster, Boalsert

Geart van der Meer, âld-dosint Ingelsk en Frysk, RuG, oersetter, Midlaren

Hindrik van der Meer, komponist, liettekstskriuwer, Fûns

Beitske van der Meer-Stavenga, âld-ûnderwizer, Fûns

Cees van der Meulen, âld-studint Frysk, RuG, Grou

Jimke Nicolai, direkteur Bureau voor Levend Leren, Nij Beets

Syta Palma, âld-dosinte Frânsk, Grins

Anne Tjerk Popkema, oersetter, winner Obe Postmapriis 2012, taaldosint en -wittenskipper, Grins

Gertjan Postma, senior ûndersiker, Meertens Instituut, Amsterdam

Siemon Reker, hoogleraar Groningse taal en cultuur, RuG, Bedum

Sake Roodbergen, skriuwer oer de natoer, Akkrum

Marije Roorda, skriuwster, Broek

Willem O. Santema, ûnderwiisman en skriuwer, Heech

Robert Seton, opmakker/foarmjouwer, útjouwer, Ljouwert

Koop Scholten, âld-dosint Frysk, De Wylgen

Baukje Sienema, learkrêft groep 8, Surhústerfean

Froukje Sijtsma, sjoernaliste, Paramaribo

Skanomodu, stúdzjeferiening Fryske taal en kultuer, RuG, Grins

Bernard Smilde, emeritus predikant, siktaris Fryske Bibeloersetting, oersetter tsjerkelieten, Ljouwert

Albertina Soepboer, dichter, skriuwer, frisist, Harns

Hylke Speerstra, skriuwer, Snits

Irene Sterrenburg, dosinte Frysk, csg Liudger, Burgum

Steven Sterk, skriuwer, útjouwer, Tsjalbert

Hilda Talsma, skriuwster, Warten

Hedwig Terpstra, skriuwster, Akkrum

Willem Tjerkstra, skriuwer, dichter, Gysbert Japicxpriiswinner 2003, Snits

Rommert Tjeerdsma, skriuwer, Marrum

Hylke Tromp, taalkundige, Reduzum

Jaap Veenstra, dosint Stenden Hegeskoalle, De Rottefalle

Johan Veenstra, schriever/verteller, Ni’jhooltpae

Wopke Berend Veenstra, lid algemien bestjoer Wetterskip Fryslân, boer, Boelensloane

Foppe Venema, dichter, Frankryk

Jan Visser, âld-studint Frysk, RuG, Frjentsjer

Siem de Vlas, túnfoarmjouwer, Ljouwert

Goaitsen van der Vliet, konservator Twentse Taalbank, Enschede

Daam de Vries, grafysk foarmjouwer, kollumnist ensafh, Bitgum

Jouke Douwe de Vries, riedslid Dongerdadeel, ôfdielingslieder Bogerman, Dokkum

Matty de Vries, dichteres, byldzjend keunstner, Grins

Oebele Vries, histoarikus, Westergeast

Thys Wadman, direkteur basisskoalle, meiwurker Studio F, skriuwer fan berneboeken, Koudum

Cornelis van der Wal, dichter, Ljouwert

Syds Wiersma, koördinator Fries Film Archief, Ljouwert

Douwe Willemsma, wethâlder, âld-dosint Frysk, Itens

Baukje Wytsma, dichteres/berneboekeskriuwster, Reduzum

Baukje Zylstra, skriuwer, redakteur, Arnhim

 

 

 

cultuur middenstanders zakelijk

Advertentie Partij voor de Dieren Leeuwarden
 
Doe mee en doneer knop
Vorige bericht

Stenen stapelen op oude werkwijze biedt bij NHL geen perspectief

Volgende bericht

Sociale media inzet vergroot effectiviteit van politie

 

Meer berichten

  • Andries (VVD): Is er wel een stikstofprobleem? en Johan (D66) Magré: Vroeger trokken we eropuit om salamanders te zoeken
  • Rixt van der Meulen en Harm Smid van GB058: Ik zie nooit een raadslid in de Doelesteeg
  • Omzet stijgt hardst bij rechtskundige diensten en ingenieursbureaus – Hogere prijzen in bijna alle branches
  • Ik heb Klaver er nooit over gehoord, zoveel oog voor duurzaamheid en het milieu heeft hij blijkbaar niet
  • De Tweede Kamer begrijpt vrije nieuwsgaring niet en parlementaire journalisten vinden dat prima
  • Bauke Beert Keizer (FNP): minder regels en meer genieten
  • GL/PvdA: evenementen terug in de Groene Ster – Reactie GB058: die hebben jullie er zelf uitgejaagd
  • Te veel mensen laten geld liggen: automatisch zorgtoeslag toekennen is oplossing
  • Immaterieel erfgoed heggenvlechten en woonwagencultuur in de schijnwerpers
  • Hoe hou je vrijwilligers vast?
  • Raad wil wel sanctie tegen raadslid Saida Youssef maar doet het niet
  • F-35-personeel traint verdediging NAVO met Amerikanen in Utah
  • Douwe Egberts spaarprogramma (al 100 jaar) met waardepunten gaat weer van start
  • De grutto’s en de kieviten weten nog van niets, maar hun wereld staat op het spel
  • Loonkloof in acht jaar gehalveerd, vrouwen aan de top verdienen nog altijd fors minder
  • Huren bij de Boer moet betaalbaar plattelandstoerisme behouden
  • Abel Reitsma: Het CDA staat voor een redelijke en genuanceerde politiek – ‘Papa, waarom ga je weer weg?’
  • Economie kraakt: conflict Midden-Oosten jaagt energie- en transportprijzen omhoog – Koopkracht wordt uitgeknepen
  • FNP: waarom vinden er nog steeds werkzaamheden plaats aan de Troelstraweg?
  • Onderzoek concludeert: raadslid Youssef (GroenLinks/PvdA nu SLIM) schond de Gemeentewet
  • Tineke Kamminga-Huizenga: een asielzoekerscentrum tegen de hekken van de vliegbasis dat is toch mensonterend?
  • Ambtenaren: geen wijksafari, maar meewerken in de wijk
  • Technieksector bereidt zich voor op sabotage, stroomuitval, conflicten en crisis
  • Inwoners Wergea: gemeente is bang voor woningcorporatie – Directeur Amaryllis moet zijn gezicht hier eens laten zien
  • Politiek Café Leeuwarden met Cees de Snoo (CU), Jan-Willem Tuininga (FNP), Johannes Beers (PvdD), Thomas Hooft (D66) en Wieke Goudzwaard (CDA)
  • Traditionele criminaliteit zoals diefstal en geweld gelijk gebleven
  • Meer mensen voelen zich onveilig – Jonge vrouwen voelen zich het vaakst onveilig
  • Politici kunnen goed praten, maar nauwelijks luisteren
  • Als kandidaat-raadslid voor een lokale partij kijk ik met gemengde gevoelens naar tv-commercial
  • Afscheid van Hilda Snippe als voorzitter Werkgroep Toegankelijkheid Leeuwarden
  • Wat als we onze boodschappen zelf regelen?
  • Henk van den Borg (84) overleden – De gemeenteraad moet akkoord gaan met nieuw Cambuurstadion en de wethouder laten tekenen voor plan zonder losse eindjes
  • GB058: Het beleid voor senioren is ondergesneeuwd en staat bol van de goede bedoelingen met plannen die niet of onvoldoende worden uitgevoerd
  • Ik kijk pas weer op uit het boek als er een mevrouw naast me staat te kuchen
  • Sint Jozefbrug weer open na vernieuwingswerkzaamheden
  • Janneke de Boer: doe eens iets aan het onderhoud zoals los liggende tegels
  • Arcadia zoekt een artistiek leider (24-32 uur)
  • Even bellen met Eddie de Vries, voorzitter van de Friese reizigersvereniging
  • De Kahlmann-kramp: Waarom de censuurclown het theater vermoordt
  • Aldi op plaats Skilhiem in Stiens? – Waarom weten wij dat niet: hotel in Belastingkantoor? – Bloembak dicteert inrichting Ruiterskwartier?

 
 
 

 
 
 

Problemen met verhuurder? Woningtoewijzing? Uitkering? Aanvraag minimaregelingen? Bel snel PEL! 058-2671636 op werkdagen van 14.00-17.30 uur. B.g.g. mail verpel@online.nl
verkiezingsposter

Andries (VVD): Is er wel een stikstofprobleem? en...

10 maart 2026

Fajita cheeseburger

10 maart 2026

Rixt van der Meulen en Harm Smid van GB058: Ik zie...

10 maart 2026

Omzet stijgt hardst bij rechtskundige diensten en...

10 maart 2026

Stadsblad Liwwadders

Veel Leeuwarders ontvangen elke morgen rond koffietijd onze nieuwsbrief. Die wilt u toch ook niet missen? Het laatste nieuws uit Leeuwarden e.o. elke morgen rond elf uur in uw mailbox.

Lunch mee!

Stadsblad Liwwadders

JA, IK WIL een abonnement op het Stadsblad Liwwadders en ontvang de krant graag een jaar lang in de bus.

Meer informatie

Koken met Klaas

Klaas kasma

Archief

  • Liwwadders TV
  • Foto-archief
  • Stadsblad

Liwwadders.nl

  • Colofon
  • Contact
  • Privacystatement
  • Disclaimer

Sociale Media

TwitterFacebookYouTube
Copyright 2026 | Liwwadders.nl | Alle rechten voorbehouden
Uw gegevens op Liwwadders
Liwwadders plaatst functionele en analytische cookies.
Door op 'Akkoord' te klikken geeft u daarvoor toestemming. Lees ook onze Privacystatement. Akkoord
Privacy & Cookies Policy

Privacy Overview

This website uses cookies to improve your experience while you navigate through the website. Out of these, the cookies that are categorized as necessary are stored on your browser as they are essential for the working of basic functionalities of the website. We also use third-party cookies that help us analyze and understand how you use this website. These cookies will be stored in your browser only with your consent. You also have the option to opt-out of these cookies. But opting out of some of these cookies may affect your browsing experience.
Necessary
Altijd ingeschakeld
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. This category only includes cookies that ensures basic functionalities and security features of the website. These cookies do not store any personal information.
Non-necessary
Any cookies that may not be particularly necessary for the website to function and is used specifically to collect user personal data via analytics, ads, other embedded contents are termed as non-necessary cookies. It is mandatory to procure user consent prior to running these cookies on your website.
OPSLAAN & ACCEPTEREN