In kop as in almenak
(tekst: Afûk)
April 2013 ferskynt by de Afûk In kop as in almanak fan Elske Hindriks. Yn de jierren fyftich koenen skûtsjeskippers wier net mear fan de wyn libje. Se stapten de wâl op en sochten nije wegen. De ferhalen en de tradysjes bleaunen oan board fan de âlde skippen. Yn ‘In kop as in almenak’ besiket in dochter út in laach fan skippers de ferhalen fan har beide âlden nij libben yn te blazen. Sadat net alles ferlern gean sil.
Ynhâld:
Wat witst eins fan har? freget Elske Hindriks har ôf as sy merkt dat har mem ferjitlik begjint te wurden. Har mem, in skippersdochter, waard grutbrocht op in skûtsje. Hoe hat dat west? Hoe wie it om as famke yn ’e beage te rinnen? Wat kin se har noch yn it sin bringe fan de skippersskoalle? En hoe siet it mei de hendikep fan har suske? Har earste baantsje? En hie sy net in pake dy’t dronk? Sy makke de krisis en in oarloch mei, moete yn de jierren fyftich har man en tegearre begûnen se in rûnfeartbedriuw. Elske har heit keas der as jonkeardel foar om, yn de oarloch, in oplieding ta skipsfeint te dwaan foar de Ryn- en binnenfeart, letter foer er op in kuster. Hokker ferhalen sitte dêr achter?
Troch petearen mei har mem – sy is ûnderwilens widdofrou – besiket Elske Hindriks net allinne in rekonstruksje te meitsjen fan it libben fan har âlden, mar ek, foar safier mooglik, fan it libben fan de generaasjes foar har. It is in gefjocht tsjin de tiid, al wie it mar om’t de mem har ûnthâld stadichoan weiglidet. De petearen mei de mem wurde ôfwiksele mei anekdoates en observaasjes dy’t stadichoan de altyd wat dizinich bleaune famyljeskiednis stoffearje en oanklaaie. Tagelyk wurdt dúdlik hoe’t dizze ferhalen yngripe op Elske har persoanlike ferhaal en dat fan har eigen bern.
Details fan de oantinkens fan har mem binne net te achterheljen, foar altyd yn it ferjit weisonken. Of, om de mem har wurden oan te heljen: ‘in mins moat ek in kop as in almanak ha’. Foar ferteller Elske Hindriks – de namme is in pseudonym – is dat in reden om gebrûk te meitsjen fan foto’s, brieven en ûndersyk te dwaan yn krante-argiven. Sa leit de skriuwster yn ‘In kop as in almenak’ in stikje famyljeskiednis fêst en sketst sy yn ien haal in tydsbyld fan in feroarjend Fryslân.
Meer berichten
- Na zijn zeiltocht leefde hij met vier vrouwen: Marie-Therèse, Francoise, Iléana en Véronique. Toen dacht ik, ik word ook zeezeiler (let op: Ode an Udo Kier)
- Friese versie van Tussen Kitsch en Kunst in het WestCord WTC Hotel
- Er zit geen greintje humor bij deze politici. Allemaal willen ze het land redden
- Heb je ook nog belang bij een goedkope buggy, vraag ik als hij afrekent. Maar nee
- Ik verkoop alleen maar mooie boeken vandaag denk ik blij. Hier had eigenlijk wel een gevulde koek bij gepast
- Expositie Iraanse kunstenares bij Poespas belicht veiligheid van vrouwen
- De Jonge Honden belicht in Jeugdstorm het lot van ‘kinderen van foute ouders’
- Wijkbewoners Huizum-west maken film met Wilde Wijk
- Gouden Griffel voor De wonderverteller van Lida Dijkstra
- Popstichting De Ooievaar op website Historisch Centrum Leeuwarden
- 50.000e bezoeker voor Natuurmuseum
- Wim van der Veer – Van Hulsen zei: hang us wat spul op, juh!
- Nasjonaal Boekewikegeskink De krater ek yn it Frysk
- ‘Tsjerkepaad’ en de expositie van Ernesto Lemke in de Dorpskerk Huizum
- Concert Musica Amphion – zondag 30 april 2023
- Nederlandstalig Popkoor Bilgaard
- Peter Karstkarel: Het Fries Museum volg ik niet zo. Het is weinig opwindend
- Het imago van Leeuwarden lijkt niemand iets te kunnen schelen, anders hadden we allang een beter imago gehad
- Duo Khojayan/Poortinga – ‘Impressionisme in de Muziek’
- Concert Holland Baroque – Grote of Jacobijner Kerk Leeuwarden
- ZONDAG 2 JANUARI – Nieuwjaarswinterwandeling
- kerstconcert Apollo Ensemble – 30 december 2021 – Doopsgezinde Kerk Leeuwarden
- Kunstacademie Vredeman de Vries laat weer even van zich horen
- Ben je op zoek naar een koor?
- Zaterdag 30 oktober – Nacht van de Nacht in en rond HCL
- Lezing over modezaak P.S. Bakker – Je mag wel bang zijn, maar niet laf!
- Verzamelaar, handelaar en fotograaf Rob van Beuningen overleden
- Meindert Schroor over Leeuwarden in de 16e eeuw
- Museumbezoek in 2020 met 60 procent gedaald. Noodsteun blijft nodig
- Op de fiets met Bertus Mulder en Evert Kramer
- Drie ton extra voor programmering Friese culturele activiteiten
- RAMEAU CONCERT IN LEEUWARDEN – Betoverende barokmuziek!
- Zeven fotografen exposeren in de Oranjewijk
- Verruimde openingstijden Westfries Museum
- Apollo Ensemble met De smaak van Diaghilev in De Harmonie
- Bearn Bilker vertelt over het leven van Prinses Maria Louise van Hessen-Kassel
- Advies: Weerbare cultuursector essentieel voor herstel
- Leeuwarden trapt door op 3 juni
- Economisch belang van recreatie in de natuur neemt toe
- Rijkdom It Fryske Boerehiem



