50 argumenten om Omrop in de lucht te houden
(tekst: Omrop Fryslân)
Al tûzen hantekens foar Omrop
16 desimber, 2012 – 13:37
De petysje ‘Romte foar Omrop Fryslân’ fan de Ried fan de Fryske Beweging en de Freonen fan Omrop Fryslân liket goed oan te slaan. De petysje kaam sneontejûn on-line en snein tusken de middei wiene der al mear as tûzen hantekens. De tûzenste hantekening kaam fan wethâlder Houkje Rypstra fan Tytsjerksteradiel.
Yn de petysje stiet dat de Friezen as erkende minderheid rjocht hawwe op in eigen omrop en dat dy de romte hâlde moat foar in folweardige programmearring.
Oanlieding foar de aksje is it mediadebat yn de Twadde Keamer fan ôfrûne moandei. Steatssiktaris Dekker wol alle regionale omroppen yntegrearje binnen de lanlike publike omrop. Hy fielt der hjirby neat foar om foar Omrop Fryslân in útsûndering te meitsjen.
De aksje waard sneon by Omrop Fryslân presintearre. Direkteur Jan Koster krige dêrby in list mei de folgjende fyftich arguminten foar Omrop Fryslân oerlange:
1. Ik kin dochs net sliepe sûnder Bear Boeloe? 2. Wa docht dan live-ferslach fan de PC? En… 3. Wêr kin ik it oare keatsen folgje? 4. Wêr kriget Fryske streektaal yn muzyk in poadium as Radio Froskepôle ferdwynt? 5. Wa lit my bylden sjen fan Fryslân hoe’t it eartiids wie? 6. Hoe krij ik myn bern oan it lêzen sûnder Tomke? 7. Fryske keunst en kultuer yn K-rûte; dat fynst dochs nearne oars? 8. Wêr sjoch ik de nijste Fryske hits sûnder Klipkar+? En… 9. Wêr kinne leafhawwers fan harmony, fanfare en brassbands terjochte sûnder it Koperkanaal? 10. Wa lit dan de Fryske Top-100 sjen en hearre? 11. Gjin nijsgjirrige dokumintêres sûnder Fryslân DOK. 12. Wa docht dan wiidweidich ferslach fan it skûtsjesilen? 13. It giet oars nea mear Need op freed. 14. Wa siket it út en giet de djipte yn as Buro de Vries dat net mear docht? 15. Wa besteget oars oandacht oan Liet Ynternasjonaal? 16. Moat Studio F dan ferhúzje nei Hilversum? 17. Wa toant my it lytse en grutte leed yn Fryslân? 18. Wa toant my it lytse en grutte gelok yn Fryslân? 19. Nea mear prachtige bylden yn Samar in momint. 20. Wa jout jongerein de kâns om sels in soap te meitsjen sa as LinKk? 21. Wa sjocht mei my werom op de dei sûnder De dei foarby? 22. Wa leart de boppebou oer de eigen natuerlike omjouwing sûnder Tsjek? 23. Wa bringt oars karakteristike Minsken foar it fuotljocht? 24. Nea mear Theo yn Hea!? 25. Fuort is dan Muzyk Maskelyn, it rêstpuntsje yn ‘e wike mei moaie muzyk, makke troch de Fryske amateurmuzikant. 26. Wa toant my de masterlike sprongen by it fierljeppen? 27. Sil MTV de Fryske Music Night útstjoere? 28. Wa bringt my Hjoed it nijs dat my oangiet? 29. Och, dan leare we de Fryske skiednis wol op syn 11&30st. 30. Wa makket en toant dan Fryske soaps as Baas Boppe Baas? 31. Sûnder Omnium gjin achtergrûnen by en ynformaasje oer it nijs dat Fryslân oanbelanget. 32. Wa lit my laitsje as de studinten fan De flier is foar jim dat net mear dogge? 33. Saken en minsken út it ferline wurde yn It paad werom in spesjale belibbing mei Frysk byldargyf. 34. Hoe krije de doarpen in platfoarm sûnder Doch wat foar dyn doarp? 35. En wa lit my sjen wat der yn dy plakken te dwaan is sûnder Op en út? 36. Nea mear in nijsgjirrich ferhaal fan de gewoane Fries yn Goeie!? 37. Sil Jochem van Gelder Frysk prate yn ‘Praatjesmakers’ as Fertel mar der net mear is? 38. Hy kin dan net mear by Praat mar Frysk telâne as er al fragen hat…. en 39. Marieke Swart fan WitWat siket it ek net foar him út. 40. Kin ik no nea mear Lekker ite mei Reitse? 41. Fia de omrop biedt it Frysk Museum yn MUSE Fryske amateurkeunstners in poadium; wurdt dy unike gearwurking eat út it ferline? 42. Wa lit de Fryske sporters en sportferienings oan it wurd sûnder Boppeslach? 43. Wa jout Kommunikaasjestudinten fan de NHL de kâns om sels in programma te meitsjen sûnder 180 graden? 44. Gjin unike gearwurking mear tusken Cedin taalsintrum Frysk, Afûk en Omrop Fryslân sûnder It lân fan Efke. 45. Wa makket Fryske reklame as der gjin Omrop Fryslân is? 46. Is der dan noch live ferslach fan drafbaan Wolvegea? 47. Wa toant my de wei sûnder Moreel Kompas? 48. Fynt de NOS de froulju fan SC Heerenveen krekt like ynteressant? 49. Piet syn Moarn mar wer even yn it waar sjen komt op de Omrop it bêst ta syn rjocht! En lêst, mar o sa wichtich…. 50. Om’t Omrop Fryslân alles behalve itselde is as oare regionale omroppen! Ljouwert, 15 desimber 2012
Meer berichten
- Sociale troonrede 2026: sociaal werk is hard nodig
- Nederlanders zien vooral andere fietsers als risico: 93% denkt zelf veiliger te fietsen
- Arbeidsmarkt Friesland krapper door seizoenseffect
- Kwart 15-jarigen heeft gescheiden ouders, laatste tien jaar niet veranderd
- Binnenkort minder beveiliging bij opvanglocaties – FNP en GB058 stellen vragen
- Nieuw Leeuwarder college gooit voorstel om meer transparantie in de prullenmand
- Eigen Huis: Tweede Kamer: stel grens aan stijging energierekening
- Tekort sociaal advocaten zet rechtsbescherming onder druk
- Alleen al voor onze yogajuf zou je je moeten aanmelden bij sociëteit De Remise
- Luister dit jaar anders naar de Troonrede
- Meer thuiszorg vraagt om woningen en buurten die hierop aansluiten
- Treinbotsing op komst – Voorbeschouwing Prinsjesdag 2026
- Mythevorming en vergankelijkheid: BKB heeft wel wat weg van de PvdA
- Klein coronanieuws en andere zaken – Bakker uw Slager nu definitief voorbij – slager Haye Glas overleden – café De Spoek stopt – Weer afvalpuinhoop op Ruiterskwartier – Sjonnie fleurt Sint Anthonygasthuis op
- Festivals draaien steeds vaker om meer dan muziek: meer drugs
- Ruim 125.000 auto’s rijden al meer dan een jaar met een airbag die kan ontploffen
- Verborgen AI-schuldenberg vergroot risico voor Nederlands pensioengeld
- BNR: sigaar uit eigen doos – 5 nieuwe locaties voor versnelde bouw 30.000 huizen – Leeuwarden Middelsee-Spoordok (circa 6.000)
- Grote controle maaltijdbezorgers in Leeuwarden
- FNP: we willen graag betere antwoorden over ROL Troelstraweg
- Ruim 1 op de 5 Nederlanders sloot nieuwe lening af om bestaande schuld te verbergen
- Eigen Huis: Onbetrouwbare overheid grote zorg huiseigenaren; ook vrees voor hoge energierekening
- In augustus 9 procent meer faillissementen dan een jaar eerder, vooral in horeca
- Herstelwerkzaamheden Stationsweg later uitgevoerd
- NVM: Wonen in een dorp niet automatisch goedkoper dan in de stad
- 6 op 10 jongeren hebben vertrouwen in politiek – Toename politieke belangstelling jongeren
- 42 procent van de zzp’ers heeft minder dan drie maanden zicht op werk of omzet
- Oplossingen, ook financieel, voor PFAS-vervuiling bij vliegbasis Leeuwarden blijven mistig
- Statenfracties willen duidelijkheid over biovergisters SONAC
- Fabio Andreatta: Goutum is vriendelijk als je meedoet en bitterballen eet
- FNP en FvD hebben nog vragen over zonneweide Stiens – Hoe zit het met netcongestie, de bijdrage aan een aardgasvrij Stiens, de financiële haalbaarheid, batterijveiligheid, bluswater, rook- en rampscenario’s en wildroutes?
- Meer bevoegdheden voor AIVD en MIVD betekenen minder bescherming voor burgers
- Gemeente wil terrassen in binnenstad aantrekkelijker maken: nieuwe indeling, meer regels
- Spoorovergang Schrans dicht voor gemotoriseerd verkeer – Doorgang Stationsweg dicht voor doorgaand snelverkeer
- Vier op de tien 15-jarigen lezen onder niveau: leesonderwijs moet uit de technische kramp
- Tiny Mulderprijs 2026 voor Rymke Zijlstra
- Man van Gemeentebelangen Menaldumadeel en Monty Bar Willem Roersma overleden
- Inflatie stijgt naar 3,3 procent
- 56 uitkeringsontvangers op 100 werkenden, al vier jaar stabiel
- Ondernemers Nieuwestad: er wordt weinig tot niets gedaan met onze suggesties




