Abe de Vries: gedeputeerde Adema zet college GS voor gek
(tekst: uitgever Friese Pers Boekerij Abe de Vries op zijn weblog http://abedevries.web-log.nl/ )
8 juli 2009
Goodbye Adema [extended version]
Deputearre Piet Adema jout moarn in parsekonferinsje. Hy sil de sammele parse op it provinsjeh�s foarljochtsje oer de kontakten dy�t syn amtners mei Omrin h�n hawwe en mei �ndersyksburos oangeande it jiskefabrykplan yn Harns.
De deputearre sil moarn nei foarren bringe dat der neat oan de h�n is mei dat jiskefabrykplan. Dat er syn stjonkende b�st dien hat om de takomstige ynstallaasje sa �skjin� mooglik te meitsjen. Dat it lykwols in yngewikkelde matearje is en dat er der fierder ek neat oan dwaan kin. Ek hat er noait de bedoeling h�n om in stikje te ligen tsjin de befolking fan Frysl�n.
(Tsja. En d�r stiet men dan by as sjoernalist. Men wit: hjir sprekt in deputearre dy�t syn langste tiid op it Provinsjeh�s al �tsitten hat. Mar men moat syn fetsoen h�lde en kwattelet keurich del wat Adema ek mar foar grammatikaals distribuearret.)
Adema wie in interim-manager foar�t er yn de Steaten kaam. �Soms ben ik wat kort door de bocht,� liet er it Deibl�d witte yn jannewaris 2007. �Ik houd niet van geneuzel.� De iroany fan de provinsjale polityk wol, dat wy no al in moai skoft it �geneuzel� oanhearre moatte fan Piet Adema, dy�t drok dwaande is om in – neffens �n�fhinklike deskundigen fan namme – draak fan in jiskefabryk ta te stean.
No nee, neffens Adema sels is der yn hiel Nederl�n aansens fansels net in skjinnere jiskefabryk te finen, hy seit it de direksje fan Omrin braaf nei. Mar sa njonkelytsen skaait soks no dochs wol wat de kant �t fan dom praat en in mislediging foar de yntelliginsje fan de boarger yn Frysl�n.
Ien en oar giet sa fier, dat Adema f�st fan doel liket om it hiele kolleezje fan Deputearre Steaten mei te nimmen yn syn fal. Yn it brief fan DS oan PS, 3 juny, stiet safolle �nsin byinoar troppe dat it sear docht oan de eagen… Neidat Adema earst syn leagen ynslikke moatten hat dat der earne yn D�tsl�n in REC stean soe dy’t te ferlykjen wie mei de REC dy’t yn Harns boud wurdt, komt er no mei in REC yn Parys: ‘Gedeputeerde Adema realiseert zich inmiddels dat zijn uitspraak waarin hij refereerde aan een identieke oven in Duitsland onjuist is, en betreurt deze uitspraak. Overigens staat er in Parijs aan de Seine ook een afvalverbrandingsoven die gebruikmaakt van dezelfde rookgasreinigingstechniek met een schoorsteen van 21 meter hoog.’ Dat l�ste hat Adema opstutsten �t de advertinsje dy’t Omrin okkeries yn de LC settte liet…
Miljeuburo MOB fan saakkundige Johan Vollenbroek hat yn in iepen brief hjir op reagearre. Yn Parys (Isseane), skriuwt Vollenbroek, ferlitte de gassen de skoarstien ‘met een temperatuur van minimaal 200 graden Celsius en bij een snelheid uit de pijpen van 30 meter/sec. Bij de REC [yn Harns – AdV] is dit respectievelijk 130 graden Celsius en een snelheid uit de pijpen van 17 meter/sec. Zeer waarschijnlijk is de pluimstijging van Isseane daarom hoger dan bij de REC.’ Koart sein, de ynstallaasje fan Isseane is hielendal net te ferlykjen mei dy yn Harns.
Alwer in leagen. Der steane noch mear yn it brief fan DS oan PS, se allegear nei te rinnen hat gjin doel, men kin sels de beide brieven, fan DS en fan Vollenbroek, wol neistinoar lizze. Adema is hurdlears. Wat slimmer is, hy set it hiele kolleezje fan DS foar gek. Miskien wurdt it tiid dat Adema fragen beantwurdet oer syn kompetinsje as deputearre, ynstee fan foar de safolste kear it Omrin-rideltsje �f te draaien. De parsekonferinsje is in moaie gelegenheid. Dan kin er d�rnei sels syn konkl�zjes l�ke.
As politikus sil er benammen yn it omtinken bliuwe mei syn antwurd op de fraach yn it FD, wat er it earst dwaan soe as deputearre.
‘Die hybride auto�s bestellen natuurlijk, met achterop een pompebl�d. Schoon, energiezuinig, herkenbaar en een voorbeeld voor de hele provincie. En zo draag ik direct bij aan de bezuinigingsdoelstelling van tien miljoen euro.�
Gepubliceerd door Abe de Vries om 23:55 | Permanente link
TrackBack
TrackBack URL van dit bericht:
http://beheerpagina.web-log.nl/t/trackback/89577/5310296
Hieronder vind je links naar weblogs die verwijzen naar Goodbye Adema [extended version]:
Reacties
�Arriva zal met een goed verhaal moeten komen�, aldus gedeputeerde Adema, �het moet geen kwestie van pappen en nathouden worden, het is of de bussen terug, of een boete.�
Dat sei Adema ferline jier oktober oangeande de boete proseduere rjochting Arriva, om ’t dat bedriuw noch net foldie oan bepaalde regeltsjes. Wy hawwe it yn de saak Arriva dan net oer it fertsjustermoanje fan gegevens en rapporten oangeande beslutfoarming, in bestjoerder dy’t op gr�n fan �nfeitlikheden in fergunning �fjout,as bygelyks in saak mei earnstige gefolgen foar de folkss�nens.
De leagen fan Adema hie koarte skonkjes! Mar litte wy hoopje dat hy moarn no net ynienen wer de poaten �nder it liif kriget en der mei fuortkomt. Wat ha wy no eins oan in deputearre dy’t net iens wit w�r’t D�tsl�n krekt leit? Ach ja, de wr�ld koe wol ris grutter w�ze as de steapels papieren op syn eigen buro…
Adema h�ldt net fan ‘pappen en nathouden’as it om oaren giet. Soe der ek sjen nei de splinter syn syn eigen each, ynstee fan de balke by de oar? As kin er as Godsfruchtich politikus dit ferhaal ynienen net mear?
Ik flagje net gau, mar sil ik myn pompebl�den al f�st klear lizze? Wurdt it dan dochs noch simmer yn Frysl�n?
Geplaatst door: Yvonne | 9 juli 2009 om 4:30

Meer berichten
- Politiek café: kunnen raadsleden en gewone Leeuwarders zaken wezenlijk beïnvloeden?
- Sander Schimmelpenninck: Jort Kelder zou eens los moeten komen van het pluimstrijken en hermelijnvlooien
- ‘Leegstand in verpleeghuizen vraagt om een andere kijk op zorgvastgoed’
- ‘Vrouwen en meiden zijn onveiliger achter hun eigen voordeur dan op straat’
- Theoloog Janneke Stegeman in TOON – Stadsschouwburg
- Nederland voert defensie-uitgaven veel minder snel op dan Europese koplopers
- Flitsboetes in Leeuwarden: 33.892 overtredingen in 8 maanden (toegenomen met 29.525)
- Anna Olteanu zoekt een stageplek – Interieurstudio, stoffering en restauratie
- Blijft gemeente pappen en nathouden rond vliegbasis Leeuwarden? Geert Verf in de aanval over beteugeling rechten burger
- Monnikenwerk. Monnik voor een avond in de Grote Kerk
- Anouk Nammensma: hoe doe je meer ervaring op als je niet de kans krijgt om die ervaring verder uit te breiden?
- Pas als ik ze achterna roep: bedankt voor jullie bezoek, reageren ze.
- Nieuw vast energiecontract 43% duurder; gezin met zonnepanelen betaalt 90 euro per maand extra
- Ruim 2 miljoen flitsboetes in 8 maanden – 39 procent meer boetes voor door rood rijden
- Werkzaamheden Nieuwestad en Ruiterskwartier van start
- Onderzoek hogescholen over politie: Online aanpakken of doormodderen – Politieagent wacht op leiderschap
- Prijsstijging bestaande koopwoningen in Friesland het grootst
- Prijsstijging koopwoningen vlakt in september verder af
- Bijna kwart meer gebruik Wmo dan in 2017, vooral door 75- tot 85-jarigen
- Buster Keaton in boekenpassage De Rode Loper
- Ook de wetenschap moet erkennen: PVV-stemmers zijn met reden boos
- Minder stadionverboden en drie definitief gestaakte wedstrijden
- Jazzkwartet The Jazz Operators in de oude Kanselarij
- De Gjalp bringt sân dichters op it poadium fan twa festivals
- Waar is het parkeren duur en waar goedkoop?
- Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
- 10 Betaalbare studentendiners onder 3 euro in Leeuwarden
- We drinken weer minder bier – Aantal brouwerijen gedaald
- Vijf jaar legaal online gokken: wat de nieuwe vergunningsronde spelers oplevert
- Jongeren die deels opgroeiden in een huishouden met bijstand hebben minder vaak werk
- Duitse investeringsgolf biedt Nederlandse bedrijven volop kansen
- Opkoopbescherming: in Groningen tot 430.000 euro, in Leeuwarden tot 260.000 euro
- Slaap is belangrijk, maar slechts een derde slaapt goed
- Brigitte van den Berg komt op voor praktisch opgeleiden
- Blijf af van de bewonersfondsen
- Een gesprek kost een kwartier. Een advocaat kost geld
- Expositie Veerkracht in galerie ArtBrut 058 in de Boerhavestraat
- Tina in Sexbierum wint Prix Europa Iris
- Maar zo graag wil hij de Friese taal toch ook niet leren dat hij ook nog een Fries boek koopt
- Forum: Wat is Defensie daadwerkelijk van plan met de nachtvluchten en het proefdraaien van motoren?



