Abe de Vries: LC neemt in zaak-Omrin regentenhouding aan
(tekst: uitgever Friese Pers Abe de Vries op zijn weblog)
Haadbl�d fan Absurdistan
Hiel faak begryp ik neat fan it belied fan de LC-redaksje. Nim no �fr�ne snein: in briljante, skerpe dokumint�re fan Zembla. Op de nasjonale tillevyzje bliuwt net in spaan hiel fan it belied fan de gemeente Harns, de provinsje Frysl�n en Omrin om yn Harns foar in appel en in aai in fersmoargjende jiskefabryk bouwe te wollen. De LC publisearret op moandei net in letter oer de dokumint�re. Neat oer dy potsierlike weth�lder Zomers dy�t yn syn selsgroeven politike gr�f mitere.
�Draagvlak? [2 minuten stilte] Draagvlak? [1 min�t stilte] Nee, wat wij belangrijk vinden is dat er te weinig weerstand is.�
Demokrasy anno 2009, yn maffiadoarp Harns.
Mar Zomers kriget stipe fan deputearre Piet Adema (KristenUny). Net yn de �tstjoering sels. Adema is nammentlik wat bangich oanlein, hy doart net foar de tillevyzje te kommen mei syn mislearre jiskefabrykje. Itselde jildt foar Doppenberg, directeur Omrin. Ek dy wol net reageare foar de kamera�s. Sa wurket dus de arrog�nsje fan dyjingen dy�t tinke dat se de macht hawwe. Se keapje gewoan in side yn de krante foar har leagens (sjoch sneon mar). Of se sizze dat se skrokken binne fan de �nr�st en dat se graach in petear hawwe wolle mei �belanghebbenden�.
Spuie moat men fan sokken. En nochris.
De LC hat oandielen yn Omrin, sa liket it. Moandei: gjin omtinken foar Zembla, wol foar it swijen fan Doppenberg/Adema. Tiisdei: neat. Woansdei: plf. haadredakteur Joustra komt mei in haadredaksjoneel kommintaar dat de yndruk jout dat de LC dochs gjin oandielen hat yn Omrin. Mar te let, te leaf�
Eins soe dy Zomers in kear wat training krije moatte fan in LC-sjoernalist, hoe om te gean mei de media. Earme man. Mar der falt wol wat oan syn presintaasje te dwaan. Der binne nochal wat LC-sjoernalisten dy�t graach foarljochter by de oerheid wurde wolle�
Eartiids hie de haadredaksje fan de LC gewoan skreaun dat menhear Zomers gau opdonderje moat, om�t er domwei net geskikt is, net de hege moraal hat dy’t noadich is foar hokfoar polityk amt ek. Eartiids hie de LC gewoan skreaun dat de PvdA as de bliskem de bannen mei Adema c.s. ferbrekke moat, koalysje ploffe litte, de koerts bystelle en einlings, lang om let, kieze moat foar it Fryske l�nskip. In streek troch de Sintrale As, in streek troch de Heak, in streek troch it jiskefabryk, in streek troch 12 meter hege kassekompleksen.
En dan mei dat ferhaal nei de kiezers ta. No. Dalik. Net langer wachtsje. En oars mar akseptearje dat der aansens 6 fan de 12 Steateleden bedankt wurde kinne. Hokfoar partij stjoert himsels de boskjes yn? Krekt, de PvdA yn it post-Anita tiidrek.
En yn it Absurdistan dat Frysl�n hjit blykt it ek net mear mooglik te w�zen foar de grutste regionale krante om neist de minsken te stean dy�t har massaal �nger�st meitsje. Want de LC nimt leaver de reginteh�lding oan. Tut, tut, tut, sa slim sil it net w�ze wol? En it is goed foar de ekonomy. Wat in hearlik simpele refleks.
LC, earste fearnsjier: minus 3,5 persint.
De Harlinger Courant hat noch mar in pear dagen in poll op de webside oer al of net in jiskefabryk. Hast 1000 minsken hiene hjoed al stimd. Tuskenst�n: 97 persint tsjin, 3 persint foar.
Gepubliceerd door Abe de Vries om 16:55

Meer berichten
- Politiek café: kunnen raadsleden en gewone Leeuwarders zaken wezenlijk beïnvloeden?
- Sander Schimmelpenninck: Jort Kelder zou eens los moeten komen van het pluimstrijken en hermelijnvlooien
- ‘Leegstand in verpleeghuizen vraagt om een andere kijk op zorgvastgoed’
- ‘Vrouwen en meiden zijn onveiliger achter hun eigen voordeur dan op straat’
- Theoloog Janneke Stegeman in TOON – Stadsschouwburg
- Nederland voert defensie-uitgaven veel minder snel op dan Europese koplopers
- Flitsboetes in Leeuwarden: 33.892 overtredingen in 8 maanden (toegenomen met 29.525)
- Anna Olteanu zoekt een stageplek – Interieurstudio, stoffering en restauratie
- Blijft gemeente pappen en nathouden rond vliegbasis Leeuwarden? Geert Verf in de aanval over beteugeling rechten burger
- Monnikenwerk. Monnik voor een avond in de Grote Kerk
- Anouk Nammensma: hoe doe je meer ervaring op als je niet de kans krijgt om die ervaring verder uit te breiden?
- Pas als ik ze achterna roep: bedankt voor jullie bezoek, reageren ze.
- Nieuw vast energiecontract 43% duurder; gezin met zonnepanelen betaalt 90 euro per maand extra
- Ruim 2 miljoen flitsboetes in 8 maanden – 39 procent meer boetes voor door rood rijden
- Werkzaamheden Nieuwestad en Ruiterskwartier van start
- Onderzoek hogescholen over politie: Online aanpakken of doormodderen – Politieagent wacht op leiderschap
- Prijsstijging bestaande koopwoningen in Friesland het grootst
- Prijsstijging koopwoningen vlakt in september verder af
- Bijna kwart meer gebruik Wmo dan in 2017, vooral door 75- tot 85-jarigen
- Buster Keaton in boekenpassage De Rode Loper
- Ook de wetenschap moet erkennen: PVV-stemmers zijn met reden boos
- Minder stadionverboden en drie definitief gestaakte wedstrijden
- Jazzkwartet The Jazz Operators in de oude Kanselarij
- De Gjalp bringt sân dichters op it poadium fan twa festivals
- Waar is het parkeren duur en waar goedkoop?
- Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
- 10 Betaalbare studentendiners onder 3 euro in Leeuwarden
- We drinken weer minder bier – Aantal brouwerijen gedaald
- Vijf jaar legaal online gokken: wat de nieuwe vergunningsronde spelers oplevert
- Jongeren die deels opgroeiden in een huishouden met bijstand hebben minder vaak werk
- Duitse investeringsgolf biedt Nederlandse bedrijven volop kansen
- Opkoopbescherming: in Groningen tot 430.000 euro, in Leeuwarden tot 260.000 euro
- Slaap is belangrijk, maar slechts een derde slaapt goed
- Brigitte van den Berg komt op voor praktisch opgeleiden
- Blijf af van de bewonersfondsen
- Een gesprek kost een kwartier. Een advocaat kost geld
- Expositie Veerkracht in galerie ArtBrut 058 in de Boerhavestraat
- Tina in Sexbierum wint Prix Europa Iris
- Maar zo graag wil hij de Friese taal toch ook niet leren dat hij ook nog een Fries boek koopt
- Forum: Wat is Defensie daadwerkelijk van plan met de nachtvluchten en het proefdraaien van motoren?



