Liwwadders
  • Cultuur
  • Politiek
  • Economie
  • Ondernemen
  • Doneer!
  • Abonneren

CDA-statenlid Zijlstra: Heerlijk, na drege dei een film zonder tekst

16 november 2010 Actueel

(tekst: de week van CDA-statenlid Nynke Zijlstra-de Boer, op CDA website)

12 november 2010

De week van… Nynke Zijlstra-de Boer (week 45-2010)
Om de beurt houden de Statenleden van de CDA Statenfractie Frysl�n bij hoe hun week verloopt. Deze week vertelt CDA Statenlid Nynke Zijlstra-de Boer over haar belevenissen.

Snein 7 novimber 2010
Moarns in bomfolle Martini-tsjerke. Der is in ‘school-gezins-tsjinst’ oer it tema: Dat valt tegen. Nei oanlieding fan it Exodusferhaal oer gejammer en gemopper fan it bittere wetter, dat dochs swiet wurdt foar it folk Isra�l yn �e woestyn op reis nei�t beloofde l�n.

De j�ns �.o. mei �s Hylke (hy is architekt) belle en sein dat ik ek by de ferkiezing fan de architectuerpriis De Vredeman de Vriespriis w�ze sil. Hy wurket by Penta-architekten yn Harns (earder yn Rotterdam by de Zwarte Hond). Ien fan syn �ntwerpen, in gebou yn Harns docht mei. Leuk! De �trikking is 20 novimber 2010 yn Boalsert.

Moandei 8 novimber 2010
Hjoed stiet de advertinsje fan it ferstjerren fan Tiny Mulder yn it FD. Dy ha ik �tknipt. It is frjemd� mar krekt de l�ste tiid wie ik mei har dwaande: it boek oer har camperreis troch Canada. In wike lyn Juffer Kuorkebier 2e h�ns kocht. Eartiids ha ik, mar foaral myn suster Wike, meidien oan foardrachtskrigen �.o. mei de gedichten: It himdsje fan Tryntsje, Jeltsje en Jantsje en juffer Fokje mei it klokje. Ik kin der noch sa wol stikken fan opsizze. As famkes stjoerden wy wol leskes nei har berneherntsje yn it deibl�d op. Ik hie ek krekt in pear dagen earder gedichten fan har (Bitterswiet) yn de ‘Spiegel van de Friese po�zie’ l�zen. Middeis komt in buorman te freegjen om it boek Tin iis. Mar dat stiet by �s mem yn B�tenpost yn �e boekekast.

Fierder begjin ik hjoed mei in stikje oer de Takendiskusje, dy�t wy noch foar de ferkiezings fan maart oansteande op �e wurklist fan de Steaten ha wolle. Nei begruttingsbehandeling yn de Steatengearkomste fan moarn fierder oan wurkje.

De amendementen en moasjes fan oare partijen sjoch ik nei en stjoer de opmerkings troch. Moarntemoarn ha wy earst noch fraksje-oerlis (sa as went op de Steatesittingsdei).

Der is in mail fan Tryater; de direksje wol graach in petear mei fraksjefoarsitter Ad en my as wurdfierder Kultuer. Wy sille in datum sykje yn novimber. Wy ferwachtsje de kommende tiid mear fan dit soart fersiken. It hat alles te krijen mei besunigings fan it Ryk, mar ek mei de taken d�r�t wy as provinsje foar steane.

Tiisdei 9 novimber 2010
De j�ns mei Pier nei de Lemmer, want d�r komt yn it kader fan Frysk talint on tour Eelco Dykstra te sprekken oer rampenmanagement. Sels is hy in directeur, manager en expert op dit gebiet, wurket yn de VS en libbet yn Washington.
It is in ynteressante j�n. It publyk is tige divers.

Jan-Jaap v.d. Wal befreget him. Oan �e h�n fan dit interview en de bylden fan de ramp by New Orleans troch de orkaan Katrina wurde wy sels oan it tinken set. Stel dat sa�n ramp Europa treft, wat dan? Brussel hat allinnich in wetjouwend foech en gjin �tfierend foech. Mar in grutte ramp kin net mear lokaal oanpakt wurde.

It aardige fan dizze j�n f�n ik dat it tige oansette om it der mei elkoar oer te hawwen. Hoe alert binne wy yn lyts en grut ferb�n? En hoefier binne wy by de natuer weirekke? As �s l�n troch de opwaarming en de seespegelstiging der �nder str�pt, komt it wetter yn bygelyks Haarlem 6 meter heech te stean. Tinkt men wol nei oer grutte maatregels?

Woansdei 10 novimber 2010
Steatedei. 07.00 oere de wekker, sjen nei de l�ste e-mails mei amendeminten en moasjes; hjoed wurdt de begrutting 2011 behannele. De printer hat al hiel wat �fdrukt.

09.00 oere ha wy fraksjeoerlis. Jan From syn lege plak falt hjoed wol tige op. It blykt dat Sjoerd Galema hjoed ferstek gean lit . Hy is siik en deputearre Adema sil de taken waarnimme. Us finansjele man Bert Nijboer dy�t alles tared hat, moat it oerjaan oan Ad v.d. Ham, �s fraksjefoarsitter, want der sitte nochal wat politike saken by. It wurdt in lange sit, mei earst it �fskie fan �s Steategriffier Oeds Bijlsma. Ik ha him altyd tige wurdearre. Tusken de middei komme wy meielkoar op�e foto. In �ntspannend momint.

Nei alle bydragen fan de partijen telle wy al sa�n 70 moasjes en amendementen. By in protte items komt de takendiskusje (dy�t noch in eindebat ha moat) hast as in ferkiezingsitem oan bod. Uteinlik sil dit noch dizze perioade (2 maart binne de ferkiezings) plakfine.

De sprekkers binne fier oer de sprektiid hinne, dus it wurdt mar letter�Einliks de stimmingslist! It blykt dat Froeks.T.V. noch in jier foar�t kin en dat us foarstel om de besuniging foar Omrop Frysl�n te temporisearjen, dat wol sizze yn 4 jier �f te bouwen, it �teinlik helle hat.

Te let meld ik my, mei Fenny Reitsma en Cees Vos, by de balie fan de Harmonie om de iepening fan it Frysk Filmfestival mei te meitsjen. Wy meie der noch yn en sjogge noch it grutste part fan de iepeningsfilm. Ik herken it l�nskip fan Calabri�, w�r�t wy in pear jier lyn omtoerd ha. Yn de film giet it allinnich om bylden fan it (noch tige basic) deistich libben d�r en elts kin syn eigen ynterpretaasje derby ha. Der is alhiel gjin tekst.
In moaie �fsluting fan in lange, drege dei, sa fine Fenny en ik.

Tongersdei 11 nov 2010
It is in dei om oare dingen te dwaan. No�t ik fan�t simmer stopt bin mei myn wurk op skoalle is sa�n dei as hjoed, Sint Maarten, wol wat �nwennich. Oars wie ik fannemoarn mei de bern nei de Finke west om foar de �lderein te sjongen en �s lampions te showen. J�ns binne der ek net folle bern by de doar, it is ek ferskriklik waar. J�n gjin fraksjegearkomst, dus tiid om op te passen op �s Koudumer bernsbern.

Yn de krante it berjocht dat Herma Bovenkerk de Fryske Anjer kriget. Yn Koudum wurdearje wy ek tige wat sy allegearre oanpakt hat. It byldhousintrum, de keunstr�te (ek wy hienen wol in keunstwurk yn�e t�n), der is hiel wat ta st�n brocht!
De beppesizzers komme werom, sjonge harren repertoire noch foar my en dan hear ik se de fierdere j�n net wer.

Freed 12 novimber 2010
Pier is mei de Heechstamsnoeibrigade op stap. Ik moat der net te folle by neitinke, it waait in stoarm, mar hy sit fansels wer yn �e heechste beam. En ja hear, sa docht letter bliken!

Tiid om boadskippen te dwaan en nei de bibliotheek. Hjir en d�r sjoch ik al oanplakte ferkiezingsbiljetten. 24 novimber binne de ferkiezings foar de nije gemeente. It is te hoopjen dat it CDA de �tgongspunten goed nei foaren bringe kin. Oan de kandidaten sil it net lizze.

Oan myn politike wurk komt mei de Steateferkiezings yn maart in ein. Net lang nei de foarige weryndieling yn �s omkriten kaam ik yn de Ried fan Nijefurd. D�r ha ik 4 perioades meimakke. D�rnei ien folledige termyn (fan 2003-2007) yn de Steaten en dizze termyn meitsje ik �f en dan hat it�. moai west. Tiden hawwe tiden�

Nynke Zijlstra-de Boer, Koudum

Lunchroom ter overname
 
Doe mee en doneer knop
Vorige bericht

Vernieling scooter – diefstal scooter – inbraak auto

Volgende bericht

Noordelijk schrijversduo doet mee aan thrillerverkiezing Crimezone

 

Meer berichten

  • Politiek café: kunnen raadsleden en gewone Leeuwarders zaken wezenlijk beïnvloeden?
  • Sander Schimmelpenninck: Jort Kelder zou eens los moeten komen van het pluimstrijken en hermelijnvlooien
  • ‘Leegstand in verpleeghuizen vraagt om een andere kijk op zorgvastgoed’
  • ‘Vrouwen en meiden zijn onveiliger achter hun eigen voordeur dan op straat’
  • Theoloog Janneke Stegeman in TOON – Stadsschouwburg
  • Nederland voert defensie-uitgaven veel minder snel op dan Europese koplopers
  • Flitsboetes in Leeuwarden: 33.892 overtredingen in 8 maanden (toegenomen met 29.525)
  • Anna Olteanu zoekt een stageplek – Interieurstudio, stoffering en restauratie
  • Blijft gemeente pappen en nathouden rond vliegbasis Leeuwarden? Geert Verf in de aanval over beteugeling rechten burger
  • Monnikenwerk. Monnik voor een avond in de Grote Kerk
  • Anouk Nammensma: hoe doe je meer ervaring op als je niet de kans krijgt om die ervaring verder uit te breiden?
  • Pas als ik ze achterna roep: bedankt voor jullie bezoek, reageren ze.
  • Nieuw vast energiecontract 43% duurder; gezin met zonnepanelen betaalt 90 euro per maand extra
  • Ruim 2 miljoen flitsboetes in 8 maanden – 39 procent meer boetes voor door rood rijden
  • Werkzaamheden Nieuwestad en Ruiterskwartier van start
  • Onderzoek hogescholen over politie: Online aanpakken of doormodderen – Politieagent wacht op leiderschap
  • Prijsstijging bestaande koopwoningen in Friesland het grootst
  • Prijsstijging koopwoningen vlakt in september verder af
  • Bijna kwart meer gebruik Wmo dan in 2017, vooral door 75- tot 85-jarigen
  • Buster Keaton in boekenpassage De Rode Loper
  • Ook de wetenschap moet erkennen: PVV-stemmers zijn met reden boos
  • Minder stadionverboden en drie definitief gestaakte wedstrijden
  • Jazzkwartet The Jazz Operators in de oude Kanselarij
  • De Gjalp bringt sân dichters op it poadium fan twa festivals
  • Waar is het parkeren duur en waar goedkoop?
  • Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
  • 10 Betaalbare studentendiners onder 3 euro in Leeuwarden
  • We drinken weer minder bier – Aantal brouwerijen gedaald
  • Vijf jaar legaal online gokken: wat de nieuwe vergunningsronde spelers oplevert
  • Jongeren die deels opgroeiden in een huishouden met bijstand hebben minder vaak werk
  • Duitse investeringsgolf biedt Nederlandse bedrijven volop kansen
  • Opkoopbescherming: in Groningen tot 430.000 euro, in Leeuwarden tot 260.000 euro
  • Slaap is belangrijk, maar slechts een derde slaapt goed
  • Brigitte van den Berg komt op voor praktisch opgeleiden
  • Blijf af van de bewonersfondsen
  • Een gesprek kost een kwartier. Een advocaat kost geld
  • Expositie Veerkracht in galerie ArtBrut 058 in de Boerhavestraat
  • Tina in Sexbierum wint Prix Europa Iris
  • Maar zo graag wil hij de Friese taal toch ook niet leren dat hij ook nog een Fries boek koopt
  • Forum: Wat is Defensie daadwerkelijk van plan met de nachtvluchten en het proefdraaien van motoren?
Problemen met verhuurder? Woningtoewijzing? Uitkering? Aanvraag minimaregelingen? Bel snel PEL! 058-2671636 op werkdagen van 14.00-17.30 uur. B.g.g. mail verpel@online.nl

Politiek café: kunnen raadsleden en gewone...

26 oktober 2026
Foto: Elbpresse

Sander Schimmelpenninck: Jort Kelder zou eens los...

26 oktober 2026
Rengerslaan - Leeuwarden

‘Leegstand in verpleeghuizen vraagt om een...

26 oktober 2026
Leeuwarden - Wybrand de Geeststraat - Verboden te lopen

‘Vrouwen en meiden zijn onveiliger achter...

26 oktober 2026

Stadsblad Liwwadders

Veel Leeuwarders ontvangen elke morgen rond koffietijd onze nieuwsbrief. Die wilt u toch ook niet missen? Het laatste nieuws uit Leeuwarden e.o. elke morgen rond elf uur in uw mailbox.

Lunch mee!

Stadsblad Liwwadders

JA, IK WIL een abonnement op het Stadsblad Liwwadders en ontvang de krant graag een jaar lang in de bus.

Meer informatie

Koken met Klaas

Klaas kasma

Archief

  • Liwwadders TV
  • Webarchief
  • Stadsblad

Liwwadders.nl

  • Colofon
  • Contact
  • Privacystatement
  • Disclaimer

Sociale Media

TwitterFacebookYouTube
Copyright 2026 | Liwwadders.nl | Alle rechten voorbehouden
Uw gegevens op Liwwadders
Liwwadders plaatst functionele en analytische cookies.
Door op 'Akkoord' te klikken geeft u daarvoor toestemming. Lees ook onze Privacystatement. Akkoord
Privacy & Cookies Policy

Privacy Overview

This website uses cookies to improve your experience while you navigate through the website. Out of these, the cookies that are categorized as necessary are stored on your browser as they are essential for the working of basic functionalities of the website. We also use third-party cookies that help us analyze and understand how you use this website. These cookies will be stored in your browser only with your consent. You also have the option to opt-out of these cookies. But opting out of some of these cookies may affect your browsing experience.
Necessary
Altijd ingeschakeld
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. This category only includes cookies that ensures basic functionalities and security features of the website. These cookies do not store any personal information.
Non-necessary
Any cookies that may not be particularly necessary for the website to function and is used specifically to collect user personal data via analytics, ads, other embedded contents are termed as non-necessary cookies. It is mandatory to procure user consent prior to running these cookies on your website.
OPSLAAN & ACCEPTEREN