Fryske Oersonate fan Erik de Boer nei Oerol
(tekst: ingezonden)
Fryske Oersonate fan Erik de Boer nei Oerol
Byldzjend keunstner en performer Erik de Boer, dy’t ek gemeentedichter fan Smellingerlân is, stiet dizze simmer op Oerol mei syn projekt De Fryske Oersonate. Op 16 juny is de premjêre yn it WestEnd Theater op West-Terschelling.
Erik de Boer fette foar it gearwurkingsprojekt de Gjalp it plan op om in Fryske ferzje fan de Ursonate te meitsjen. Dêrby wie syn doel om de klanken fan it orizjineel te ferbinen mei de klankrykdom fan it Frysk. Mei it winnen fan de Gjalp hat er dat stribjen no realisearje kinnen. It hat in plak yn de line-up fan Oerol opsmiten.
Yn de foarstelling kombinearret De Boer de performance mei in pastiche fan Fryske filmbylden, wêrmei’t er taal, byld en klank by elkoar komme lit yn in nije festivalproduksje. De Boer: “It is in tige bysûnder makproses. Sitst wol eefkes oan it wichtichste klankgedicht fan de wrâld te wurkjen. Dat soks it ljocht sjen sil op Oerol, makket it foar my wol ekstra bysûnder.”
De Fryske Oersonate
De Fryske Oersonate is basearre op de ferneamde Ursonate fan de Dútske dadaïst Kurt Schwitters. Dat klankgedicht út de jierren tweintich fan de foarige iuw bestiet út in rige klanken sûnder gewoane wurden, mar mei de struktuer fan in klassike sonate. Schwitters hie in bysûndere bân mei Fryslân: yn 1923 brocht er in besite oan Drachten, dêr’t er in optreden fersoarge op de ferneamde dada-jûn yn Hotel De Phoenix en wêr’t ek de bekende Dr8888-letters ûntstiene.
Dat De Fryske Oersonate op Oerol komt, is in moaie opstekker foar De Boer, én foar de Gjalp, mei in grut berrik en útstriering foar de Fryske literatuer. De Boer: “It is in erkenning foar dada dat de sjuery fan de Gjalp de urginsje en wearde yn seach yn it stypjen fan dit, foar in soad minsken dochs nuvere projekt.” De Fryske Oersonate giet op 16 juny yn premjêre op Oerol, en is dyselde jûns noch twa kear te hearren en te sjen. Ynformaasje oer tagong en tiden is te finen op oerol.nl.
Oer Erik de Boer
Erik de Boer (Drachten, 1991) is dadaïstysk wurker as byldzjend keunstner, teätermakker, komponist en dichter. Hy studearre artiestdrama oan it Friesland College, brocht twa poëzijbondels út, is gemeentedichter fan Smellingerlân en waard yn jannewaris 2026 twadde fan de 924 dielnimmers by de Poëziewedstrijd van Stad Oostende. Yn 2025 wûn er de Gjalp 2 (eigen literêre projekt mei film) mei syn Fryske Oersonate, basearre op de Ursonate fan de Dútske keunstner Kurt Schwitters.
Oer de Gjalp
De Gjalp is in gearwurkingsprojekt fan literêr tydskrift de Moanne, literêr tydskrift Ensafh en Frysk dichterskollektyf RIXT. Mei de Gjalp wolle de organisatoaren nije poadia kreëarje foar Frysk skriuwtalint en skriuwers in plak besykje te jaan op festivals dêr’t de Fryske literatuer noch net altyd fanselssprekkend oanwêzich is. De nije edysje fan de Gjalp is ein maart wer iepensteld foar ynstjoeringen fan Fryske skriuwers en dichters op it mêd fan poëzij en literêre festivalproduksjes. Ynstjoere kin oant en mei 10 maaie fia gjalp25@gmail.com. Alle ynformaasje is te finen op demoanne.nl/gjalp.

Meer berichten
- Een jaloerse Liwwadder in doordeweeks Deventer
- Restaurant The Meat Room aan het Ruiterskwartier failliet verklaard
- Politiek café: kunnen raadsleden en gewone Leeuwarders zaken wezenlijk beïnvloeden?
- Vishandelaar Bert van Dijk overleden – Vis ging van Lauwersoog naar Parijs en weer terug
- Opinie: de ‘regiobait’ van het AD is niet te harden
- Geld weer minder waard – Inflatie in oktober 3,7 procent bij snelle raming
- Opnieuw subsidie voor plannen voor vervoer in Friesland
- Wie heeft de regie over ons openbaar vervoer nog in handen?
- ‘Dat kan ik niet betalen’: 4 op de 10 jongvolwassenen vinden dat lastig om toe te geven
- Weer minder particuliere verhuur in 2025
- Klacht tegen gedeputeerde De Vries over dossier biovergisters SONAC Burgum
- Laatste jaar betalingsregeling coronaschulden ingegaan – Nog 1,9 miljard euro aan coronabelastingschuld bij 73.000 ondernemers
- Sl!M- vragen over toenemende overlast, vandalisme en intimidatie door jongeren Zuiderburen
- Detailhandel zet 2,7 procent meer om in september
- Meeste mannen hebben respect voor mannen die iets zeggen van seksueel grensoverschrijdende opmerkingen of grappen
- Bij de nieuwe Groningse start-up Tunhûs kun je je eigen houten tuinhuis samenstellen
- Leeuwarden heeft een grens voor Airbnb, maar geen registratienummer
- Is elke journalist een activist? Met Giselle van Cann, Eric Smit, Natasja Gibbs, Fréderike Geerdink
- Fietsveiligheid in de stad: wat leren we van een jaar onderzoek?
- Nieuw jongerenkanaal DRUK brengt betrouwbaar nieuws naar tijdlijn van jongeren
- 13 procent minder asielaanvragen in derde kwartaal dan een jaar eerder
- Er zijn een paar dingen waar ik depressief van word, denk ik als ik de winkeldeur op slot draai; buitensporig jong geluk en dit kloterige herfstweer
- UPDATE De zeehonden kunnen zwemmen. De bestuurders verzuipen
- Kim van Keken: ‘Het zijn dit soort moedige pioniers die de journalistiek bruisend houden’
- ‘Wie polarisatie wil begrijpen, moet voorbij de standpunten kijken’
- Moeten universiteiten zich uitspreken over het klimaat? En over Gaza?
- Meest kritieke materialen komen vooral uit China
- Friese en Groninger media geven en ontvangen, is dat niet mooi?
- Veel bezorgproblemen pakketten – bewoners zoeken oplossingen voor feestmaanden
- Inventaris van Royal De Vries uit Sneek onder de hamer
- Starters in corporatiewoningen zijn steeds vaker statushouders
- Klein coronanieuws en andere zaken – NOK Clinics vult na 15 jaar winkelwand Ruiterskwartier – Geen Maison de Bonneterie – Architect Sijtsma schrikt van vernieuwde Harmonie – In Londen leest men Klaas Kasma – Fietsburgemeester kan meteen aan de slag – Willem Beintema daagt LC voor de rechter – Olievrouw gemeente Martine Wierdsma met pensioen
- Francesco Veenstra: Het interview met Eric van der Burg (in NRC) getuigt van wensdenken, loze beloftes, gebrek aan politieke zelfreflectie
- Appen op de fiets kost straks 180 euro
- Aantal miljonairs stijgt opnieuw, 81 duizend meer dan in 2024
- Nederland ontsnapt voorlopig aan Europese faillissementsgolf
- Mensen met lager inkomen doen minder vaak aan een sport, verschil met hogere inkomens groeit
- Sander Schimmelpenninck: Jort Kelder zou eens los moeten komen van het pluimstrijken en hermelijnvlooien
- ‘Leegstand in verpleeghuizen vraagt om een andere kijk op zorgvastgoed’
- ‘Vrouwen en meiden zijn onveiliger achter hun eigen voordeur dan op straat’



