Dielt it kolleezje de miening dat ferskate plakken/rotondes binnen de beboude kom ûnfoldwaande ferljochte binne en dat dit ta skea giet fan de ferkearsfeiligens?
(tekst: persbericht)
Ljouwert hat it ljocht noch net sjoen | FNP makket him soargen
24 febrewaris 2025
Skriftlike fragen fan de FNP Ljouwert oer de minne strjitteferljochting en de ferkearsfeiligens by
ferskate rotondes om it sintrum fan Ljouwert oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as
bedoeld yn artikel 42, earste lid fan it reglement fan oarder fan de gemeente Ljouwert.
FNP Ljouwert hat ferkearsfeiligens heech yn it feandel. De ofrûne tiid hat de FNP meardere kearen
skriftlike fragen yntsjinne oer ferkearssituaasjes dy’t yn ús eagen en/of de eagen fan de ynwenners
fan ús gemeente ûnfeilich binne. En sjoen nei de talleaze nijsberjochten oer ferkearsûngemakken is
en bliuwt dat nedich. Ek ôfrûne wykein wie it wer raak: op de webside fan de Ljouwerter hulptjinsten1
wie te lêzen dat ik taksysjauffeur in fytser oanriden hat by de rotonde fan Us Mem, oan de
Harnserstrjitwei. De fytser moast nei it sikehûs. Oer de oarsaak wurdt yn dit stik neat skreaun, útsein
dat de bestjoerder de fytser oer de holle sjoen hat. Fansels hearre alle fytsers ferljochting te hawwen
mar goeie strjitteferljochting is ûnmisber yn dit soarte ferkearssituaasjes.
FNP Ljouwert hat earder skriftlike fragen steld oer de minferljochte rotonde by Hoeksterein yn
Ljouwert. Mei min waar en tsjinljocht fan oare auto’s is fyts- en kuierferkear op de rotonde net te
sjen. Libbensgefaarlik. En dat wylst de rotonde Bleekleane – Grinzerstrjitwei en dy by it Gymnasium
prima ferljochte binne. Yn de beäntwurding
fan dizze fragen op 28 novimber 2023 waard tasein dat
de strjitteferljochting by de rotonde Hoeksterein yn de earste helte fan 2024 ferbettere wurde soe.
No, yn de earste helte fan 2025 hat de FNP noch gjin ferbettering sjoen.
Mar in feilige ferkearssituaasje freget mear as allinnich goeie ferljochting. Yn ús haadstêd binne ek
ferskate ferkearssituaasjes dy’t ûndúdlik en ûnlogysk binne. Sa is de yndieling fan it Blokhúsplein in
betiizjende ferkearsdebakel: it fytspaad ferdwynt, it is net dúdlik wêr fuotgongers del moatte en foar
autoferkear dat fanút de Druifstreek komt, liket it as of sy allinnich rjochtsôf meie, wylst dat net sa is.
Op it plakje dêr’t de haaietosken sweve, meie auto’s ek linksôf nei de Keizersgrêft. Mar troch de
nutteleaze stoepe yn it midden fan de dyk liket it as of dat net mei. En is der ek noch in wyldgroei oan
sebrapaden: 3 stiks yn 50 meter. Ja, it sjocht der moai út mar de FNP fynt: foarm folget funksje.
Fragen
1. Dielt it kolleezje de miening dat ferskate plakken/rotondes binnen de beboude kom
ûnfoldwaande ferljochte binne en dat dit ta skea giet fan de ferkearsfeiligens? Sa nee, wêrom
net? Sa ja, wat en op hokfoar termyn wol it kolleezje hjir wat oan dwaan?
2. Kin It kolleezje útlizze wêrom situaasje rûnom de strjitteferljochting by it Hoeksterein noch
net ferbettere is wylst dit wol tasein is? En kin it kolleezje in termyn jaan wêrop dit wol
plakfine sil?
3. Dielt it kolleezje de miening dat de ferkearsynrjochting by de Blokhúsparte ûndúdlik en
dêrtroch ûnfeilich is? Sa nee, wêrom net? Sa ja, wat en op hokfoar termyn wol it kolleezje hjir
wat oan dwaan?
4. Op alle rotondes binnen de ring fan Ljouwert hawwe fytsers en fuotgongers foarrang op
autoferkear. Ek by de rotondes Egelantierstrjitte – Kalverdijkje is dit it gefal. By de rotonde
1 Taxichauffeur ziet fietser over het hoofd op de rotonde bij Us Mem
2 Document Leeuwarden – Beantwoording schriftelijke vragen FNP begeanberens stoepen – iBabs
Publieksportaal
Archipelwei – Grinzerstrjitwei is der op 1 fan de 4 ôfslaggen in sebrapaad. Mar by de rotonde
Archipelwei – Egelantierstjitte, in rotonde dêr’t in soad fyts- en kuierferkear delkomt (by de
Poiesz), hawwe auto’s op alle ôfslaggen foarrang. Dielt it kolleezje de miening dat in
oanpassing fan de foarrangssituaasje by dizze rotonde mear feilichheid biede soe foar de
skoallebern en winkelbesikers dy’t mei de fyts of te gean binne? Sa nee, wêrom net? Sa ja,
wat en op hokfoar termyn wol it kolleezje hjir wat oan dwaan?
FNP Ljouwert soe graach antwurd krije op de boppesteande fragen.
Mei hertlike groetnis,
Bauke Beert Keizer
FNP Ljouwert

Meer berichten
- Anna Olteanu zoekt een stageplek – Interieurstudio, stoffering en restauratie
- Blijft gemeente pappen en nathouden rond vliegbasis Leeuwarden? Geert Verf in de aanval over beteugeling rechten burger
- Monnikenwerk. Monnik voor een avond in de Grote Kerk
- Anouk Nammensma: hoe doe je meer ervaring op als je niet de kans krijgt om die ervaring verder uit te breiden?
- Pas als ik ze achterna roep: bedankt voor jullie bezoek, reageren ze.
- Nieuw vast energiecontract 43% duurder; gezin met zonnepanelen betaalt 90 euro per maand extra
- Ruim 2 miljoen flitsboetes in 8 maanden – 39 procent meer boetes voor door rood rijden
- Werkzaamheden Nieuwestad en Ruiterskwartier van start
- Onderzoek hogescholen over politie: Online aanpakken of doormodderen – Politieagent wacht op leiderschap
- Prijsstijging bestaande koopwoningen in Friesland het grootst
- Prijsstijging koopwoningen vlakt in september verder af
- Bijna kwart meer gebruik Wmo dan in 2017, vooral door 75- tot 85-jarigen
- Buster Keaton in boekenpassage De Rode Loper
- Ook de wetenschap moet erkennen: PVV-stemmers zijn met reden boos
- Minder stadionverboden en drie definitief gestaakte wedstrijden
- Jazzkwartet The Jazz Operators in de oude Kanselarij
- De Gjalp bringt sân dichters op it poadium fan twa festivals
- Waar is het parkeren duur en waar goedkoop?
- Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
- 10 Betaalbare studentendiners onder 3 euro in Leeuwarden
- We drinken weer minder bier – Aantal brouwerijen gedaald
- Vijf jaar legaal online gokken: wat de nieuwe vergunningsronde spelers oplevert
- Jongeren die deels opgroeiden in een huishouden met bijstand hebben minder vaak werk
- Duitse investeringsgolf biedt Nederlandse bedrijven volop kansen
- Opkoopbescherming: in Groningen tot 430.000 euro, in Leeuwarden tot 260.000 euro
- Slaap is belangrijk, maar slechts een derde slaapt goed
- Brigitte van den Berg komt op voor praktisch opgeleiden
- Blijf af van de bewonersfondsen
- Een gesprek kost een kwartier. Een advocaat kost geld
- Expositie Veerkracht in galerie ArtBrut 058 in de Boerhavestraat
- Tina in Sexbierum wint Prix Europa Iris
- Maar zo graag wil hij de Friese taal toch ook niet leren dat hij ook nog een Fries boek koopt
- Forum: Wat is Defensie daadwerkelijk van plan met de nachtvluchten en het proefdraaien van motoren?
- FNP stelt vragen over gebrekkige bestrating in Blitsaerd Oost
- Er gebeuren bijna nooit ongelukken, zegt wethouder Stellingwerf over het kruispunt Wirdumerdijk, Zaailand en Nieuweweg
- Aantal werklozen neemt toe – 408 duizend werklozen in september
- Het werk verandert, ziet het UWV – Minder mensen, meer machines
- Lieke Marsman: DPG, you may be rich, maar je bent failliet
- FNP wil bescherming Hounspolder voorop na uitspraak Raad van State over De Hem (ook PvdD wil dit)
- Mona Keijzer wil een eigen partij beginnen en ik denk met haar mee (Chris Aalberts)




