Tryater een week te gast in Theater Bellevue in Amsterdam
(tekst: Tryater)
�De Friezen komen!�
Tryater is in wike te gast yn Theater Bellevue, Amsterdam
It �ldste en meast alsidige teaterselskip fan Nederl�n, Tryater, is in wike te gast yn Theater Bellevue yn Amsterdam. Under lieding fan artistyk lieder Ira Judkovskaja lit Tryater it brede palet fan foarstellingen sjen oan elkenien dy�t nijsgjirrich is nei Tryater, mar Frysl�n te fier fynt foar foarstellingsbesite. It selskip wol graach oan de rest fan Nederl�n sjen litte dat in reiske oer de Ofsl�tdyk tige de muoite wurdich is.
De fersteanberheid yn Amsterdam sil gjin problemen opleverje: in tal foarstellingen wurdt Nederl�nsktalich boppetitele, oare foarstellingen binne Nederl�nsktalich of wurde spile yn in stedsdialekt dat goed fersteanber is foar alle net-Friezen.
Fan 31 jannewaris oant 6 febrewaris binne de folgjende foarstellingen te sjen yn Bellevue:
moandei 31 jannewaris, 20.30 oere
Diplodocus Deks
Twa Flamingen (Tom Lanoye en Sarah Moeremans) litte sjen hoe�t in kaakbonke de Fryske mienskip op �e kop sette kin.
Diplodocus Deks is it ferhaal fan in doarp dat wekker skodde wurdt op momint dat in b�tensteander (swart fan b�ten, wyt fan binnen) jild r�kt en wylde plannen makket. Hy set de mienskip totaal op syn kop.
Tom Lanoye, yn maart 2010 nominearre foar de Libris Literatuurprijs, hat it stik in �nferwachte struktuer j�n. As in argeolooch is Lanoye �tgien fan de resten, om sa it begjin te achterheljen. Sintrale fraach d�rby is: hoe moeilik is it om de bal�ns te finen tusken it beskermjen en koesterjen fan je sels en je eigen kultuer, en je sels iepen te stellen foar ynfloeden fan b�ten �f? Komysk en werkenber.
Tekst Tom Lanoye; regy Sarah Moeremans; akteurs Aly Bruinsma, Alyt Damstra, Hilbert Dijkstra, Thijs Feenstra, Marijke Geertsma, Mirjam Stolwijk, Koen Wouterse, Joop Wittermans en Hans Kroodsma; foarmjouwing Lena M�ller, Julian Maiwald
De foarstelling wurdt yn it Frysk spile, mar Nederl�nstalich boppetitele.
tiisdei 1 en woansdei 2 febrewaris, 20.30 lytse seal
Arendz� Arends
In eigenwize dokumint�re oer twa bys�ndere minsken
De foarstelling giet oer de akteur Jan Arendz en de dichter Jan Arends. Jan Arendz seach bys�ndere parallellen en mooglik noch gruttere tsjinstellingen yn harren libbens. Op syn �eigen wize� fertelt Arendz oer syn hast-nammegenoat. Hy sketst syn eigen libben en spegelet it oan dat fan Jan Arends. Hy kr�pt yn �e h�d fan �e skriuwer, om syn gedichten foar te dragen en de r�nen fan Arends� siel te �ndersykjen.
De foarstelling is diels basearre op it boek ‘Angst voor de winter. Het leven van Jan Arends� fan Nico Keuning.
konsept en tekst Jan Arendz (mei gedichten fan Jan Arends); regy Rients Gratama; spiler Jan Arendz; decor Stans Lutz; muzyk Maarten van Roozendaal
De Frysktalige dielen yn de foarstelling wurde Nederl�nstalich boppetitele.
tongersdei 3 febrewaris, 20.30 oere
Discopigs
rau en �ngewosken
It grillige, triljende Discopigs is it ferhaal fan Beer en Baarch. Twa jonge minsken, ekstreem en mei in f�ste b�n. Sy binne beret om tegearre boppe dizze bedoarne maatskippij komme te stean.
Beer en Baarch: Happy Fucking Seventeen. Sij libje it echte libben. R�ch op stap, skijt oan �e wr�ld en net te stopjen. Sy binne King en Queen fan �e hiele wr�ld. Der is gjin �ntsnappen mooglik. Net foar oaren, net foar harren sels. Se d�nsje, fleane en s�pe, oant �m it �n�ntkombere oantsjinnet.
Tryater wurke yn dizze produksje gear me de Leeuwarder Academie voor Popcultuur. Tamara Schoppert die de regy. Foarmjouwer Maria Dourron (Frank Mohr Instituut) boude de spyllokaasje om ta it paleis fan Beer en Baarch, spile troch Klavertje Patijn en Eelco Venema. In enerzjike en fysike foarstelling yn de rauwe en �ngewosken bewurking fan Peter Sijbenga en Eelco Venema, spile yn in it Liwadders.
Tekst Enda Walsh; oersetting en bewurking Peter Sijbenga en Eelco Venema; regy Tamara Schoppert; spilers Klavertje Patijn en Eelco Venema; foarmjouwing Maria Dourron
De foarstelling wurdt spile yn in stedsdialekt.
Freed 4 en Sneon 5 febrewaris, 20.30 oere
Fan de st�d en it libben
In beweechlike tragikommeedzje troch it hiele ensemble.
Dizze foarstelling is nominearre foar de AVRO Toneel Publieksprijs 2009-2010.
Twa regisseurs wurken tegearre oan dizze foarstelling s�nder plot. Ira Judkovskaja, artistyk lieder fan Tryater, putte �t de �nderfining dy�t sy opdie yn har jeugd yn Moskou. Jochem Stavenuiter (Bambie) die ynspiraasje op yn Sao Paulo, de st�d d�r�t hy wurke. De s�n ensemblespilers fan Tryater makken de foarstelling fan beweging en ymprovisaasje �t.
Mear as 70 personaazjes passeare de revu. Sy rinne wachtsje, prate, drave, sitte en sjonge. Allegear libje se harren eigen libben en ha se harren eigen ferhaal. Mei de hektyk en de po�sy fan in metropoal.
Regy Jochem Stavenuiter en Ira Judkovskaja; akteurs Jan Arendz, Aly Bruinsma, Arnold Dijkstra, Marijke Geertsma, Nynke Heeg, Tamara Schoppert, Eelco Venema; dekor Ekko de Bakker
Dizze byldzjende foarstelling wurdt yn it Frysk spile mei Nederl�nske boppetiteling.
snein 6 febrewaris, 16.00 oere
Stamppot Schmidt
In nochal absurde foarstelling nei gedichten fan Annie M.G. Schmidt
�Saldery! Salderij!� Hoera! It is sa fier! De Kommisje Ta Fuortsterking Fan Fersprieding Fan Ferskes Fan Annie M.G. SMYT (Yn It Frysk) is ree f�n om de berntsjes te learen hoe�t se stamppot meitsje moatte. Kommisjeleden Koos en Klaas (en Kees) stampe herten, fluittsjetteltsjes en in grut tal muoikes en Royalty ta ien Grutte Panne Mei Po�zy. (Lit dat mar oan har oer). Mei har sizze wy: Hoerakatee! En Skep Nochris Op! Want hoefolle wurden kinsto eins yn it Frysk?
STAMPPOT SMYT is in nochal absurde foarstelling (yn it Frysk) foar elkenien Fan Seis Jier en Alder dy�t �nmjitlik grut wurde wol.
gedichten Annie M.G. Schmidt; regy Bram de Goeij; konsept en dramaturgy Tamara Schoppert; muzyk en skript Peter Sijbenga; spilers Arnold Dijkstra en Eelco Venema; oersetting en bewurking gedichten Tryntsje van der Zee en Peter Sijbenga; foarmjouwing Maria Dourron
De foarstelling wurdt spile yn it Nederl�nsk.
Meer berichten
- Henk van den Borg (84) overleden – De gemeenteraad moet akkoord gaan met nieuw Cambuurstadion en de wethouder laten tekenen voor plan zonder losse eindjes
- GB058: Het beleid voor senioren is ondergesneeuwd en staat bol van de goede bedoelingen met plannen die niet of onvoldoende worden uitgevoerd
- Ik kijk pas weer op uit het boek als er een mevrouw naast me staat te kuchen
- Sint Jozefbrug weer open na vernieuwingswerkzaamheden
- Janneke de Boer: doe eens iets aan het onderhoud zoals los liggende tegels
- Arcadia zoekt een artistiek leider (24-32 uur)
- Even bellen met Eddie de Vries, voorzitter van de Friese reizigersvereniging
- De Kahlmann-kramp: Waarom de censuurclown het theater vermoordt
- Aldi op plaats Skilhiem in Stiens? – Waarom weten wij dat niet: hotel in Belastingkantoor? – Bloembak dicteert inrichting Ruiterskwartier?
- Finse lessen voor een vergrijzend Nederland
- Advocaten gebruiken AI in rechtszaken op de verkeerde manier
- Steeds meer statistieken ook voor wijken en buurten beschikbaar
- Marten Ketellapper: Hoe dit college met Blauw Wit en FVC is omgegaan is beschamend
- Bijna helft werkenden denkt dat AI werk kan doen
- De val van minister Dennis Wiersma: was dit een incidenteel conflict of een structurele sabotage vanuit de ambtenarij?
- Thom Feddema: we zeggen nee tegen bouwen naast de Hounspolder
- GB058: De basisbanen schaffen we af. In plaats daarvan richten we wijkbedrijven op
- Peter Karstkarel (80) overleden – Het Fries Museum volg ik niet zo. Het is weinig opwindend
- Liwwadders stelt vragen over onterechte belastingaanslag ozb
- FNP stelt vragen over onterechte belastingaanslag ozb
- Eigen Huis heropent meldpunt: zelfregulering in makelaardij faalt
- Minder 60-plussers onder AOW-leeftijd al met pensioen
- Bericht van Planbureau Fryslân aan aankomende raadsleden: wij krijgen buikpijn van argumenten die aantoonbaar onjuist zijn
- Lokale bluf en groene daden: De Partij voor de Dieren in Neushoorn
- Noord-Fries: De moedertaal smaakt naar meer op het Zaailand
- Internetkwaliteit krijgt gemiddeld een 8, maar 73 procent ervaart problemen
- Koopwoningen in januari ruim 5 procent duurder dan jaar eerder
- BBB Leeuwarden kritisch op hotelplan voormalig belastingkantoor
- Coalitieplannen verhogen productiekosten en leiden tot duurdere boodschappen
- Longfonds zegt: lucht in Leeuwarden is ongezond
- Vier jaar oorlog Oekraïne: meerderheid (54%) Nederlanders afgestompt door oorlogsnieuws
- Journalistieke titels concurreren nauwelijks nog met elkaar en verwateren hun identiteiten
- Pointer: Woningnood in Leeuwarden hoog en winkelleegstand hoog
- Startel start eerste Friestalige AI-training voor beginners
- WoonFriesland deelt in februari sleutels uit van 60 nieuwe sociale huurwoningen
- Komende jaren 5.300 werknemers Friese industrie met pensioen
- Gezond leven is een holle frase zolang bestrijdingsmiddelen onze eettafel bereiken
- It Noardfrysk en Liwwadders klinke mei in film en bier op Ynternasjonale Memmetaaldei
- Joy Kisoenpersad: FNP wil meer voorzieningen in de wijken
- VVD: Is het college bekend met het landelijke tekort aan reanimatievrijwilligers?






