Politiek weerbericht Johannes Kramer: niet te benauwd
(tekst: politiek weerbericht voorzitter statenfractie FNP Johannes Kramer)
Freonen,
Yn it foarste plak ek fan myn kant mei �t namme fan de hiele steatefraksje en meiwurkers in alderhertlikst lokkich nijjier tawinske. Yn de oprop foar dizze gearkomste stiet dat ik in polityk waarberjocht �fjaan sil. No ha�k gjin oanstriid en wurdt de Pyt Paulusma fan de Fryske polityk, mar ik wol al wat sizze fansels.
Yn �e wr�ld wie der yn 2008 fan alles te r�den, de kredytkrisis en Obama, mar ek yn de Fryske polityk. Wy hawwe in nije kommissaris yn helle, John Jorritsma, en �fskied nimme moatten fan in frou dy�t in rom en grut hert foar Frysl�n hie, Anita Andriessen.
Freonen,
As steatefraksje hawwe � in unikum yn de Steatepolityk � in eigen alternative begrutting presentearre. Wy koene net meigean yn de �nferantwurde hege �tjefte foar it nije provinsjeh�s. Wy hawwe der foar soarge dat Dokkum en Frjentsjer ek meitelle as provinsjale kultuersintra. Wy hawwe by it wetterplan ferskate alternativen mei s�kses oantsjinne. Wy hawwe hoek holden oangeande de Sintrale As en de r�nwei om Garyp en it liket der op dat wy mei �s alternative trasee in goede en ferantwurde kar makke ha.
Wy hawwe it al faker sein, mei it nije kolleezje is in nije koerts ynslein dy�t mear �s kant opkomt. Guon wolle hawwe dat d�rmei de FNP oerstallich wurden w�ze soe. Krekt net! Der is en bliuwt ferlet fan in konsekwint Fryske partij. Dat hat ek de �tslach fan wetterskipsferkiezings bewiisd. In lokwinsk d�rom foar Lolke, Wopke en it hiele ferkiezingsteam dat sa syn b�st dien hat!
Mar dat mei tagelyk ek gjin reden w�ze en tink dat de kiezers �s fansels ek wol wer fine sille, aanst by de gemeenteriedsferkiezings takom jier en de steateferkiezings oer twa jier. Wy sille fierder moatte, as partij, as organisaasje. Der binne mear partijen en dy begjinne �nderwilens ek yn �s wetter f�kjes �t te setten.
Jo soene fan tinken hawwe kinne dat in partij as de FNP it d�rom hawwe moat fan it beynfloedzjen fan oare partijen. Dat wy krekt as yndertiid de Boerenpartij en letter de Aldereinpartijen inkeld ta doel hawwe de saneamde �grutte partijen� by te stjoeren. Foar in part is dat �s funksje, mar dy funksje ferliest syn kr�ft as wy der net yn slagjen bliuwe om party kiezers oan te sprekken en ek ree binne om bestjoersferantwurdlikheid te dragen. Wy hawwe ynfloed, wis, mar wat grutter en sterker wy binne, wat mear ynfloed wy hawwe en wat mear as dat yn it belang fan Frysl�n is.
Dat moatte wy net sykje yn kosmetyske oplossings as it fuortheljen fan de N �t �s partijnamme. Wy moatte de Fryske Nasjonale Partij bliuwe, om�t wy de partij foar, fan en mei Frysl�n binne. Sjoch nei �s maten yn Flaanderen. De Volksunie is opsplitst yn de NVA en Spirit. Spirit hat himsels nei gychem holpen troch fan Spirit om te foarmjen ta VlaamsProgressieven en no ta Sosjaal Liberale Partij. De partij is �nderwilens leech r�n en moat noch mar sjen oft se de kop yn polityk opsicht boppen wetter h�lde kin. Dy kant moatte wy net �t, freonen.
Wy moatte �s ek net ferlieze yn ynh�ldik n�le stoarjen. En alle enerzjy stekke yn it oant efter de komma beskriuwen wat wy presys fine en wat wy presys wolle. It hat gjin doel en sykje presys �t op hokker plak wy no krekt op �e links rjochts skaal sitte. Fansels moat der in begjinselprogram lizze en dat hawwe wy. En fansels hawwe wy �s kearnwearden, mar wy witte wat wy wolle en wy witte w�r�t wy it foar dogge. Mar wy hawwe ek de fleksibliteit om �s foar eltse ferkiezing te berieden op wat wy foar dy ferkiezings wichtich fine en nei foarren bringe wolle. Wy moatte earder in behindig, aktueel en oansprekkend program hawwe as in bibel.
In sweeftrein wie fansels in prachtich item, mar inkeld in item is net gen�ch. Jo moatte ek de organisaasje hawwe om dat item pakke te kinnen. Mei in sterke partij organisaasje, in pear oansprekkende tema�s en in goede ploech minsken kinne jo in hiel ein komme. Mar jo moatte ek it betrouwen hawwe en h�lde fan de kiezers. Politike ynh�ld, mar ek �tstrieling en karakter, hoe lestich as dat ek is om te krijen en f�st te h�lden. As Steatefraksje kinne, moatte en sille wy d�roan in bydrage jaan.
Freonen,
Ek de aksje foar it Frysk yn de Gr�nwet hat in pear nijsgjirrige saken sjen litten. Dat moatte wy faker dwaan. De basis foar dit krewearjen is lein yn it Steatekommittee Frysk yn de gr�nwet. Wy moatte hjir yn Frysl�n ienridiger mei inoar opkomme foar de Fryske belangen. As it giet om de taal, mar ek om it foech en de middels. Frysl�n moat mear en better op �e kaart yn Den Haag en Brussel.
De Friesland Bank, ek noait ferlegen om in handige publisiteitsset,en organisearren ek in keatspartij op it Museumplein yn Amsterdam. En hja hawwe in aardige reklamegjalp foar harren bank�re tsjinsten: it Fryske antwurd op Wall Street. Selsbewust. Net fan dat benaude. Dat is �s FNP ek. Wy moatte it Fryske antwurd op Den Haag jaan. Op it Den Haag dat inkeld ynteresearre is yn syn eigen problemen en foar Frysl�n gjin omtinken hat. Dat antwurd moat de foarm hawwe fan in mear eigestannige posysje, mei mear foech en middels foar Frysl�n. Sa dat wy de romte krije. De romte om as Friezen mear en better �s eigen takomst st�l te jaan. In Provinsje Plus. En yn de kommende diskusje oer de ferh�ldings tusken Ryk, provinsje en gemeenten nei oanlieding fan it rapport Lodders sille wy dat ynbringe.
Freonen,
Der binne grutte oerienkomsten tusken de kredytkrisis, de sweeftrein en de weryndieling. It binne grutte en hege hearen dy�t �s foarh�lde dat grutter en djoerder better is, dat it net slim is dat de gewoane man it net mear snapt en dat fansels wol d�dlik wurdt dat, wat hja wolle, allegear folle better is. En dat it net slim is dat der gjin probleem bestiet foar har oplossing. Der is en bliuwt d�rom ferlet fan in partij dy�t warsk�get, fan in partij dy�t in trochtocht alternatyf hat, dy�t wol nei de gewoan man en frou harket, dy�t der op oanstean bliuwt dat besl�ten earst ek begrepen wurde ynstee fan inkeld mar �tfierd. Der is en bliuwt ferlet fan in partij dy�t saken delset, dy�t earst fuortlake wurde en d�rnei troch oaren oppakt, lykas in eigen Fryske telefyzje, de eigen namme foar de provinsje of in eigen domeinekstinsje .frl. Der is en bliuwt ferlet fan in konsekwint Fryske partij, yn de gemeenten, de steaten en no ek it wetterskip, ek yn 2009 en d�rom is en bliuwt der ferlet fan de FNP!
Lok en seine!
Meer berichten
- Henk van den Borg (84) overleden – De gemeenteraad moet akkoord gaan met nieuw Cambuurstadion en de wethouder laten tekenen voor plan zonder losse eindjes
- Janneke de Boer: doe eens iets aan het onderhoud zoals los liggende tegels
- Arcadia zoekt een artistiek leider (24-32 uur)
- Even bellen met Eddie de Vries, voorzitter van de Friese reizigersvereniging
- De Kahlmann-kramp: Waarom de censuurclown het theater vermoordt
- Aldi op plaats Skilhiem in Stiens? – Waarom weten wij dat niet: hotel in Belastingkantoor? – Bloembak dicteert inrichting Ruiterskwartier?
- Finse lessen voor een vergrijzend Nederland
- Advocaten gebruiken AI in rechtszaken op de verkeerde manier
- Steeds meer statistieken ook voor wijken en buurten beschikbaar
- Marten Ketellapper: Hoe dit college met Blauw Wit en FVC is omgegaan is beschamend
- Bijna helft werkenden denkt dat AI werk kan doen
- De val van minister Dennis Wiersma: was dit een incidenteel conflict of een structurele sabotage vanuit de ambtenarij?
- Thom Feddema: we zeggen nee tegen bouwen naast de Hounspolder
- GB058: De basisbanen schaffen we af. In plaats daarvan richten we wijkbedrijven op
- Peter Karstkarel (80) overleden – Het Fries Museum volg ik niet zo. Het is weinig opwindend
- Liwwadders stelt vragen over onterechte belastingaanslag ozb
- FNP stelt vragen over onterechte belastingaanslag ozb
- Eigen Huis heropent meldpunt: zelfregulering in makelaardij faalt
- Minder 60-plussers onder AOW-leeftijd al met pensioen
- Bericht van Planbureau Fryslân aan aankomende raadsleden: wij krijgen buikpijn van argumenten die aantoonbaar onjuist zijn
- Lokale bluf en groene daden: De Partij voor de Dieren in Neushoorn
- Noord-Fries: De moedertaal smaakt naar meer op het Zaailand
- Internetkwaliteit krijgt gemiddeld een 8, maar 73 procent ervaart problemen
- Koopwoningen in januari ruim 5 procent duurder dan jaar eerder
- BBB Leeuwarden kritisch op hotelplan voormalig belastingkantoor
- Coalitieplannen verhogen productiekosten en leiden tot duurdere boodschappen
- Longfonds zegt: lucht in Leeuwarden is ongezond
- Vier jaar oorlog Oekraïne: meerderheid (54%) Nederlanders afgestompt door oorlogsnieuws
- Journalistieke titels concurreren nauwelijks nog met elkaar en verwateren hun identiteiten
- Pointer: Woningnood in Leeuwarden hoog en winkelleegstand hoog
- Startel start eerste Friestalige AI-training voor beginners
- WoonFriesland deelt in februari sleutels uit van 60 nieuwe sociale huurwoningen
- Komende jaren 5.300 werknemers Friese industrie met pensioen
- Gezond leven is een holle frase zolang bestrijdingsmiddelen onze eettafel bereiken
- It Noardfrysk en Liwwadders klinke mei in film en bier op Ynternasjonale Memmetaaldei
- Joy Kisoenpersad: FNP wil meer voorzieningen in de wijken
- VVD: Is het college bekend met het landelijke tekort aan reanimatievrijwilligers?
- MKB Cyber Alarmcentrale komt naar Noord-Nederland: snel hulp bij cyberincidenten
- Meer vergunningen en meer nieuwe woningen in 4e kwartaal – Bouwkosten afgenomen
- Bijna 6 op de 10 zorgmedewerkers ervaren agressie patiënten






