Liwwadders
  • Cultuur
  • Politiek
  • Economie
  • Ondernemen
  • Doneer!
  • Abonneren

Jury Gysbert kondigt gepeperde notitie aan rond literatuurprijs

11 oktober 2011 Actueel

(tekst: ingezonden Eeltsje Hettinga op weblog Huub Mous)

Gysbert en de frucht fan de Fryske ynstit�sjonalisearring

�Wy hawwe as sjuery oanj�n dat wy ree wienen om in shortlist op te stellen, mar noch Tresoar noch de provinsje binne d�r op yn gien. De provinsje hat der tefolle in rem op set, omdat se earst har eigen literatuerbelied ynfolje en folgje woe,� seit Ate Grypstra, sjuerylid fan de Gysbert Japicxpriis 2011. �Uteinlik is der neat gebeurd. Gjin reuring, gjin ruchtberheid. Dat hat my fernuvere. It idee om de Gysbert mear status te jaan, is mislearre, de priis sels is �nderstek dien.�

Dat wol net sizze dat der neat besocht is. Mar yn �e praktyk kaam der neat fan op �e hispel. Konkreet: begjin maart hat Tresoar, yn de persoan fan de literatuerbefoarderer Teake Oppewal, neffens Linkednet tsjintwurdich consultant Frisian literature, de sjuery tante oft se meitinke woe oer de fraach om mear ruchtberheid te jaan oan de Gysbert Japicxpriis fan dit jier. Grypstra: �Wy hawwe doe witte litten dat soks net �s taak is. Tresoar hat doe noch by de Provinsje oan west, mar is neffens my weromfluite.�

Tresoar kaam d�rnei neat mear �t hannen. Sterker noch, men joech it oer, joech it spul yn hannen fan de provinsje, makke har �fhinklik fan de amtners, foarljochters en kommunikaasjedeskundigen fan deputearre Jannewietske de Vries, dy�t mei in soad p.r. it grutte Gysbert-kabaal meitsje soenen. Soenen� Ja, ja, sl�ge soe ek en stoar earder. Fan�f de kant fan de provinsje hat de Gysbert-sjuery bygelyks formeel noait in fersyk ta it opstellen fan in shortlist krigen.

Twa jier ferlyn kaam de deputearre mei it sizzen dat se derfoar soargje soe dat de priis �mear status� en �mear ruchtberheid� krije soe, mar Jannewietske de Vries is yn dit stik fan saken net mear geloofweardich, yn har belied is se �nbetrouber wurden. Is de troch har taseine ferheging fan it prizejild der kaam? Nee. Hawwe de troch har taseine provinsjale skriuwersbeurzen foarm en ynh�ld krigen? Nee. Binne der prikken yn it wurk steld om mear ruchtberens oan de priis te jaan? Nee. De deputearre mei dan wol sizze: �Wy hawwe mei de Fryske literatuer goud yn hannen,� mar yn it stik fan de Gysbert hat se der in �ld izerhannel fan makke.

Ein augustus lei it l�srapport fan de Gysbert-sjuery, ynbegrepen de namme fan de laureaat, op de burelen fan de provinsje. Mei wat mear oerlis en in bettere ko�rdinaasje tusken Tresoar, de provinsje en de �tjouwers hie der gelegenheid gen�ch west en meitsje mei de nedige tamtam de ynteresse by it publyk los. �It spul liket ferkommen te w�zen yn burokrasy,� ferd�tst Ate Grypstra syn yndruk fan de gong fan saken. �Tresoar lei de saak by de provinsje del en de provinsje die dat oarsom. In spultsje Fryske pingpong.�

Sjueryfoarsitter Willem Verf folt oan: �Yn ferb�n mei it wat d�bele karakter fan de priis � soms giet it om in priis foar in oeuvre, soms foar ien �fs�nderlik boek � hawwe wy it �tstel dien ta it oanleverjen fan in shortlist en it ynstellen fan in publykspriis. Dat is net troch elkenien, sis bepaalde eleminten binnen de B�terhoeke, likegoed oppakt. Fierders woe it nije gearwurkingsferb�n fan �tjouwers, de Stichting Boeken fan Frysl�n, gjin ferantwurdlikheid nimme foar �s plannen en �tstellen, omdat se f�nen dat se te koart tiid hienen.� Verf lit fierders witte dat de sjuery mei in knap kritysk sjueryrapport komme sil. �Der sil in tal kanttekeningen makke wurde by de proseduere fan dit jier en der is in tal krityske advizen foar de polityk.�

De betelle kr�ften fan Tresoar dy�t har as beropsfriezen dwaande h�lde mei de befoardering en de promoasje fan de Fryske literatuer � foar skriuwers meastentiids oars net as hongerlapjend willewurk � hienen by alle sloffens en sleauwens fan de Provinsje faaks noch wol it ien en oar fan har eardere plannen op Gysbert-priemmen sette kinnen. Mar nettsjinsteande dat it yn septimber/oktober De Moanne fan it Fryske Boek is, bleau it piseameldersstil. De literatuerbefoarder Teake Oppewal bygelyks wie te drok mei it tarieden en �twurkjen fan syn �ldwivehobby, in l�zing oer famyljerelaasjes yn de Fryske literatuer. �Wat mear piid en inisjatyf by de minsken op �e B�terhoeke, d�r hie it net minder fan woarn,� seit Ate Grypstra.

Ek de liter�re tydskriften, de Moanne en Ensafh. hienen it �fr�ne healjier net of amper omtinken foar de heechste liter�re priis fan Frysl�n. Haadredakteur Ernst Bruinsma is fan betinken dat �skriuwe oer de Gysbert pas doel hat op it momint dat de winner bekend is. Wat ik al ferwachtsje,� seit er, �is dat de hichte fan it jild dat by de priis heart ferd�bele w�ze sil.� Nettsjinsteande it dozyn redakteuren dat it liter�re tydskrift Ensafh. telt, kaam it bl�d it �fr�ne heal jier net fierder as de presintaasje fan in longlist en in �nnoazel yninoar knutsele poll. Koartsein, de iennige reuring dy�t der komme soe, wie de reuring oer it �tbliuwen fan reuring.

Offisjeel mankearret it him op dit stuit allinnich noch oan in krol fan deputearre Jannewietske de Vries �nder it troch har amtners tarette Gysbert-stik, dat moarn, 11 oktober, troch DS behannele wurdt, in stik dat yn ien kear �fhammere wurde sil. Yn de kuiergongen wurdt grute dat de deputearre, tagelyk mei it bekend meitsjen fan de namme fan de laureaat, de oankundiging dwaan sil dat se meikoarten har portefeuille kultuur opjout omreden fan har mislearre, fout op fout steapeljend belied. In wiis besl�t en it is te hoopjen dat Jannewietske de Vries no ris werklik trochpakke sil. De Gysbert Japicxpriis � it giet, en dit is it alderl�ste nijs, om in oeuvrepriis � wurdt op tiisdei 8 novimber �trikt yn Boalsert.

Eeltsje Hettinga, 10 oktober 2011

Lunchroom ter overname
 
Doe mee en doneer knop
Vorige bericht

Gysbert Japicxprijs voor Durk van der Ploeg voor gehele oeuvre

Volgende bericht

College: Harmonie krijgt 2,8 miljoen en geen cent meer

 

Meer berichten

  • Sander Schimmelpenninck: Jort Kelder zou eens los moeten komen van het pluimstrijken en hermelijnvlooien
  • ‘Leegstand in verpleeghuizen vraagt om een andere kijk op zorgvastgoed’
  • ‘Vrouwen en meiden zijn onveiliger achter hun eigen voordeur dan op straat’
  • Theoloog Janneke Stegeman in TOON – Stadsschouwburg
  • Nederland voert defensie-uitgaven veel minder snel op dan Europese koplopers
  • Flitsboetes in Leeuwarden: 33.892 overtredingen in 8 maanden (toegenomen met 29.525)
  • Anna Olteanu zoekt een stageplek – Interieurstudio, stoffering en restauratie
  • Blijft gemeente pappen en nathouden rond vliegbasis Leeuwarden? Geert Verf in de aanval over beteugeling rechten burger
  • Monnikenwerk. Monnik voor een avond in de Grote Kerk
  • Anouk Nammensma: hoe doe je meer ervaring op als je niet de kans krijgt om die ervaring verder uit te breiden?
  • Pas als ik ze achterna roep: bedankt voor jullie bezoek, reageren ze.
  • Nieuw vast energiecontract 43% duurder; gezin met zonnepanelen betaalt 90 euro per maand extra
  • Ruim 2 miljoen flitsboetes in 8 maanden – 39 procent meer boetes voor door rood rijden
  • Werkzaamheden Nieuwestad en Ruiterskwartier van start
  • Onderzoek hogescholen over politie: Online aanpakken of doormodderen – Politieagent wacht op leiderschap
  • Prijsstijging bestaande koopwoningen in Friesland het grootst
  • Prijsstijging koopwoningen vlakt in september verder af
  • Bijna kwart meer gebruik Wmo dan in 2017, vooral door 75- tot 85-jarigen
  • Buster Keaton in boekenpassage De Rode Loper
  • Ook de wetenschap moet erkennen: PVV-stemmers zijn met reden boos
  • Minder stadionverboden en drie definitief gestaakte wedstrijden
  • Jazzkwartet The Jazz Operators in de oude Kanselarij
  • De Gjalp bringt sân dichters op it poadium fan twa festivals
  • Waar is het parkeren duur en waar goedkoop?
  • Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
  • 10 Betaalbare studentendiners onder 3 euro in Leeuwarden
  • We drinken weer minder bier – Aantal brouwerijen gedaald
  • Vijf jaar legaal online gokken: wat de nieuwe vergunningsronde spelers oplevert
  • Jongeren die deels opgroeiden in een huishouden met bijstand hebben minder vaak werk
  • Duitse investeringsgolf biedt Nederlandse bedrijven volop kansen
  • Opkoopbescherming: in Groningen tot 430.000 euro, in Leeuwarden tot 260.000 euro
  • Slaap is belangrijk, maar slechts een derde slaapt goed
  • Brigitte van den Berg komt op voor praktisch opgeleiden
  • Blijf af van de bewonersfondsen
  • Een gesprek kost een kwartier. Een advocaat kost geld
  • Expositie Veerkracht in galerie ArtBrut 058 in de Boerhavestraat
  • Tina in Sexbierum wint Prix Europa Iris
  • Maar zo graag wil hij de Friese taal toch ook niet leren dat hij ook nog een Fries boek koopt
  • Forum: Wat is Defensie daadwerkelijk van plan met de nachtvluchten en het proefdraaien van motoren?
  • FNP stelt vragen over gebrekkige bestrating in Blitsaerd Oost
Problemen met verhuurder? Woningtoewijzing? Uitkering? Aanvraag minimaregelingen? Bel snel PEL! 058-2671636 op werkdagen van 14.00-17.30 uur. B.g.g. mail verpel@online.nl
Foto: Elbpresse

Sander Schimmelpenninck: Jort Kelder zou eens los...

26 oktober 2026
Rengerslaan - Leeuwarden

‘Leegstand in verpleeghuizen vraagt om een...

26 oktober 2026
Leeuwarden - Wybrand de Geeststraat - Verboden te lopen

‘Vrouwen en meiden zijn onveiliger achter...

26 oktober 2026

Theoloog Janneke Stegeman in TOON –...

26 oktober 2026

Stadsblad Liwwadders

Veel Leeuwarders ontvangen elke morgen rond koffietijd onze nieuwsbrief. Die wilt u toch ook niet missen? Het laatste nieuws uit Leeuwarden e.o. elke morgen rond elf uur in uw mailbox.

Lunch mee!

Stadsblad Liwwadders

JA, IK WIL een abonnement op het Stadsblad Liwwadders en ontvang de krant graag een jaar lang in de bus.

Meer informatie

Koken met Klaas

Klaas kasma

Archief

  • Liwwadders TV
  • Webarchief
  • Stadsblad

Liwwadders.nl

  • Colofon
  • Contact
  • Privacystatement
  • Disclaimer

Sociale Media

TwitterFacebookYouTube
Copyright 2026 | Liwwadders.nl | Alle rechten voorbehouden
Uw gegevens op Liwwadders
Liwwadders plaatst functionele en analytische cookies.
Door op 'Akkoord' te klikken geeft u daarvoor toestemming. Lees ook onze Privacystatement. Akkoord
Privacy & Cookies Policy

Privacy Overview

This website uses cookies to improve your experience while you navigate through the website. Out of these, the cookies that are categorized as necessary are stored on your browser as they are essential for the working of basic functionalities of the website. We also use third-party cookies that help us analyze and understand how you use this website. These cookies will be stored in your browser only with your consent. You also have the option to opt-out of these cookies. But opting out of some of these cookies may affect your browsing experience.
Necessary
Altijd ingeschakeld
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. This category only includes cookies that ensures basic functionalities and security features of the website. These cookies do not store any personal information.
Non-necessary
Any cookies that may not be particularly necessary for the website to function and is used specifically to collect user personal data via analytics, ads, other embedded contents are termed as non-necessary cookies. It is mandatory to procure user consent prior to running these cookies on your website.
OPSLAAN & ACCEPTEREN