Liwwadders
  • Cultuur
  • Politiek
  • Economie
  • Ondernemen
  • Doneer!

Boarnsterhim nog niet ingelijfd of FNP Ljouwert is al boos

15 augustus 2013 Actueel

(tekst: FNP Leeuwarden)

De FNP-Ljouwert steIt hjoed fragen oan it Kolleezje oer it no fêstlizzen fan de fan de eveneminten kalinder 2014. Ljouwert freget Boarnsterhim noard midden yn de fakânsje, binnen 14 dagen harren eveneminten foar de kommende oardel jier troch te jaan. Mei it stringinte eveneminten belied fan de gemeente Ljouwert binne earder profesjonele organisatoaren al op de kofje kaam. Alle spontane inisjativen út de mienskip wei wurde mei dizze kontrôle obsesje fuortreage. Hoe sa Kulturele Haadstêd 2018?   

Hjirûnder steane de fragen yntegraal opnommen:

Oan it Kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert

 

Ljouwert, 15 augustus 2013

 

Oangeande: fragen yn it ramt fan kêst 41, lid 1 fan it reglemint fan oarder oer it no fêstlizzen fan de eveneminten kalinder 2014 ek foar Boarnsterhim noard. 

 

Rju achte Kolleezje,

 

De FNP-fraksje hat kundskip nommen fan de lêste ferzje fan ‘Op ‘e hichte’, dêr’t de ynwenners fan dy gemeente mei ynformearre wurde troch it gemeentebestjoer. Sjoch http://www.boarnsterhim.nl/document.php?m=5&fileid=9609&f=96d08cd50c49a3590880d280271bb936&attachment=1&c=11167  

 

Us each foel op in artikel fan de kant fan de gemeente Ljouwert, dat nochal wat fragen by ús oprôp. Midden yn ‘e fakânsje prestearret de gemeente Ljouwert it om ynwenners en organisaasjes yn Boarnsterhim twingend op te roppen om al foar 1 septimber al har eveneminten/aktiviteiten yn 2014 troch te jaan yn ferbân mei in saneamde ‘aktiviteiten kalinder’.

 

De FNP-fraksje hat 4 beswieren.

Punt 1, dat it midden yn de fakânsje oankundige wurdt (in soad minsken binne fuort!).

Dêrneist de hiele koarte termyn (2 wiken) foardat de eveneminten trochjûn wurde moatte.

Punt 3 it twingende en demotivearjende karakter (‘Een van de veranderingen zal zijn dat u evenementen voor 2014 in Leeuwarden voor 1 september aan moet melden’). It giet dêrby dus ek om aktiviteiten yn novimber of desimber 2014!

En ta beslút, de grutte ûndúdlikens dy’t dit stikje opropt. Giet it ek om karbidsjitten, de buert barbekjû, de merke?

 

 Om koart te kriemen werklik in hannelwize dy’t net stimulearjend oerkomt, earder burokratysk en ôfremjend. Yn it ramt fan it stimulearjen fan festivals en doarp- en wykaktiviteiten, it aktyf meidwaan fan minsken oan de mienskip en Kulturele Haadstêd 2018 komt ús dat hiel frjemd oer. It is ek net útnoegjend en wolkom nei ús nije ynwenners fan Grou, Eagum, Friens, Idaerd, Jirnsum, Reduzum, Warstiens, Warten en Wergea.  

 

 

Us fragen: 

 

  1. Is it Kolleezje it mei ús iens dat in oankundiging op 13 augustus oan ús nije ynwenners foar it melden fan eveneminten yn 2014, midden yn de fakânsje as in soad minsken fuort binne, net ferstannich is?

 

  1.  Binne jim it mei ús iens dat de termyn fan mar 18 dagen om de eveneminten troch te jaan fia de webside of fia in gearkomste op 26 augustus (13 dagen letter) yn de fakânsjetiid wol hiel koart is, omdat in soad minsken fuort binne mar ek om’t men dizze omslachtige proseduere sa net wend is?

 

  1.  Is it Kolleezje it mei ús iens dat de oprop oan ynwenners en organisaasjes yn de doarpen fan Boarnsterhim in tige twingend en demotivearjend karakter hat? Hoe soe it Kolleezje der foar oer stean as de gemeente Ljouwert alle aktiviteiten dy’t sy op priemmen hat yn 2014 al foar 1 septimber oan provinsje of Ryk melde moatte soe?

 

 

  1.  Is it Kolleezje it mei ús iens dat it stikje yn it artikel grutte ûndúdlikens oproppe kin? Bygelyks de fraach watfoar type evenemint no wol of net foar 1 septimber oanmeld wurde moat?

 

  1.  Binne jim ree om op hiele koarte termyn de ynwenners en organisaasjes yn Boarnsterhim op ‘e nij oan te skriuwen, diskear nei de fakânsje, mei mear reaksjetiid, in dúdliker omskriuwing fan watfoar eveneminten it giet en ek dúdlik omskreaun dat nije aktiviteiten fansels altyd noch organisearre wurde kinne?

 

  1.  Is it Kolleezje ree om nei de weryndielings datum mei in nij belied stik foar eveneminten te kommen, dat minder burokratysk en ôfremjend is en mear klant freonlik en krekt stimulearjend is? 

 

 

 

Mei rju achtinge,

 

 

Pier Tilma

FNP-fraksje,

Advertentie Partij voor de Dieren Leeuwarden
 
Doe mee en doneer knop
Vorige bericht

Steeds meer huurders in armoede door kabinetsbeleid

Volgende bericht

ChristenUnie wil actie tegen spookburger

 

Meer berichten

  • Andries (VVD): Is er wel een stikstofprobleem? en Johan (D66) Magré: Vroeger trokken we eropuit om salamanders te zoeken
  • Rixt van der Meulen en Harm Smid van GB058: Ik zie nooit een raadslid in de Doelesteeg
  • Omzet stijgt hardst bij rechtskundige diensten en ingenieursbureaus – Hogere prijzen in bijna alle branches
  • Ik heb Klaver er nooit over gehoord, zoveel oog voor duurzaamheid en het milieu heeft hij blijkbaar niet
  • De Tweede Kamer begrijpt vrije nieuwsgaring niet en parlementaire journalisten vinden dat prima
  • Bauke Beert Keizer (FNP): minder regels en meer genieten
  • GL/PvdA: evenementen terug in de Groene Ster – Reactie GB058: die hebben jullie er zelf uitgejaagd
  • Te veel mensen laten geld liggen: automatisch zorgtoeslag toekennen is oplossing
  • Immaterieel erfgoed heggenvlechten en woonwagencultuur in de schijnwerpers
  • Hoe hou je vrijwilligers vast?
  • Raad wil wel sanctie tegen raadslid Saida Youssef maar doet het niet
  • F-35-personeel traint verdediging NAVO met Amerikanen in Utah
  • Douwe Egberts spaarprogramma (al 100 jaar) met waardepunten gaat weer van start
  • De grutto’s en de kieviten weten nog van niets, maar hun wereld staat op het spel
  • Loonkloof in acht jaar gehalveerd, vrouwen aan de top verdienen nog altijd fors minder
  • Huren bij de Boer moet betaalbaar plattelandstoerisme behouden
  • Abel Reitsma: Het CDA staat voor een redelijke en genuanceerde politiek – ‘Papa, waarom ga je weer weg?’
  • Economie kraakt: conflict Midden-Oosten jaagt energie- en transportprijzen omhoog – Koopkracht wordt uitgeknepen
  • FNP: waarom vinden er nog steeds werkzaamheden plaats aan de Troelstraweg?
  • Onderzoek concludeert: raadslid Youssef (GroenLinks/PvdA nu SLIM) schond de Gemeentewet
  • Tineke Kamminga-Huizenga: een asielzoekerscentrum tegen de hekken van de vliegbasis dat is toch mensonterend?
  • Ambtenaren: geen wijksafari, maar meewerken in de wijk
  • Technieksector bereidt zich voor op sabotage, stroomuitval, conflicten en crisis
  • Inwoners Wergea: gemeente is bang voor woningcorporatie – Directeur Amaryllis moet zijn gezicht hier eens laten zien
  • Politiek Café Leeuwarden met Cees de Snoo (CU), Jan-Willem Tuininga (FNP), Johannes Beers (PvdD), Thomas Hooft (D66) en Wieke Goudzwaard (CDA)
  • Traditionele criminaliteit zoals diefstal en geweld gelijk gebleven
  • Meer mensen voelen zich onveilig – Jonge vrouwen voelen zich het vaakst onveilig
  • Politici kunnen goed praten, maar nauwelijks luisteren
  • Als kandidaat-raadslid voor een lokale partij kijk ik met gemengde gevoelens naar tv-commercial
  • Afscheid van Hilda Snippe als voorzitter Werkgroep Toegankelijkheid Leeuwarden
  • Wat als we onze boodschappen zelf regelen?
  • Henk van den Borg (84) overleden – De gemeenteraad moet akkoord gaan met nieuw Cambuurstadion en de wethouder laten tekenen voor plan zonder losse eindjes
  • GB058: Het beleid voor senioren is ondergesneeuwd en staat bol van de goede bedoelingen met plannen die niet of onvoldoende worden uitgevoerd
  • Ik kijk pas weer op uit het boek als er een mevrouw naast me staat te kuchen
  • Sint Jozefbrug weer open na vernieuwingswerkzaamheden
  • Janneke de Boer: doe eens iets aan het onderhoud zoals los liggende tegels
  • Arcadia zoekt een artistiek leider (24-32 uur)
  • Even bellen met Eddie de Vries, voorzitter van de Friese reizigersvereniging
  • De Kahlmann-kramp: Waarom de censuurclown het theater vermoordt
  • Aldi op plaats Skilhiem in Stiens? – Waarom weten wij dat niet: hotel in Belastingkantoor? – Bloembak dicteert inrichting Ruiterskwartier?

 
 
 

 
 
 

Problemen met verhuurder? Woningtoewijzing? Uitkering? Aanvraag minimaregelingen? Bel snel PEL! 058-2671636 op werkdagen van 14.00-17.30 uur. B.g.g. mail verpel@online.nl
verkiezingsposter

Andries (VVD): Is er wel een stikstofprobleem? en...

10 maart 2026

Fajita cheeseburger

10 maart 2026

Rixt van der Meulen en Harm Smid van GB058: Ik zie...

10 maart 2026

Omzet stijgt hardst bij rechtskundige diensten en...

10 maart 2026

Stadsblad Liwwadders

Veel Leeuwarders ontvangen elke morgen rond koffietijd onze nieuwsbrief. Die wilt u toch ook niet missen? Het laatste nieuws uit Leeuwarden e.o. elke morgen rond elf uur in uw mailbox.

Lunch mee!

Stadsblad Liwwadders

JA, IK WIL een abonnement op het Stadsblad Liwwadders en ontvang de krant graag een jaar lang in de bus.

Meer informatie

Koken met Klaas

Klaas kasma

Archief

  • Liwwadders TV
  • Foto-archief
  • Stadsblad

Liwwadders.nl

  • Colofon
  • Contact
  • Privacystatement
  • Disclaimer

Sociale Media

TwitterFacebookYouTube
Copyright 2026 | Liwwadders.nl | Alle rechten voorbehouden
Uw gegevens op Liwwadders
Liwwadders plaatst functionele en analytische cookies.
Door op 'Akkoord' te klikken geeft u daarvoor toestemming. Lees ook onze Privacystatement. Akkoord
Privacy & Cookies Policy

Privacy Overview

This website uses cookies to improve your experience while you navigate through the website. Out of these, the cookies that are categorized as necessary are stored on your browser as they are essential for the working of basic functionalities of the website. We also use third-party cookies that help us analyze and understand how you use this website. These cookies will be stored in your browser only with your consent. You also have the option to opt-out of these cookies. But opting out of some of these cookies may affect your browsing experience.
Necessary
Altijd ingeschakeld
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. This category only includes cookies that ensures basic functionalities and security features of the website. These cookies do not store any personal information.
Non-necessary
Any cookies that may not be particularly necessary for the website to function and is used specifically to collect user personal data via analytics, ads, other embedded contents are termed as non-necessary cookies. It is mandatory to procure user consent prior to running these cookies on your website.
OPSLAAN & ACCEPTEREN