Omrop Fryslân is de regionale stjoerder fan Fryslân. Omrop Fryslân makket al harren programma’s yn it Frysk, dêrmei is de Omrop de iennige stjoerder dy’t yn it Frysk útstjoert. Omrop Fryslân hat in brede programmearring dy’t bestiet út nijs-, eftergrûn en kulturele programma’s mar ek berneprogramma’s en skoaltelevyzje.
Omrop Fryslân wol regionaal werkenber, aktueel, ûnôfhinklik en belutsen wêze. En Frysk; it poadium foar maatskiplike diskusje yn dizze provinsje, belutsen by en ûnderdiel fan it alledeiske Fryske libben.
Der wurkje sa‘n 122 minsken yn fêste tsjinst en in grut tal freelance meiwurkers. Omrop Fryslân hat in redaksjestatút dêr‘t yn regele is dat haadredaksje en redaksje ûnôfhinklik operearje kinne by de útfiering fan it sjoernalistike wurk.
Omrop Fryslân siket in:
Adjunkt-Haadredakteur
De Omrop hat as kearnwearden fleksibiliteit en kreativiteit. De nije adjunkt-haadredakteur jout lieding oan de redaksje en is yn gearwurking mei de haadredakteur ferantwurdlik foar it ûntwikkeljen, beweitsjen en útfieren fan it redaksjonele belied. De adjunkt-haadredakteur is in fernijer, in oanjager en dêrneist ek de ferbining mei de redaksje.
De adjunkt-haadredakteur:
• Draacht soarch foar de ûntwikkeling fan de programmearring en it programma-oanbod en wit dat te fertalen nei organisatoaryske- en finansjele konsekwinsjes;
• Is ferantwurdlik foar it goed funksjonearjen fan de wurkprosessen en ynformaasje streamen;
• Draacht soarch foar de ymplemintaasje fan ferbetertrajekten;
• Is ûnder oaren belêste mei it budzjet- en personielsbehear fan de redaksje;
• Is mei ferantwurdlik foar de personiele besetting yn sawol kwaliteit as kwantiteit;
• Sil de ynset fan fasiliteiten yn oerlis mei it haad bedriuwsfiering beweitsje;
• Hâldt him op ‘e hichte fan de kulturele, maatskiplike, politike en bestjoerlike ûntwikkelingen yn Fryslân;
• Is op ‘e hichte mei de nijste sjoernalistike- en technyske ûntwikkelingen op it fakgebiet;
• Kin goed netwurkje en ûnderhâldt kontakten mei eksterne organisaasjes en ynstellingen;
• Jout op stimulearjende wize lieding oan de redaksje en hat in managementstyl dy’t by it strategysk belied fan Omrop Fryslân past.
Wy sykje in adjunkt-haadredakteur dy’t:
• In soad sjoernalistike en multymediale ûnderfining hat op it mêd fan in yntegraal wurkjende redaksje;
• Net allinnich sterk is yn beliedsûntwikkeling mar ek tasjocht op de útfiering;
• Underfining hat mei it oanstjoeren fan feroaringsprosessen;
• In sterke persoanlikheid is mei in saaklike oanpak en dy’t doart te kiezen;
• In ynspirearjende en entûsjamearjende coach is dy’t it wichtich fynt om it fakmanskip en de kreativiteit fan de meiwurkers te fergrutsjen;
• Tagonklik en fleksibel is yn kommunikaasje en meiwurkers motivearje kin;
• Bining hat mei Fryslân, wit wat de “mienskip” fan it plattelân ynhâldt;
• Dy’t de Fryske taal aktyf behearsket en brûkt, of ree is om dat de learen.
De fakatuere stiet iepen foar ynterne en eksterne kandidaten. Sy wenje yn Fryslân of binne ree dêr te wenjen. In fertsjintwurdiging fan de redaksjeleden advisearret by de proseduere en ek in assessmint kin diel útmeitsje fan dy proseduere. De
arbeidsbetingsten binne basearre op de CAO foar it omroppersoniel.
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Klaas Geert Bakker (haadredakteur), till: 058-2997799. Jo sollisitaasje mei CV kin oant en mei 22 juny 2015 stjoerd wurde nei Ype van Kammen (haad P & O); e-mail: p&o@omropfryslan.nl.
De petearen foar dizze fakatuere sille plak fine yn wike 27.
Akwisysje nei oanlieding fan dizze fakatuere wurdt net op priis steld.




