Sulveren Fyts nei Kees Mourits
FNP rikt Sulveren Fyts en Natuer- en Miljeupriis út
De FNP hat sneon 3 jannewaris op de nijjiersgearsit yn Ljouwert wer de tradisjonele Sulveren Fyts en de Fryske Natuer- en miljeupriis útrikt. Beide prizen binne ynsteld troch de FNP en alle jierren siket de organisearjende ôfdieling, dit jier FNP-Ljouwert, dêr de kandidaten foar út. De Ljouwerter FNP-riedsleden Pier Tilma en Lyda Veldstra rikten de prizen út.
De Sulveren Fyts gie dit jier nei Kees Mourits út Ljouwert. Mourits is provinsjaal fertsjintwurdiger fan it Fytsersbûn yn Fryslân en set him al jierren yn foar de belangen fan de fytsers yn ús provinsje. Sa sprekt hy yn by tal fan gearkomsten om op te kommen foar de belangen fan de fytsers en skriuwt er ek brieven en mails nei bestjoerders út namme fan it Fytsersbûn. Útstoarte fytst Mourits sels ek hast altyd om it goede foarbyld te jaan. By de Sulveren Fyts heart ek noch in oarkonde.
Stichting Doarpstún Snakkerbuorren krige de Fryske Natuer- en Miljeupriis. De Doarpstún is in mienskiplik projekt fan de ynwenners fan Snakkerbuorren, Lekkum en Miedum. Op de tún wurde op biologyske wize griente, fruit en blommen ferboud en yn eigen behear ferkocht. Ek wurde der aktiviteiten organisearre en binne der toaniel- en muzykútfieringen, lykas it iepenloftspul Snakkerbuorren. Koördinator fan de Doarpstún Geartsje Janssen fan de Doarpstún naam de priis yn ûntfangst. Dy bestiet út in Opal Prommebeam en in oarkonde.
De Sulveren Fyts wurdt alle jierren útrikt oan dy ynwenner fan Fryslân dy’t yn it brûken fan de fyts in foarbyld is foar oaren en him/har ynset foar de belangen fan fytsers. De Fryske Natuer- en Miljeupriis giet alle jierren nei in persoan, ynstelling of organisaasje yn Fryslân dy’t him/har ynset foar it behâld en fuortsterkjen fan de natuer en in skjin miljeu yn Fryslân.
Meer berichten
- Mini-expositie De vogels van Heerkens in het Historisch Centrum Leeuwarden
- Realisatie treinstation Leeuwarden Werpsterhoeke stap dichterbij
- Waarom waarschuwt niemand burgemeester Crone?
- Jan de Boer: Links Leeuwarden sloot ogen voor wooncriminaliteit
- Japanse duizendknoop verwijderen uit uw tuin? Doe hem in de grijze container!
- Eerste FungiFarm in Leeuwarder gemeentehuis
- Dammen groter dan schaken volgens kunstgeschiedenis
- Video – Historicus Loes in natuurgebied de Alde Feanen
- Gedragscode voor dronevliegers in het waddengebied
- Wetterskip blijft de polderdijken controleren
- O, o, o, wat moet Liwwadders toch vaak hard lachen om de gemeente Leeuwarden
- Nieuwe kans voor Sjoerd Bootsma c.s.
- Wat is de mooiste boom van 2019?
- Herbevolking ruim driekwart miljoen jonge palingen
- F-16 wapeninstructeursopleiding van start op vliegbasis Leeuwarden
- Inschrijving Jonge Ondernemingsprijs van het Noorden is geopend
- Aantal Koninklijke Onderscheidingen stabiel
- Het gaat slecht met stadsvogels
- Wintertijd = inbraaktijd
- Lutz Jacobi ontvangt eerste exemplaar van De Bosatlas van de Wadden
- Vliegbasis Leeuwarden neemt verantwoordelijkheid luchtruimbescherming over
- Pas op voor modder op de weg!
- Wat doet de stad met haar bewoners?
- Doarpstún Snakkerburen wint Groene Lintje
- Koninklijke Luchtmacht groet Admiraliteitsdagen met Flyby
- Weten bezoekers de weg te vinden naar jouw evenement?
- De Reuzen en de bereikbaarheid van het MCL
- Check, check, dubbel-check. Sneker Pan is er klaar voor….
- Droogte in Fryslân: maatregelen en tips
- Kracht van de mienskip: 10.000 gehaakte dekens in Tytsjerk!
- Busgebouw Dokkum energieneutraal
- Fries Johannes Ritsma winnaar van eerste NK Veiligste Chauffeur
- VVD: Wolf in schaapskleren
- Welvaart stijgt, maar ouderen zitten in de onderkleren achter de dode geraniums
- Gemeente Leeuwarden vindt oplossing voor het bestrijden van berenklauw
- Het straatje dat zijn gezicht verloor
- Lezing: De berging van de Lancaster
- Capaldi Kappers uit Leeuwarden genomineerd voor prestigieuze Coiffure Award 2018
- Leeuwarden door de ogen van kunstenaars
- MCL eerste volledig rookvrije ziekenhuis van Nederland



