It Noardfrysk en Liwwadders klinke mei in film en bier op Ynternasjonale Memmetaaldei
(tekst: persbericht)
It Noardfrysk en Liwwadders klinke mei in film en bier op Ynternasjonale Memmetaaldei
Sawol it Noardfrysk as it Liwwadders klinke op 21 febrewaris – de Ynternasjonale Memmetaaldei – yn Slieker Film, Ljouwert. Dy deis is de fertoaning fan de Noardfryske film Amrum mei in yntroduksje fan frisist Henk Wolf en oanslutend klinkt it startskot foar in taal- en keunstprojekt foar de promoasje fan it Liwwadders mei de presintaasje fan trije Liwwadder spesjaalbierkes fan Brouwerij Grutte Pier, dy’t ynspirearre binne op it boek Ik rúk al aardech naar de skep fan Ezra Efdé.
Mei Ynternasjonale Memmetaaldei op 21 febrewaris stean taaldiversiteit, memmetalen en meartaligens jierliks yn it sintsje. It is de tolfde kear dat it EBLT mei it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film op dy bysûndere dei films oer en mei taalminderheden presintearje.
Amrum
Op it ôfhandige Dútske waadeilân Amrum is yn de lêste wiken fan de oarloch yn april 1945 oan alles gebrek. De tolfjierrige Nanning moat as ‘man fan it hûs’ alles op alles sette om syn mem dy’t hast befalle sil, broerke, suske en syn muoike fan iten te foarsjen. Nettsjinsteande it lijen fielt it libben op it prachtige, winige eilân hast as in paradys. Mar as de frede lang om let oanbrekt, wrakselet Nanning mei de nazi-oertsjûgingen fan syn âlden, en de tsjinstanners op it eilân.
Amrum (reg. Fatih Akin) is in coming-of-age ferhaal dat bot yndruk makket. Aktrise Diane Kruger spilet yn de film dy’t ynspirearre is op de autobiografyske roman Amrum fan Hark Bohm.
It Noardfrysk is ien fan de Fryske talen en wurdt praat yn it noarden fan Dútslân, sawol op it fêstelân as op waadeilannen lykas Amrum. De film wurdt yntrodusearre troch Henk Wolf, taalkundige, frisist en hjoed-de-dei warber as wittenskiplik meiwurker foar it Sealterfrysk by de Oldenburgische Landschaft.
Liwwadder spesjaalbier en startpunt taal- en keunstprojekt
De lansearing fan dry ferskillende Liwwadder spesjaalbieren, brouwd in samenwerking met bierbrouwerij Grutte Pier, is ut startpunt fan un taal- en keunstprojekt foar de promoasy fan ut Liwwadders. Cambuur-trainer Henk de Jong, wethouwer Hein Kuiken en direkteur fan ut Historisch Centrum Leeuwarden (HCL) Meindert Seffinga, sille de earste eksemplaren in ontfangst nimme fan inisiatyfnimmer Ezra Efdé. De Liwwadder band Trio Ossekop, met Johan Juckers fan ut fòrmaleche Irish Stew, fersòrgt de múzyk, met Liwwadder klassikers (o.a. “Oudste stapper fan ’e stad”).
De namen fan ‘e spesjaalbieren binne baseard op spreekwoarden út ut yllustrearde spreekwoardeboek Ik rúk al aardech naar de skep (2024), fan un skrifke út 1998 waar oma Aartje Feikje (Attie) Efdé-van der Wal Liwwadder spreekwoarden en gesegden fastlêgde. Remco Efdé, yllustrator fan disse útgave, het nou oek de etiketten fan ‘e bieren ontworpen. Disse etiketten hewwe un QR-koade, dy’t by scannen een grôte gele knop opent waar mênsen hun eigen spreekwoarden in kenne senden op de website Liwwadder-spreekwoorden.nl. Disse website is in samenwerking met ut HCL en Cinnamon Interactive tot stand kommen.
De insendingen wurde metnomen in un projekt met Graffiti Platform Leeuwarden, waarbij ferskillende keunstenaars útnoadegd wurde om un spreekwoard te kieze en un eigen interpretaasy derfan te ferbeelde in muurskilderingen in ’e stad. Met dit projekt toane we de kreatife pòtênsy fan lokale taal, fertaald in un eigentidse fòrm.
Wês wolkom
Op sneon 21 febrewaris begjint om 15:00 oere it filmprogramma yn Slieker Film, Wilhelminaplein 92, Ljouwert. Filmkaarten binne by Slieker te krijen. Oanslutend is der yn de foyer om 17:00 de iepenbier tagonklike presintaasje fan de Liwwadder spesjaalbierkes.
Meer berichten
- 92 procent van leerkrachten maakt dagelijks tijd voor lezen in de klas
- Onder hoogspanning: het wankele warmtenet
- Duurste tankmaand ooit: een jaar benzine kost nu 1.550 euro, 321 euro meer dan vorig jaar
- Steeds meer singles betreden woningmarkt, starters doen lichte stap terug
- Nico Haasbroek: Managers delen de lakens uit in de journalistiek
- Helft van de ouderen voelt zich niet altijd veilig online
- Minder nieuwbouwwoningen verkocht in tweede kwartaal, meer bestaande woningen
- SLIM: Hoeveel gezinshuizen zijn momenteel binnen Friesland actief?
- LTO: Woningnood raakt ook de voedselproductie
- Klein coronanieuws en andere zaken – Architect Sijtsma schrikt van vernieuwde Harmonie – In Londen leest men Klaas Kasma – Fietsburgemeester kan meteen aan de slag – Willem Beintema daagt LC voor de rechter – Olievrouw gemeente Martine Wierdsma met pensioen
- The Dark Economy: How Dirty Money Shapes the World – With Oliver Bullough and Thomas Bollen
- Hogere wegenbelasting zet camper vaker stil
- Iedereen een prijs – De Lutz Jacobi-speld gaat dit jaar naar Lutz Jacobi
- Rijden zonder rijbewijs komt veel vaker voor dan gedacht: bijna 6 op 10 jongeren doen dit
- Friese Bibob-ambtenaren weten nog lang niet hoe ze fraude moeten aanpakken
- Inflatie in september 3,4 procent bij snelle raming
- Na jaren kan er weer getreind worden tussen Groningen en Leer – Alles Klar!
- Nationale Wecycleweek: lever je oude apparaat in en krijg een Wecycle ganzenbordspel cadeau!
- Opkomst van granfluencers laat zien dat online succes geen leeftijd kent
- Fries vakmanschap en duurzaamheid verenigen zich in De Harmonie
- Stella van Gent overleden – Jan van der Baan overleden
- Cultuurfonds geeft 123.500 euro aan 16 betekenisvolle projecten in Friesland
- Werkgevers zien duidelijke voordelen in doorwerken na AOW-leeftijd
- Meeste jarigen op 30 september
- Juli is de drukste maand voor fietsdiefstallen – Sterke stijging fietsendiefstal in studentensteden
- Voorbij de ironie: op zoek naar oprechtheid in Eindeloos vertier (De Balie)
- Leeuwarden zoekt een Fietsburgemeester
- Komende jaarwisseling geen ontheffing voor georganiseerd afsteken vuurwerk
- Ook persoonlijke lening wordt duurder
- Forse prijsverschillen tussen Friese tankstations: tot 43 cent per liter
- Waarom meer overleg leidt tot minder besluitvaardigheid
- Een graf verlengen in Friesland? Dit kost ruim € 1.000 voor tien jaar
- 50.993 handtekeningen voor de Wadden aangeboden in Leeuwarden en Den Haag
- Ruim 850 duizend woningen verduurzaamd in vijf jaar
- 45 woningen die geen woning meer mogen heten
- Hoe gaat het met de regionale pers? Is er nog ruimte voor verdiepende kritiek?
- Europese hitte kost €113 miljard, Nederland in top 5 en verliest €9,2 miljard
- Amsterdam populairste bestemming jongeren die uit huis gaan
- 225.000 huishoudens krijgen brief dat ze mogelijk nog recht hebben op zorgtoeslag uit 2025
- Drie Friese mbo-talenten winnen Medal for Excellence op WK beroepen in Shanghai




