Natuerdeputearre Johannes Kramer: Wat wol in jonge pyk sjen at er út it aai brekt?
PARSEBERJOCHT
Nûmer: 077/RK Datum: 15 april 2014
Nije rjochting foar Fryslân greidefûgellân
In nije Greidefûgelnotysje is goedkard troch Deputearre Steaten. Yn dizze notysje stiet it belied beskreaun foar ús greidefûgellân oantenmei 2020. Doel fan de notysje is om yn 2020 minimaal 10.000 skriezebriedpearen yn Fryslân te hawwen. Om dit te berikken is in koerswiziging nedich. Dit begjint mei it oanwizen fan greidefûgel-kânsgebieten. Yn de simmer beslute Provinsjale Steaten oer de notysje.
Genôch fûgeltsjelân Natuerdeputearre Johannes Kramer: “Wat wol in jonge pyk sjen at er út it aai brekt? In lânskip dat foldwaande dekking en fretten jout: in krûderike greide dus. Genôch ‘fûgeltsjelân’, dêr wol ik my hurd foar meitsje.” Doe’t de provinsjes yn septimber 2013 it Natuerpakt mei it Ryk sletten, binne de provinsjes folslein ferantwurdlik wurden foar greidefûgelbehear. Sawol binnen as bûten de ekologyske haadstruktuer (EHS).
Fan kânsgebiet nei kearngebiet Om de greidefûgels mear kânsen te jaan yn Fryslân binne der greidefûgelkânsgebieten oanwiisd. De provinsje en de partners fan it Olterterp-oerlis* ha dit mei-inoar dien. Kânsgebieten binne romme kânsrike ‘sykgebieten’ wêr’t fanôf 2016 troch gebietskollektiven** greidefûgel-kearngebieten oanwiisd wurde. De kearngebieten dy’t foarme wurde binne stikken lân dy’t optimaal ôfstimd binne op de ‘steltrinners’. Totaal giet it om 40.000 bunder kearngebieten.
Predaasje en romtelike ûntwikkelings Neist de kâns- en kearngebieten spilet predaasje in wichtige rol. Binnen de wetlike kaders wolle de partners harren maksimaal ynsette op it hinderjen fan predatoren (rôfbisten dy’t in fijân foarmje). In foarbyld hjirfan is in iepen lânskip kreëarje sadat rôfbisten minder dekking ha troch heech gers. Ek is de romtlike ôfwaging in wichtich part fan de notysje. Romtlike ûntwikkelings dy’t de rêst en iepenheid foar greidefûgels oantaaste, binne net tastien yn kâns- en kearngebieten (agraryske ûntwikkelings útsein).
Foarljochting en ûndersyk Om boeren en neisoargers fan de takomst entûsjast te meitsjen foar greidefûgelbehear, wurdt der ynsetten op foarljochting. De provinsje stribbet der bygelyks nei dat it lânlike greidefûgelkennissintrum yn Fryslân húsfeste wurdt. Hjir komme ûnderwiis, ûndersyk en kennis by inoar. In mooglikheid is dat it sintrum ûnderdiel wurdt fan de Dairy Campus. Dêrneist is it wichtich om ûntjouwings binnen de greidefûgelstân goed yn ‘e gaten te hâlden. Monitoaring is dêrom nedich. Sa wurde der bygelyks elts jier sifers fan de fûgelstân presintearre.
Finânsjes Fanút it Ryk wurdt der foar it greidefûgelbehear 11,1 miljoen euro per jier beskikber steld. Fanút de provinsje is dit 1,2 miljoen euro oant en mei 2017. At boeren harren ynsette foar de fûgels, krije se dêr fansels in fergoeding foar. Boeren sille hjirmei net hielendal út ‘e kosten wêze, dêrom freget de provinsje ek om in stikje ‘goodwil’ fan de boeren. Derneist moatte boeren sels sjen nei fertsjinmodellen, sa as it produsearjen fan ‘greidefûgelmolke’.
*It Olterterp-oerlis bestiet út: de provinsje Fryslân, BoerEnNatuur, LTO, Bond van de Friese Vogelwachten, Wetterskip Fryslân, Natuurmonumenten, Staatsbosbeheer, It Fryske Gea, Koninklijke Nederlandse Jagers Vereniging, Friese Milieu Federatie en de Dairy Campus.
** In gebietskollektyf is in gearwurkingsferbân fan boeren, natuerbehearders, frijwillige greidefûgelbeskermers en oare maatskiplike belutsen partijen. Dit kollektyf is rjochte op op it behear en de ynrjochting fan in greidefûgelkearngebiet.
Meer berichten
- Mini-expositie De vogels van Heerkens in het Historisch Centrum Leeuwarden
- Realisatie treinstation Leeuwarden Werpsterhoeke stap dichterbij
- Waarom waarschuwt niemand burgemeester Crone?
- Jan de Boer: Links Leeuwarden sloot ogen voor wooncriminaliteit
- Japanse duizendknoop verwijderen uit uw tuin? Doe hem in de grijze container!
- Eerste FungiFarm in Leeuwarder gemeentehuis
- Dammen groter dan schaken volgens kunstgeschiedenis
- Video – Historicus Loes in natuurgebied de Alde Feanen
- Gedragscode voor dronevliegers in het waddengebied
- Wetterskip blijft de polderdijken controleren
- O, o, o, wat moet Liwwadders toch vaak hard lachen om de gemeente Leeuwarden
- Nieuwe kans voor Sjoerd Bootsma c.s.
- Wat is de mooiste boom van 2019?
- Herbevolking ruim driekwart miljoen jonge palingen
- F-16 wapeninstructeursopleiding van start op vliegbasis Leeuwarden
- Inschrijving Jonge Ondernemingsprijs van het Noorden is geopend
- Aantal Koninklijke Onderscheidingen stabiel
- Het gaat slecht met stadsvogels
- Wintertijd = inbraaktijd
- Lutz Jacobi ontvangt eerste exemplaar van De Bosatlas van de Wadden
- Vliegbasis Leeuwarden neemt verantwoordelijkheid luchtruimbescherming over
- Pas op voor modder op de weg!
- Wat doet de stad met haar bewoners?
- Doarpstún Snakkerburen wint Groene Lintje
- Koninklijke Luchtmacht groet Admiraliteitsdagen met Flyby
- Weten bezoekers de weg te vinden naar jouw evenement?
- De Reuzen en de bereikbaarheid van het MCL
- Check, check, dubbel-check. Sneker Pan is er klaar voor….
- Droogte in Fryslân: maatregelen en tips
- Kracht van de mienskip: 10.000 gehaakte dekens in Tytsjerk!
- Busgebouw Dokkum energieneutraal
- Fries Johannes Ritsma winnaar van eerste NK Veiligste Chauffeur
- VVD: Wolf in schaapskleren
- Welvaart stijgt, maar ouderen zitten in de onderkleren achter de dode geraniums
- Gemeente Leeuwarden vindt oplossing voor het bestrijden van berenklauw
- Het straatje dat zijn gezicht verloor
- Lezing: De berging van de Lancaster
- Capaldi Kappers uit Leeuwarden genomineerd voor prestigieuze Coiffure Award 2018
- Leeuwarden door de ogen van kunstenaars
- MCL eerste volledig rookvrije ziekenhuis van Nederland



