Reduzum pleit voor stevig Leeuwarder dorpsbeleid
(tekst: Doarpsbelang Reduzum)
Sekretariaat:
A. Vermeulen
De Terp 4
9008 RD Reduzum
Reduzum, 07 april 2013
Punten foar de ferkiezingsprogramma„s fan de gemeente Ljouwert neffens Doarpsbelang Reduzum.
It wichtichst is dat der in goed doarpenbelied oerein bliuwt. Dat hâldt yn dat:
Der in Doarpenkoördinator wêze moat, dy‟t berikber is en ek yntern foech hat. Dizze hat geregeld oerlis mei Doarpsbelang.
Der in rjochtstreeks kontakt wêze moat tusken de útfierders (gemeentewurken) en ús meldpunt. Dat meldpunt jout oan wat fuort dien wurde moat (gat yn de dyk) en wat op in sammellist moat. (herstraten, snoeien ensfh.)
Der jild is foar de organisaasje fan it Doarpsbelang en foar lytse winsken.
Der in “groslist” komt fan grutte winsken, dy ‟t oanjout wannear welk doarp oan bar is.
De gemeente goed berjocht jout nei de ynwenners.
Ien en oar is dus sa as it no regele is yn Ljouwert. Dat moat net minder wurde. Net kwa kontakten, net kwa finansjen.
Der komt in keunstgersfjild yn Reduzum. Soks om kuorbal op topnivo mooglik te hâlden yn Reduzum. Sûnder kuorbal kinne we de kantine en it fjild net yn stân hâlde. Der is jild beskikber fanút de gemeente Boarnsterhim.
Der moat omtinken komme foar it almar grutter wurdende lânbou- ferkear. It past net op de faaks midsieuwske dykjes, dy ‟t hjir noch lizze, (Friens, Eagum) mar it past ek net yn de âlde doarpskearnen. Boppedat hat it folk op dat ark altyd haast. It is in oandachtspunt dat we alris earder oanjûn ha by it bestimmingsplan bûtengebied.
By de ferkearsproblematyk heart moai wis de sitewaasje op Tsienzerbuorren. It is dêr gjin wenjen foar de minsken oan de noardkant fan de N354. En ek foar it ôfslaand ferkear is der gjin romte. Eins soene de nûmers 2, 4, 6 en 8 ôfbrutsen wurde moatte en nû 10 moat oansluten wurde op it dykje nei 12 en 14. Dit ha we by de provinsje oanjûn (provinsjale wei) mar faaks kin it ek yn jimme programma opnaam wurde.
We soene minlike graach wolle dat de 60-km sône Reduzum/Wytgaard offisjeel waard en ek dy fan Reduzumkom nei de tunnel yn de RW 32.
De wentebou yn ús doarp sit op slot. Elkien soe renofearje, slope en nijbouwe. Soks yn it kader fan in konfenant, dat Elkien mei Boarnsterhim sluten hat. Elkien hat dat no opsein, om ‟t se troch de hierbelesting fan dit regear gjin jild hawwe soene. Mar yn it echt is it fansels in machtstriid, dy ‟t oer de rêch fan de (lytse) doarpen útfochten wurdt. Allinnich yn Reduzum al hat Elkien safolle hierhuzen ferkocht, huzen dy ‟t ôfskreaun wiene, dat men derfan allinnich al dy tolwe húskes hjir bouwe kinne soe.
Fierders leit hjir noch altyd in bouterrein mei in gebou derop dat net mear brûkt wurdt. “De Greidhôf.” Dit leit al in jier as 7 rinteleas en kostet dus de mienskip jild. Alle besykjen om it yn hannen te krijen as doarp binne oant no ta ôfketst op de hege freechpriis fan Talant, want fan dy is dizze eartiidse dei-opfang foar handikapte minsken. Ferline jier is der yn goed oerlis tusken doarp, Talant, Woonplan Ljouwert en de gemeente yn oparbeidzjen mei buro Fijn in konsept bouplan makke foar 16 wenienheden (6x twa-ûnder-ien-kap en 4 apparteminten). No blykt Woonplan faillyt te wêzen. We ergerje ús al jierren oan it oansjen en it fergriemen fan mienskipsjild. Wylst mei in bytsje goede wil it doarp itsels wol oplosse kind hie.
We soene wol wat omtinken ha wolle foar de fuotpaden rûnom ús doarp. We ha yn eigen behear in skelpepaad oanlein bylâns it âld Swin. We wolle dit graach yn ûnderhâld jaan by de gemeente. Foar in rinpaad by Idaerd om (leit der al) soe der in trep komme moatte by it fiadukt yn de RW 32 by Idaerd. Fierders soene we graach in rinpaad ha fan Reduzum nei Wytgaard. Yn syn algemienens soe der omtinken wêze moatte foar de lytse rekreaasje.
Dêrby heart ek it swimplak dat we foar de bern makke ha op it Swinlân, om swimmen yn it farwetter foar te kommen. Dat soe in bytsje in oar plak ha moatte om dat it no eins yn de nije haven leit. In ferbining tusken de boarterstún op it Swinlân en it swimplak soe it bêste wêze.
De nije haven kinne wy net ûnderhâlde. Ek hjir moat in oplossing komme. Wy kinne him wol yn ferhier jaan (dogge we no al fia ús Havenstichting, soks yn oerlis mei Boarnsterhim). We kinne bgl. de wâlbeskoeiing net ûnderhâlde, de opbringst is te min.
Al dizze punten kinne beflapt wurde ûnder lytse rekreative foarsjennings en der is faaks ek noch wol mear mooglik. Dat soe wol in programmapunt wêze kinne. Lokkich wurdt no nei jierren wachtsjen wol it Swettepaad trochlutsen nei Snits.
Fan grut belang foar ús is it behâld fan ús doarpsmûne. Dizze stiet der no krapoan 20 jier en hy hat yn dy jierren in protte bydroegen oan de duorsumens yn de fjouwer doarpen (Reduzum, Friens, Idaerd, Eagum). Soks yn de foarm fan griene stroom, mar ek yn bydragen oan sinne-panielen, warmtepompen, ledferljochting, ferwarming en ferljochting fan doarpshuzen, kantine ensfh. Wy wolle dat de mooglikheid bestean sil om dizze mûne ek yn de takomst yn oanpaste (upgrading) foarm te hanthavenjen. Wa binne foar deugdlik “Doarpsmûnebelied”.
We ha in goedrinnende trije-talige skoalle op dit doarp. Wy wolle dy hâlde. Wy binne net yn foar grappen mei ús skoalle. Mei gjin inkele.
In lêste wichtige punt is de organisaasje fan de WMO. Yn Boarnsterhim is der mei stipers en meitinkers in goed rinnende organisaasje fan makke. Ús Doarpsbelang hat der mei syn Wolwêzensgroep ek op ynspile. It wurket goed. Hâld dat sa!
Gearfetsjend giet it dus om:
Organisaasje doarsbehear In gruttere gemeente freget om in slachfeardich doarpsbelang.
Keunstgersfjild. Behâld sportmooglikheden.
Ferkearsproblematyk. Modern ferkear. 60-km.
Wentebou. Oanpassen wentebestân. Behoefte neffens ús wenteplan 30 huzen oant 2020.
Lytse rekreaasje.
Behâld doarpsmûne. Ferfanging mûne troch modernere.
Behâld skoalle.
Organisaasje WMO sa as yn Boarnsterhim.
Fansels binne der ek noch in tal lytsere punten. Mar dizze sil yn goed doarpsbehear grif op in goede wize oplost en ynfold wurde.
Mei tank. Doarpsbelang Reduzum.
( dit briif giet ek yn ôfskrift nei de oare partijen yn Ljouwert en nei de doarpsköordinator)

Meer berichten
- Anna Olteanu zoekt een stageplek – Interieurstudio, stoffering en restauratie
- Blijft gemeente pappen en nathouden rond vliegbasis Leeuwarden? Geert Verf in de aanval over beteugeling rechten burger
- Monnikenwerk. Monnik voor een avond in de Grote Kerk
- Anouk Nammensma: hoe doe je meer ervaring op als je niet de kans krijgt om die ervaring verder uit te breiden?
- Pas als ik ze achterna roep: bedankt voor jullie bezoek, reageren ze.
- Nieuw vast energiecontract 43% duurder; gezin met zonnepanelen betaalt 90 euro per maand extra
- Ruim 2 miljoen flitsboetes in 8 maanden – 39 procent meer boetes voor door rood rijden
- Werkzaamheden Nieuwestad en Ruiterskwartier van start
- Onderzoek hogescholen over politie: Online aanpakken of doormodderen – Politieagent wacht op leiderschap
- Prijsstijging bestaande koopwoningen in Friesland het grootst
- Prijsstijging koopwoningen vlakt in september verder af
- Bijna kwart meer gebruik Wmo dan in 2017, vooral door 75- tot 85-jarigen
- Buster Keaton in boekenpassage De Rode Loper
- Ook de wetenschap moet erkennen: PVV-stemmers zijn met reden boos
- Minder stadionverboden en drie definitief gestaakte wedstrijden
- Jazzkwartet The Jazz Operators in de oude Kanselarij
- De Gjalp bringt sân dichters op it poadium fan twa festivals
- Waar is het parkeren duur en waar goedkoop?
- Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
- 10 Betaalbare studentendiners onder 3 euro in Leeuwarden
- We drinken weer minder bier – Aantal brouwerijen gedaald
- Vijf jaar legaal online gokken: wat de nieuwe vergunningsronde spelers oplevert
- Jongeren die deels opgroeiden in een huishouden met bijstand hebben minder vaak werk
- Duitse investeringsgolf biedt Nederlandse bedrijven volop kansen
- Opkoopbescherming: in Groningen tot 430.000 euro, in Leeuwarden tot 260.000 euro
- Slaap is belangrijk, maar slechts een derde slaapt goed
- Brigitte van den Berg komt op voor praktisch opgeleiden
- Blijf af van de bewonersfondsen
- Een gesprek kost een kwartier. Een advocaat kost geld
- Expositie Veerkracht in galerie ArtBrut 058 in de Boerhavestraat
- Tina in Sexbierum wint Prix Europa Iris
- Maar zo graag wil hij de Friese taal toch ook niet leren dat hij ook nog een Fries boek koopt
- Forum: Wat is Defensie daadwerkelijk van plan met de nachtvluchten en het proefdraaien van motoren?
- FNP stelt vragen over gebrekkige bestrating in Blitsaerd Oost
- Er gebeuren bijna nooit ongelukken, zegt wethouder Stellingwerf over het kruispunt Wirdumerdijk, Zaailand en Nieuweweg
- Aantal werklozen neemt toe – 408 duizend werklozen in september
- Het werk verandert, ziet het UWV – Minder mensen, meer machines
- Lieke Marsman: DPG, you may be rich, maar je bent failliet
- FNP wil bescherming Hounspolder voorop na uitspraak Raad van State over De Hem (ook PvdD wil dit)
- Mona Keijzer wil een eigen partij beginnen en ik denk met haar mee (Chris Aalberts)



