Nij struibrief oer de ‘Opstalsbeam’, in Fryske myte en in symboal fan de Fryske frijheid
Parseberjocht
Nij struibrief oer de ‘Opstalsbeam’, in Fryske myte en in symboal fan de Fryske frijheid
Yn Rahe, by Auwerk/Auerk (Aurich) yn East-Fryslân, leit al sûnt iuwen de Opstalsbeam, oarspronklik in grêfhichte fan in foarname famylje út de lette 8ste iuw. Dy Opstalsbeam hat in grutte histoaryske en symboalyske betsjutting foar alle Friezen. Yn 1833 is it monumint fan hjoed-de-dei yn de foarm fan in piramide opmitsele mei balstiennen. Feitliken moat dit plak sjoen wurde as symboal fan de Fryske frijheid. Mei it wurd ‘Opstalsbeam’ wurdt fan âlds in peal of slachboom fan in ôffrede stik lân bedoeld. Yn ingere sin giet it om in mienskiplik brûkt stik greidlân.
De Fryske frijheid wurdt noch altiten sjoen as in wol hiel bysûnder skaaimerk fan (benammen) East-Fryslân. Yn de Midsiuwen hat him dêr in maatskippijfoarm ûntwikkele dy’t ôfwiek fan it doe feodale Europa. Der wie sprake fan in bûn fan frije lânsgemeenten út de Fryske kuststreek. Fertsjintwurdigers fan de lânsgemeenten, dy’t frij keazen waarden, kamen yn de regel op ’e tiisdei nei Pinkster (letter waard dat ‘Âlde Maaie’) by de Opstalsbeam gear om op te kommen foar frijheid en rjocht foar alle Friezen.
Nei’t de betinking in skoft yn ûnbrûk rekke wie, hat it ‘Friesisches Forum’ dy ta nij libben brocht. Alle jierren op de ‘tredde pinksterdei’ komme der Friezen út alle wynstreken nei it monumint. Der wurde taspraken holden, somtiden ek fan ús eigen Fryske bestjoerders, der binne optredens fan bern, der is muzyk, ensfh. Nei ôfrin is der in gesellige gearsit.
De ‘Ostfriesische Landschaft’ hat it monumint yn behear en mei it gemeentebestjoer fan Aurich binne se fan doel om it gebiet om it monumint hinne op te wurdearjen. Ien fan dy aktiviteiten wie it meitsjen fan in struibrief yn it Heechdútsk, it Platdútsk en it Nederlânsk. Yn oerlis mei de provinsje Fryslân en de Fryske Rie is derfoar soarge dat dit struibrief no ek yn it Frysk printe is. Wy binne der wiis mei dat it slagge is en krij dat krekt foar de earstkommende jierlikse betinking op 26 maaie klear. Eltsenien is dan wolkom en it kostet neat. It struibrief fine jo taheakke.
Ynformaasje oer it dielnimmen oan de betinking op 26 maaie kin men krije by Anton van der Ploeg, skriuwer fan de Fryske Rie, tel.: 0512 371253
Foto: Jierlikse betinking by de Opstalsbeam, mei âld-Fryske muzyk
Meer berichten
- Hoe is het mogelijk dat de heer Jager een puur in paraplu’s gespecialiseerde winkel kon drijven aan de Kelders?
- Barbara Zantman: Toeristen zeggen tegen mij: hadden we maar zo’n winkel in onze stad
- Bij de lof der paling denkt U misschien aan paling met witlof, of aan paling in het groen, maar dat klopt niet
- Bob de Jong: Ik stond naast wereldartiesten te pissen
- ‘Wij waren wars van promotie van bestuurders’
- Wim Homan: jazz hoort in een kroeg
- Thijs Spijkervet en Henk Bakker – Ober, nog een berenburg
- Henk Bleeker: Ik ben niet geïnteresseerd in oude auto’s
- Het is stil op straat – Foto’s van Simon van der Woude
- Anne van Dijk (FNV): Samsom is een grapjurk – Ouderen worden beschouwd als leegvreters
- Al met al blijft Lok voor ons een monument in de Friese journalistiek
- Hans Noordstrand haalt vijf mannequins naar café De Ossekop
- ‘Meneer. U bent in overtreding!’
- Feest in de Passage de la Baleine (vanmiddag en vanavond)
- Rengerspark met lampionboom, pluimiep, trompetboom en doodsbeenderenboom
- 220 onderaannemers dupe van failliet Burggraaff
- Bewoners Wargea in actie tegen kap
- Jorna bijna 100 jaar aan de Westerplantage
- Passage de la Baleine
- Gebabbel over innovatie en broedplaatsen zet geen zoden aan de dijk
- Galerie De Vis verrast aan Zaailand
- Ketellapper: Gemeente had meer koopman moeten zijn
- Haring in de Oosterstraat krijgt een 9
- Dicht op de huid – de schenking van Willem van Zoetendaal
- Een hek aan de ene kant en een bult modder aan de andere kant en enkele handhavers achter een boom in het midden
- UPDATE André Busse: Ook scootmobielen moeten omrijden
- Soep met inhoud van Martha’s Krioyo
- Antilliaanse kippensoep van Martha’s Krioyo
- UPDATE Waar Is Rob Lijzenga als we hem nodig hebben?
- Rob Lijzenga – Beste Binnenstad – moet terug van vakantie
- Een zomeravondgesprek in hotel ‘t Anker waar de PvdA vraagt: Wat mankeert ons?
- Mercuriusfontein
- Leeuwarder horecaman Harry Vastert – Onder de Luifel – overleden
- Vrouw gewond op Pieter Stuyvesantweg
- Stadsblad Liwwadders: Proef het horecanummer
- Eindelijk een lintje voor Katrinus Stormer
- Wilfred Genee: Voetbalwereld mist zelfspot
- Gianni Sulcis: Hier in Nederland mag iedereen een Italiaans restaurant openen. Hoe kan dat?
- Nieuwste nummer Stadsblad Liwwadders: Horeca special
- Leerlingen Trianova druk in de weer met hun tuin



