FNP wil na verkiezingen in Boarnsterhim slechts twee wethouders (tekst: FNP Boarnsterhim)
FNP: Boarnsterhim mei twa wethâlders fierder
Grou –De FNP yn Boarnsterhim is fan miening dat de gemeente nei de ferkiezings mei twa wethâlders fierder moat. Dat benammen fanwegen finansjele reden. De gemeente moat miljoenen euro’s besunigje, en dan kin it net sa wêze dat it Kolleezje yn in earmlestige gemeente royaal op 4 Kolleezjeleden sitten bliuwt. Boppedat is de FNP fan miening dat twa wethâlders, in boargemaster mei in soad ûnderfining en dêrneist de amtlike tsjinst fan 140 minsken de gemeente goed oanstjoere kinne moatte.
Mocht de takomstige gemeenteried der wol foar kieze mei 3 wethâlders fierder te wollen, dan fynt de FNP dat der op basis fan 2 fte’s wurke wurde moat en de wethâlders bygelyks elk foar 0,7 fte op ‘e leanlist komme. Sa komme jo dan op 2,1 fte út en sitte je ek ticht by twa wethâlders fulltime. Dat de FNP twa wethâlders wol hat foar de goede oarder neat te krijen mei de kwaliteiten fan de hjoeddeistige Kolleezjeleden. It giet der om dat it wol hiel lúks is om mei 3 wethâlders fierder te gean as der € 1,0 miljoen besparre wurde moat op maatskiplike foarsjennings.
Datum: Zaterdag, 6 Februari 2010 |