Sybren Posthumus roept Tirolers op tot uitschrijven referendum Ljouwert, 22 novimber 2009
(tekst: persbericht)
FNP-er yn Bozen/Bolzano: referindum oer takomst Súd Tirol
Bozen/Bolzano – Juster (21 novimber) hat FNP-er Sybren Posthumus út Reduzum de minsken út Süd-Tirol oproppen om in referindum út te skriuwen oer har politike takomst. In soad Súd-Tirolers binne net tefreden oer de aktuele politike situaasje ûnder ‘Berlusconi’ yn Itaalje. Se fiele har kultureel en taalkundich ûnderdrukt en hawwe te lijen fan de minne ekonomyske polityk fan Itaalje. Se wolle ta op selsbeskikking sadat se dan bepale kinne hokker kant it út moat mei har gebiet. Der binne op it stuit in soad folken yn Europa dy’t in referindum wolle oer de takomst fan har regio, lykas Kataloanje, Wales en Skotlân.
Posthumus hie as bestjoerslid fan de Europarlemintspartij EFA (www.e-f-a.org) in útnoeging krigen om yn Súd-Tirol in byienkomst ta te sprekken fan de politike partij 'Süd-Tiroler Freiheit'. Ut namme fan de EFA, de Europarlemintspartij dêr't de FNP ek by oansluten is, hat er dêr it wurd fierd yn in plak flakby Bozen/Bolzano. Süd Tirol leit oan de súdkant fan de Alpen yn Itaalje. It is in trijetalige (Dútsk, Ladinisch en Italjaansk) regio dy’t yn 1918 tsjin de wil fan de befolking by Itaalje kommen is.
Op de webside fan de partij, http://www.suedtiroler-freiheit.com/, stiet mear oer de ‘Landesversammlung’ dêr’t Posthumus west hat (mei foto’s). Yn in opname fan de Súd-Tiroler televyzjestjoerder RAI, dy’t op YouTube stiet, toant Posthumus him skokt en fernuvere oer de fassistyske relikten en ‘oerwinningsmonuminten’ dy’t hjoeddeidei noch altyd yn Bozen steane. ‘Dat sjogge jo nergens oars yn Europa’, sa stelt Posthumus.
Datum: Maandag, 23 November 2009 |