START   AANMELDEN   ARCHIEF   BEDRIJVEN   AANBIEDINGEN
Beleef Friesland
Uitgaanscentrum Fire Palace Leeuwarden
 
Turks restaurant Saray
 
Hotel Duhoux Wirdum
 
 
 
van Buren - Eden Oranje Hotel Leeuwarden
 
Tresoar
 
Cover foto Stadsblad Liwwadders 102
 Link van de week: Haniakunstenaars
Liwwadder Nieuws
Johannes Kramer: verbod Fries in Post Plaza herinnert aan Franco
 
(tekst: weblog Johannes Kramer, voorzitter FNP statenfractie)

Frysk by Marktplaats en Post Plaza

Plak foar it Frysk by Markplaats en Post Plaza

Woe earst Marktplaats al gjin Frysk mear hawwe. No wol ek in Hotel yn Ljouwert it Frysk keare. Sa geane wy dochs net mear om mei ús Twadde Rykstaal, dochs?

Wat Marktplaats oanbelanget is harren flintertinne argumint dat men net goed kontroleare kin wat der skreaun wurdt yn it Frysk. Dat is fansels absolute flauwekul. Lit ús earlik wêze, yn de praktyk blykt dat ek net Friezen it Frysk aardich folgje kinne. En by de Marktplaats meiwurkers sit fêst wol immen dy't it Frysk - by benadering - lêze kin. Oars binne der ek noch altyd wurdboeken. En boppedat, om hoefolle advertinsjes soe it gean op jierbasis? Frysk op Marktplaats is dus feitlik gjin probleem en dat Marktplaats der al in probleem fan makket seit wat oer har ûnbegryp en leechachtsjende hâlding foar Frysktalige minsken oer. Ik hoop dat de Ried fan de Fryske Beweging syn foarnimmen om hjir in proefproses oer te begjinnen trochset. Us Pytsje hat ûnderwilens der al in moai skoft in Frysktalige advertinsje op stean en okkerdeis frege Marktplaats har oft se him ek ferlinge woe! Marktplaats is net inkeld dom, mar ek inkonsekwint.

Lit Marktplaats dan in non-probleem opblaast hawwe, Hotel Post Plaza yn Ljouwert is fan in oar kaliber. Dêr wol men it Frysk tusken it personiel ferbiede. Dat raast oan de protters. Jo eigen taal prate kinne is in minskerjocht. Dat docht jin tinken oan de tiiden fan Franco, dy't it Baskysk en it Katalaansk net hearre woe, en Saddam Hoessein dy't gjin Koerdysk oan de earen ferneare koe. Mar dôchs net yn ús eigen Haadstêd, yn 2009?

De gasten meie gjin Frysk hearre hat it management ferordinearre. Tink der om, it giet hjir net om de hurdkûter dy't as personielslid dôfhûdich Frysk trochpraten bliuwt tsjin in Amerikaanske of Spaanske toerist (want dat docht nimmen), mar om in pear meiwurkers dy't menoander yn it foarbygean yn it Frysk efkes tasprekke. Mar as it argumint dat brûkt wurdt troch de eigner fan it Hotel konsekwint is, dan wurdt der ek gjin Nederlânsk mear praat as der Dútske, Arabyske of Sinees gasten by binne. Mar dat is net sa. De provinsje hat in foarbyldfunksje as it giet om it hoedzjen en noedzjen fan it Frysk yn it maatskiplik ferkear. De provinsje moat dus, sa lang as dizze ûnsinnige regel troch it management útdroegen wurdt, gjin kongressen of oernachtings mear yn dat Hotel of besibbe bedriuwen hâlde of boeke.

Tusken al dit negative nijs troch ek posityf nijs oer it Frysk. Lolke Folkertsma, ús AB lid fan it Wetterskip, hat foar inoar krigen dat it Wetterskip no ek snapt dat de Algemiene Wet Bestjoersrjocht ek foar harren fan tapassing is en dat alles wat yn it Frysk sein wurdt yn it Algemien Bestjoer ek sa opskreaun wurdt. Bravo Lolke!

 
Datum: Maandag, 16 Maart 2009
 
Meer Liwwadder Nieuws...
Verkopen motor- en snorfietsen stijgen - BMW en Piaggio favoriet
Meest actuele Schaatskalender en Wintersporten op website beleefFriesland.nl
Druifstreek, Tweebaksmarkt en Turfmarkt in de verse sneeuw (roadmovie)
Waarom zijn Koster en Van Haersma Buma vrijdag in de Wielenpolle?
Eindelijk: televisieaandacht voor de prijs van bier
Ondernemers teleurgesteld in voortgang provinciale digitale agenda
Princessehof koopt installatie Schwarm van Beate Reinheimer en Ulrike Rehm
D66: Is Leeuwarden klaar voor de Elfstedentocht?
Fietsersbond wil uniforme voorrangsregeling rotondes Leeuwarden
Longkanker bij vrouwen meer dan verdubbeld in 2020
Natuurijsbaan Bilgaard met verlichting en koek en zopie vrijdag open
Extra voorstelling Geraniums of Gladioalen van Rients Gratama
Teleurgestelde Wyb Feddema: geen ijsvloertje bij Oldehove
Coniferen houden politie in actie - vrouw door hond gebeten
VVD: hoeveel inwoners met een uitkering heeft Leeuwarden nu?
Woonaccent Makelaars maakt huis kopen inzichtelijk met video
ABP-pensioen voor ambtenaren met een half procent verlaagd
Verkoop trucks sterk gestegen toch geen optimisme in branche
Werkzaamheden Drachtsterplein in weekenden door vorst stilgelegd
VVD vindt het nu wel leuk geweest met Occupy in Lange Marktstraat
Ondanks crisis recordaantal internationale toeristen in Nederland
Van Ulzen (VVD): SKL zit als aasgier op vinkentouw om Parnas te plunderen
Rai: Autoverkopen januari 2012 dalen 5,8 procent
IJs erbij of eraf: hoe zit dat nou precies? AOC en FC zoeken het uit
Pilsner Urquell bij de Walrus; nu het carillon er nog bij
Roland Berger: Huismerken drukken merkartikelen uit de markt
Politie waarschuwt opnieuw voor phishing, digitale oplichting
Leukste winkel en winkelstraat zijn te vinden in Haarlem
Bisschop De Korte bij Voedselbank - sterke stijging in laatste maanden (video)
Nederlands-Duitse netwerkbijeenkomst cultuurverschillen
Cambuur
Foto: Simon van der Woude
Stadsblad Liwwadders
Regio Links

Advertenties
Bestel nu GRATIS mijn fryslân magazine
Het glossy magazine over Friesland
SP Leeuwarden
Word nu lid!
Alpicasa Vakantiewoningen
Noord Italië en Frankrijk
Heerlijk eten bij Turks restaurant Saray
geniet van de echte Turkse keuken
Notariskantoor mr. D.P. Postma
Duidelijk in uw belang
Weblogs
- Wrâldnijs út Fryslân
- Raymond Pel actieve Liwwadder
- Asing Walthaus journalist LC
- Gert-Jaap van Ulzen, VVD-raadslid
- Gijs van Hesteren, innovator Kabel Noord
- Wietse Elzinga, oud-raadslid D66
- Huub Mous, kunstkenner
- Marten Winters, Stadskunstenaar
- Wyb Feddema, raadslid VVD
- Gijs Jacobse, voorzitter NLP
- Ruud Prins, Expeditie SOS Kinderdorpen
- Karin en Ellen, Wreck this blog
- Lars Kuipers, Den Haag Direct
- Tjitske Bronkhorst, Fietsersbond Fryslân
- Willem Winters, socioloog
- Jan Kloosterman, voorzitter ANBO en oud-rechercheur
Regio Links
Klik hier voor ruim 1500 Regio Links...
Zoeken
 
Web www.liwwadders.nl
Nieuwsbrief
Agenda De Bres