Onderzoek naar overeenkomsten FNP en Schotse SNP (tekst: persbericht FNP)
ûndersyk nei oerienkomsten FNP en SNP Skotlân
In ûndersiker fan de universiteit fan Strathclyde(Government Department) docht ûndersyk nei de ferskillen en oerienkomsten tusken de FNP yn Fryslân en de partij dy't yn Skotlân sûnt koart yn it regear sit, de SNP (Scottish National Party). De ûndersiker, Arno van der Zwet, komt dêrta ynkoarten nei Fryslân ta. De ûnderwerpen dy't er foar de ferlikingsstúdzje ûndersykje sil binne: Europeeske yntegraasje, (mondiale) miljeubeweging en de multykulturele samenleving.
Hy sil prate mei ferskate bestjoersleden en politisy en op 29 augustus sil er jûns by de algemiene ledegearkomste fan de FNP wêze yn it Woudagemaal op 'e Lemmer (oer de Wetterskipsferkiezings). Van der Zwet is ree om op sneon 30 augustus yn Reduzum de parse te wurd te stean (15.00 oere, by Sybren Posthumus thús, Bangmastrjitte 25, 9008 TJ). Datum: Zondag, 24 Augustus 2008
|