START   AANMELDEN   ARCHIEF   BEDRIJVEN   AANBIEDINGEN
Vakantieverblijven op Ameland
C1000 Vonk - Aanbiedingen
 
Tjerk de Jong Fotografie
 
 
 
Eetlokaal & Wijnlokaal De Vrouwenpoort
 
Uitgaanscentrum Fire Palace Leeuwarden
 
Turks restaurant Saray
 
Cover foto Stadsblad Liwwadders 102
 Link van de week: Haniakunstenaars
Liwwadder Nieuws
FNP: gemeente laat gemeentelijke panden versloeren
 
(tekst: Sybren Posthumus, raadslid FNP)

-- parseberjocht --

Hjoed (31 jannewaris 2005) hat de FNP-fraksje yn de Ljouwerter gemeenterie skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders. De fragen, mei ynlieding/taljochting, steane hjirûnder.

Foar mear ynformaasje kin kontakt opnommen wurde mei:

Sybren Posthumus,
riedslid FNP
sposthumus@leeuwarden.nl
058 - 2884700


Fraksje Ljouwert


Oan it Kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert

Ljouwert, 31 jannewaris 2005

Oangeande: fragen yn it ramt fan kêst 41, lid 1 fan it reglemint fan oarder oer it net ûnderhâlden en ynstoarten fan in pleats yn Wytgaard (púndyk 9, gemeentlik eigendom)

Rju achte Kolleezje,

It liket de lêste tiid der hieltyd mear op dat it kolleezje him net safolle gelegen lizze lit oan de fragen, opmerkings en inisjativen út de gemeenterie wei. Yn de gemeenterie sitte folksfertsjintwurdigers, dy’t sinjalen út de mienskip wei, fan de boargers nei it gemeentebestjoer, oerdrage. As it gemeentebestjoer dy sinjalen net opkriget, der neat mei docht of inisjativen tsjinwurket, komt dat de geloofsweardichheid fan de gemeente net te’n goede en fermindert it betrouwen fan de befolking yn de polityk. Dat kin fansels net de bedoeling wêze.

In skoftke lyn spile de saak fan it nimmen fan enerzjybesparjende maatregels yn it nij te bouwen swimbad ‘Kealledykje’ . De gemeenterie hie mei it each op it djoerder wurden fan de enerzjyprizen en yn ferbân mei it miljeu besletten dat der in bedrach fan € 500.000 beskikber steld wurde soe foar besparringsmaatregels dy’t harsels binnen 10 jier werom fertsjinje. It muoit ús tige dat it kolleezje gjin wurk makke hat fan dat beslút en sa de gemeenterie net serieus nommen hat. Sa binne der noch tal fan oare foarbylden oan te jaan.

De kwestje dy’t de FNP-fraksje no oankaartet giet oer de pleats Púndyk 9 te Wytgaard. Op basis fan opmerkings fan de befolking yn it doarp hawwe wy kontakt socht mei ferskate minsken en konstatearje moatten dat it kolleezje hjir tige sleau hannele hat. Al op 7 juny 2004 hat de FNP-fraksje yn de gemeenterie de situaasje fan it net goed ûnderhâlden fan de gemeentlike gebouwen yn it algemien en ûnder oare de Púndyk 9 Wytgaard yn it bysûnder oan de oarder steld:

“It positive resultaat t.o.f. de begrutting komt foar in grut part troch fertragingen mei de ynvestearringen en ûnderútputting kapitaallêsten. No klinkt dat op it earste gesicht wol aardich, mar wat binne de gefolgen? Der is ús in flink oantal gemeentlike gebouwen bekend, wêr swier achterstallich ûnderhâld is. Ik neam de Haniahof, dêr’t de Anders Actieven yn sitte, it pân fan de Blauwe Stoep, it pân oan de Púndyk yn Wytgaerd, gebouwen dy ferrinnewearre wurde en wêrfan bygelyks de bewenners fan Wytgaerd skande sprekke. En sa komme dochs letter de liken út de kast fansels”.

It antwurd fan it kolleezje wie delbêdzjend: der soenen gjin nije gefallen foar it ljocht komme as wat al bekend wie.

Ein novimber/begjin desimber is de pleats yn elkoar dondere en it is no ien grutte ruïne wurden. De bewenners fan Wytgaard binne fan betinken dat in tige byldbepalende pleats foar it doarp no troch de gemeente ferkwânsele is. Op basis fan de foto’s dy’t hjirûnder meistjoerd binne (mei tank oan de websites fan it Histoarysk sintrum Ljouwert) en troch dy sels te ferlykjen mei de situaasje fan no is de FNP-fraksje dat mei de bewenners iens. It is dêr no in desolate tastân wurden, dy’t krekt foar âld en nij troch sketten ôffrede is mei de trochgeande dyk om’t de situaasje libbensgefaarlik is troch fierder ynstoartingsgefaar.

Foar Wytgaard is in stik erfguon ferlern gongen, de pleats hie in soarte fan ‘emosjonele wearde’ foar it doarp. De gemeente set himsels hjir ek mei te kyk, want in pear jier lyn waard troch it Histoarysk sintrum Ljouwert noch in ekskurzje nei it doarp Wytgaard en syn pleatsen organisearre.

Ut neifraach hat ús bliken dien dat de pleats, ynklusyf it lân, sa’n 4 jier lyn troch de gemeente oankocht is foar sa’n 1 miljoen gûne (+/- € 450.000). It eksakte bedrach koenen wy lykwols net achterhelje. De doetiidske eigner en bewenner hat de pleats sa’n 2 jier lyn ferlitten en wennet no oan de oare kant. De pleats is yn frij goede steat ferkocht en achterlitten hawwe wy begrepen.

No is it fansels de fraach wat de gemeente krekt foar eagen hie mei de oankeap fan de pleats en wat sy der noch mei fan doel is. Wy hawwe fan omwenjenden begrepen dat op in part fan it lân wenningbou bedoeld wie, mar dat is fanwegen de ôfstân ta de pleats oan de oare kant fan de Púndyk net (mear) mooglik. Blykber is men tuskentiids al ta it besef kommen dat de oarspronklike plannen net mear te heljen wienen, want sa’n 2 jier lyn is it te keap oanbean. By ynskriuwing is der doe € 200.000 bean, mar dat wie de gemeente net genôch, € 220.000 wie de minimum ynset sa hawwe wy fernommen. De ferkeap is doe net trochgongen. Ekstra soer is it dat by de ferkeap doedestiids troch de gemeente betongen waard dat de pleats net sloopt wurde mocht en yn de âlde steat werombrocht wurde moast om’t it in karakteristyk gebou wie. It is ús in riedsel wêrom’t der nei it yn behear krijen fan de pleats troch de gemeente gjin, of yn alle gefallen amper ûnderhâld mear ferrjochte is. Neffens de buorlju waarden ôfwaaide dakpannen bygelyks net wer ferfongen en dêrtroch hie waar en wyn frij spul.

Wy hawwe dêrom de folgjende fragen.

1. Wêrom hat it kolleezje net fuortendaliks aksje ûndernommen nei de opmerking fan de FNP-fraksje yn de gemeenteriedsgearkomste fan 7 juny 2004? Bygelyks om neifraach te dwaan nei de situaasje mei de pleats Púndyk 9 te Wytgaard?

2. Yn de programmabegrutting 2005 stiet by ‘Vastgoedbeheer’: Het strategisch vastgoed verkeert in een goede onderhoudsstaat. Het niet-strategisch vastgoed wordt vermarkt. Indicator:Aantal panden dat bij actualisering onderhoudsplannen niet voldoet aan de norm (0). Is it gebou Púndyk 9 Wytgaard net-strategysk? En as dat sa is, wat is dan krekt de noarm foar ûnderhâld? Hoe rimet it kolleezje dy noarm mei it brek oan ûnderhâld oan de oanbelangjende pleats?

3. Neffens de programmabegrutting 2005 is der yn 2003-2004 troch Vastgoedbeheer in ynventarisaasje hâlden fan de normale ûnderhâldssituaasje/ de budzjettêre posysje en soe 2004/2005 in ynventarisaasje fan grut/achterstallich ûnderhâld plakfine mei de finansjele konsekwinsjes. Hoe is de oanbelangjende pleats der út kommen en watfoar konsekwinsjes hat it kolleezje dêr út lutsen?

4. Is it kolleezje ree om oan de gemeenterie de ferskate ynventarisaasjes ynkoarten foar te lizzen (kommisje B&M)?

5. Wat wie it doel om de pleats Púndyk 9 te Wytgaard en it lân dêromhinne doedestiids te keapjen en wat wol it kolleezje no noch mei it objekt?

6. Foar watfoar bedrach eksakt is it gehiel destiids oankocht en hoe is de merkwearde no, nei ferwachting?

7. Watfoar ûnderhâld hat de gemeente de lêste jierren noch oan de pleats ferrjochte? Wêrom is de pleats net wetter- en wynticht hâlden dat der gjin oantaasting oan de pleats komme soe?

8. Wêrom is it pân yn de tiid dat it yn behear wie net ferhierd?

9. Wat binne de kosten dy’t makke binne/wurde foar de stekken dy’t no om de pleats hinne stean (om it publyk op ôfstân te hâlden)?

10. Sil it kolleezje prikken yn it wurk stelle om fierdere oantaasting fan de pleats foar te kommen, ek om’t yn it foarein neffens hearren en sizzen asbest ferwurke is (as dat út elkoar giet, wurde de oprommings/sanearringskosten noch folle heger)?



Wy gean der fan út dat it kolleezje dizze fragen binnen de wenstige termyn fan 30 dagen skriftlik beäntwurdet.



Mei rju achtinge,



Sybren Posthumus

FNP-fraksje,

058 – 2884700

sposthumus@leeuwarden.nl

http://www.fnp-ljouwert.nl



 
Datum: Woensdag, 2 Februari 2005
 
Meer Liwwadder Nieuws...
Verkopen motor- en snorfietsen stijgen - BMW en Piaggio favoriet
Meest actuele Schaatskalender en Wintersporten op website beleefFriesland.nl
Druifstreek, Tweebaksmarkt en Turfmarkt in de verse sneeuw (roadmovie)
Waarom zijn Koster en Van Haersma Buma vrijdag in de Wielenpolle?
Eindelijk: televisieaandacht voor de prijs van bier
Ondernemers teleurgesteld in voortgang provinciale digitale agenda
Princessehof koopt installatie Schwarm van Beate Reinheimer en Ulrike Rehm
D66: Is Leeuwarden klaar voor de Elfstedentocht?
Fietsersbond wil uniforme voorrangsregeling rotondes Leeuwarden
Longkanker bij vrouwen meer dan verdubbeld in 2020
Natuurijsbaan Bilgaard met verlichting en koek en zopie vrijdag open
Extra voorstelling Geraniums of Gladioalen van Rients Gratama
Teleurgestelde Wyb Feddema: geen ijsvloertje bij Oldehove
Coniferen houden politie in actie - vrouw door hond gebeten
VVD: hoeveel inwoners met een uitkering heeft Leeuwarden nu?
Woonaccent Makelaars maakt huis kopen inzichtelijk met video
ABP-pensioen voor ambtenaren met een half procent verlaagd
Verkoop trucks sterk gestegen toch geen optimisme in branche
Werkzaamheden Drachtsterplein in weekenden door vorst stilgelegd
VVD vindt het nu wel leuk geweest met Occupy in Lange Marktstraat
Ondanks crisis recordaantal internationale toeristen in Nederland
Van Ulzen (VVD): SKL zit als aasgier op vinkentouw om Parnas te plunderen
Rai: Autoverkopen januari 2012 dalen 5,8 procent
IJs erbij of eraf: hoe zit dat nou precies? AOC en FC zoeken het uit
Pilsner Urquell bij de Walrus; nu het carillon er nog bij
Roland Berger: Huismerken drukken merkartikelen uit de markt
Politie waarschuwt opnieuw voor phishing, digitale oplichting
Leukste winkel en winkelstraat zijn te vinden in Haarlem
Bisschop De Korte bij Voedselbank - sterke stijging in laatste maanden (video)
Nederlands-Duitse netwerkbijeenkomst cultuurverschillen
Cambuur
Foto: Simon van der Woude
Stadsblad Liwwadders
Regio Links

Advertenties
Zalen Tivoli
Cafe - Restaurant - Zalencentrum
C1000 Vonk - Aanbiedigen
Eksterstraat Leeuwarden
Tjerk de Jong Fotografie
Jeannette de Groot
Xenosite, uw zakelijke internet provider
ADSL, SDSL, Back-up online en VPN
Eden Oranje Hotel
Héérlijk eten bij van Buren
Alpicasa Vakantiewoningen
Noord Italië en Frankrijk
Weblogs
- Wrâldnijs út Fryslân
- Raymond Pel actieve Liwwadder
- Asing Walthaus journalist LC
- Gert-Jaap van Ulzen, VVD-raadslid
- Gijs van Hesteren, innovator Kabel Noord
- Wietse Elzinga, oud-raadslid D66
- Huub Mous, kunstkenner
- Marten Winters, Stadskunstenaar
- Wyb Feddema, raadslid VVD
- Gijs Jacobse, voorzitter NLP
- Ruud Prins, Expeditie SOS Kinderdorpen
- Karin en Ellen, Wreck this blog
- Lars Kuipers, Den Haag Direct
- Tjitske Bronkhorst, Fietsersbond Fryslân
- Willem Winters, socioloog
- Jan Kloosterman, voorzitter ANBO en oud-rechercheur
Regio Links
Klik hier voor ruim 1500 Regio Links...
Zoeken
 
Web www.liwwadders.nl
Nieuwsbrief
Agenda De Bres