Museumdirecteuren Drenthe en Brabant op FNP-avond Zaailand (tekst: Fraksje Ljouwert) Parseberjocht
FNP Ljouwert organisearret temajûn oer súksesfolle musea.
Yn ferban mei de plannen foar it nije Frysk museum op it Saailân liket it de FNP-fraksje goed om nei te gean wat de ‘suksesfaktoaren’ binne foar in museum en wat Ljouwert dêrmei leare kin foar ús eigen Frysk museum. Dêrta hawwe wy in twatal museumdirekteuren frege in ynlieding te hâlden: Michel van Maarseveen fan it Drintsk museum en Jan van Laarhoven fan it Noordbrabants museum. Beide musea wurde rûnom eare om har goede eksposysjebelied, PR en mei dertroch hege besikersoantallen. It nijsgjirrige fan dy beide musea is dat se, lykas it Frysk museum no, yn histoaryske gebouwen yn de binnensted fan respektivelik Assen en Den Bosch sitte. It Drints museum is bygelyks yn in pear jier tiid groeid fan 54.000 yn 2002 nei 87.000 yn 2003 en mear as 100.000 yn 2004. De stelling dat jo foar in soad besikers perfoarst in nij gebou hawwe moatte is dus lang net yn alle gefallen fan tapassing.
Derom wol de fraksje graach fan beide hearen hearre hoe’t jo yn in histoarysk gebou nijsgjirrige eksposysjes hâlde kinne dy’t in soad besikers lûke. De iepenbiere temajûn is frij tagonklik.
De direkteur fan it Frysk museum (Cees van’t Veen), riedsleden fan de gemeente Ljouwert en steateleden binne ek noege om te kommen by dit debat.
De jûn wurdt hâlden yn it gebou fan Tryater, Eastersingel 70 te Ljouwert op 23 juny.
Tiid: fan 19.30 oant 21.30 oere (doar 19.00 oere iepen).
It programma fan de jûn:
- seal iepen:19.00 uur mei kofje en tee
- wolkom om 19.30 oere troch de FNP
- ynlieding Michel van Maarseveen, direkteur Drents museum
- ynlieding Jan van Laarhoven, direkteur Noordbrabants museum
- gelegenheid foar fragen en diskusje (20.30-21.30 oere)
Ein berjocht.
Datum: Donderdag, 23 Juni 2005
|