| [an error occured while processing this directive] |
|
 |
[an error occured while processing this directive] |
|
| |
FNP ongerust over verontreinigde grond wijk Zuiderburen |
|
(tekst: FNP)
-- parseberjocht --
Nei oanlieding fan in berjocht yn de LC fan 2 april stelt de FNP-fraksje yn de gemeenterie fan Ljouwert moarn fragen oer mooglike fersmoarging fan grûn yn de nije wyk Suderbuorren/Zuiderburen. De fragen steane hjirûnder en sprekke foar harsels.
Foar mear ynformaasje kin kintakt opnommen wurde mei: Sybren Posthumus, 058 - 2884700
Mûnlinge fragen oan it kolleezje (omfreegjen), kommisje stedsûntjouwing, 4 april 2005
Giet oer: smoarge grûn brûkt foar Vinex-wiken
Ynlieding:
Yn de Leeuwarder Courant fan 2 april 2005 stie in artikel dat smoarge grûn brûkt is foar de oanlis fan Vinex-wiken. Neffens Koninklijke BAM is der hast gjin inkelde Vinex-lokaasje dêr’t it net bart. Hanthaveners fan miljeutsjinsten soenen sein hawwe dat it tafoarsjoch op de kwaliteit fan grûn net safolle foarsteld. No is it fansels nijsgjirrich hoe’t de situaasje mei ús eigen Vinex-wyk Suderbuorren (Zuiderburen) yn Ljouwert is. In skoftke lyn hie de FNP ek al sinjalen krigen dat by de tafier fan grûn fan oare (binnenstêdlike) lokaasjes nei Suderbuorren ta de kontrôle fan dokuminten net wetterticht wie. Wy freegje ús dus ôf oft alle partijen grûn dy’t nei de wyk ferfierd binne wol oan de jildende easken foldogge. Benammen ek om’t der yn binnenstêdlike lokaasjes nochal wat plakken binne dêr’t swiere fersmoarging oanwêzich is.
Fragen:
Hoe is de kontrôle fan de oanfier en it brûken fan grûn foar it opheegjen yn de wyk Suderbuorren regele? Kin it kolleezje troch bygelyks de oanwêzichheid en it parafearen fan dokuminten der yn alle gefallen boarch foar stean dat gjin grûn nei de nije wyk Suderbuorren ferfierd en brûkt is dy’t net oan de jildende regels foldocht? As dat net it gefal is, wol it kolleezje de gemeenterie rapportearje hoe grut en watfoar risiko’s der binne? Kin der, as der gjin wissichheid is, gjin grûnmeunsters nommen wurde om ûnwissichheid by de befolking foar te kommen?
foar de FNP-fraksje:
Sybren Posthumus
T: 058 – 2884700
E: sposthumus@leeuwarden.nl
Y: www.fnp-ljouwert.nl
L: www.sybrenposthumus.com
|
|
| Datum: Maandag, 4 april 2005 |
|
|
|
|
|
| |
|
|
| |
|
|
| |
Voor vragen, opmerkingen en suggesties kunt u mailen naar: redactie@liwwadders.nl. |
|
| |
|
|
 |
| |
[an error occured while processing this directive] |
|
| |
|
|
| |
|
|
|
 |
| |
[an error occured while processing this directive] |
|
| |
|
|
|
|
[an error occured while processing this directive] |
|
|